2021 - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Iuwen
16
17
18
19
20
21
iuw
22
23
24
25
26
Jierren:
2016
2017
2018
2019
2020
2021
2022
2023
2024
2025
2026
Kalinders
Gregoriaanske kalinder
2021
MMXXI
Ab urbe condita
2774
Armeenske kalinder
1470
ԹՎ ՌՆՀ
Etiopyske kalinder
2013 –
2014
Hebriuwske kalinder
5781 – 5782
Hindoekalinders
Vikram Samvat
2076 – 2077
Shaka Samvat
1943 – 1944
Kali Yuga
5122
5123
Iraanske kalinder
1399
1400
Islamityske kalinder
1443
1443
Juliaanske kalinder
Gregoriaansk
min 13 dgn.
Sineeske kalinder
4717
4718
丁子 – 戊丑
2021
is in gewoan
jier dat begjint mei in freed. (
Gregoriaanske kalinder foar 2021
Foarfallen
bewurkje seksje
boarne bewurkje
jannewaris
- De
Afrikaanske Kontintale Frijhannelssône
giet yn.
- Kuba ferienet nei 27 jier formeel syn twafâldige
faluta
. De
Kubaanske ynwikselbere peso
(CUC) wurdt ynlutsen en de
Kubaanske peso
(CUP) is fan no ôf oan de iennichste jildige muntienheid.
- In
Britsk
gerjochtshôf
leit it near op 'e
útlevering
fan
WikiLeaks
-oprjochter
Julian Assange
oan 'e
Feriene Steaten
Saûdy-Araabje
en syn bûngenoaten lizze harren skeel mei
Katar
by. Sa komt in ein oan 'e
Katareeske diplomatike krisis
, dy't yn
juny
2017
begûn.
- By
ferkiezings
foar de
Amerikaanske Senaat
yn 'e
Amerikaanske
steat
Georgia
ferslane de
Demokratyske
kandidaten
Jon Ossoff
en
Raphael Warnock
de
Republikeinske
kandidaten
David Perdue
en
Kelly Loeffler
. Dêrmei rekket de Amerikaanske Senaat ferdield yn 50 Demokraten en 50 Republikeinen en kin de
fise-presidint
as
foarsitter
fan 'e Senaat by stimmings de trochslachjaande stim útbringe. Sadwaande makket it de wei frij foar de trochfiering fan progressive
wetjouwing
troch it oankommende
regear
fan
presidint-elekt
Joe Biden
- Wylst it
Amerikaanske Kongres
gearkomt yn it
Amerikaanske Kapitoal
yn
Washington, D.C.
om 'e útslach fan 'e stimming fan it
Elektoraal Kolleezje
te bekrêftigjen dat de
Demokraat
Joe Biden
de
presidintsferkiezings fan 2020
wûn hat, fynt de
Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal
plak. De dieders binne
poerrazene
oanhingers fan
presidint
Donald Trump
, dy't troch him en oare sprekkers tsjin it Kongres opstokele binne. Der falle fiif
deaden
, ûnder wa in
plysjeman
. It ynsidint wurdt klassifisearre as in gefal fan binnenlânsk
terrorisme
en wurdt rûnom feroardiele.
- De
plysje
yn
Hongkong
pakt mear as 50
demokrasy
aktivisten
op, dy't tsjin lange
finzenisstraffen
oansjogge.
- It tal
stjergefallen
yn
Brazylje
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 200.000.
11
- It tal minsken dat wrâldwiid oanhelle rekke is mei it
koroanafirus
passearret de 90 miljoen.
13
- De
Amerikaanske
presidint
Donald Trump
wurdt in wike nei de troch him feroarsake
Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal
en in wike foar't syn termyn as presidint ôfrint,
foar de twadde kear
impeacht
troch it
Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
15
- By
in ierdbeving
op it
Yndonezyske
eilân
Selebes
fan 6,2 op 'e
Skaal fan Richter
komme teminsten 35
minsken
om.
15
- Wrâldwiid binne der no 2
miljoen
minsken
ferstoarn
oan
COVID-19
15
- Yn
Nederlân
treedt it
Kabinet-Rutte III
ôf oer de
Taslagge-affêre
17
- Fiif
moannen
nei't er troch de
geheime tsjinst
FSB
fergiftige waard
, keart
opposysjelieder
Aleksej Navalny
werom nei
Ruslân
. Hy wurdt fuortendaliks nei oankomst op 'e
lofthaven
yn opdracht fan it
regear
fan
Vladimir Pûtin
oppakt
19
- It tal
stjergefallen
yn 'e
Feriene Steaten
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 400.000.
20
- Yn
Washington, D.C.
wurdt
Joe Biden
ynsward
as de 46e
presidint fan 'e Feriene Steaten
. Hy is mei 78 jier de âldste nije presidint út 'e
Amerikaanske skiednis
Kamala Harris
wurdt ynsward as de earste
froulike
, de earste
Afro-Amerikaanske
en de earste
Súdaziatyske
fise-presidint
yn 'e skiednis fan 'e Feriene Steaten.
20
- De nije
presidint fan 'e Feriene Steaten
Joe Biden
, slút syn lân wer oan by it
Klimaatakkoart fan Parys
en by de
Wrâldsûnensorganisaasje
(WHO), dêr't syn foargonger
Donald Trump
de
Feriene Steaten
út weromlutsen hie.
21
- It tal
stjergefallen
yn
Kolombia
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 50.000.
26
- It tal minsken dat wrâldwiid oanhelle rekke is mei it
koroanafirus
passearret de 100
miljoen.
27
- It tal
stjergefallen
yn it
Feriene Keninkryk
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 100.000.
febrewaris
- By
in steatsgreep
yn
Birma
wurdt troch de
striidkrêften
it hiele
demokratysk
keazen
regear
arrestearre
en
opsletten
, regearingsliedster
Aung San Suu Kyi
ynbegrepen.
Kanada
ferklearret as earste
lân
de
Proud Boys
, in organisaasje fan
Trump
-oanhingers dy't op
6 jannewaris
belutsen wie by de
Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal
, ta
terroristyske
organisaasje
- De
Amerikaanske
presidint
Joe Biden
kundiget oan dat syn lân gjin
wapens
mear leverje sil oan
Saûdy-Araabje
en de
Feriene Arabyske Emiraten
om yn 'e
Twadde Jemenityske Boargeroarloch
yn te setten.
- It tal minsken dat yn
Nederlân
oanhelle rekke is mei it
koroanafirus
passearret de 1
miljoen.
- Yn 'e
Amerikaanske Senaat
begjint it
twadde impeachmentproses
tsjin 'e eardere
Amerikaanske presidint
Donald Trump
- In mienskiplik ûndersyk troch de
Folksrepublyk Sina
en ekspêrs fan 'e
Wrâldsûnensorganisaasje
(WHO) konkludearret dat it "ekstreem ûnwierskynlik" is dat it
COVID-19
firus
út it Sineeske
laboratoarium
yn
Wuhan
ûntsnapt is, en de oarsprong fan it firus nei alle gedachten in "natuerlik reservoir" yn 'e
flearmûzepopulaasje
yn 'e omkriten fan Wuhan wêze moat.
- It
romtefartúch
fan 'e
Emiratyske Marsmisje
berikt as earste
Arabyske
romtemisje
feilich in
baan
om 'e
planeet
Mars
hinne.
13
- Yn it ramt fan 'e
twadde impeachment fan Donald Trump
wurde de
eardere presidint fan 'e Feriene Steaten
frijsprutsen troch de leden fan 'e
Amerikaanske Senaat
mei 43 tsjin 57 stimmen (der wie ferlet fan 67 stimmen, oftewol twatrêde mearderheid, om him te feroardieljen). Alle 50
Demokratyske
senators
en 7
Republikeinen
stimme foar feroardieling. De measte oare Republikeinen beweare net dat Trump ûnskuldich is, mar wolle hawwe dat de
Amerikaanske Grûnwet
de
impeachment
fan in presidint dy't langer net mear yn funksje is, net tastiet.
13
17
- By
in winterstoarm
komme yn 'e
Feriene Steaten
58 minsken om, wylst 9,7
miljoen lju sûnder
elektrisiteit
en
wetterlieding
komme te sitten. Behammen yn
Teksas
binne de problemen tige grut.
18
- Yn it ramt fan 'e
Mars 2020
-misje fan 'e
Amerikaanske
romtefeartorganisaasje
NASA
arrivearret it
Perseverance
-karke ûnskansearre op it oerflak fan 'e
planeet
Mars
19
- De
Feriene Steaten
wurde formeel wer opnommen yn it
Klimaatakkoart fan Parys
, 107
dagen
nei't de eardere
presidint
Donald Trump
syn lân dêr útstappe litten hie.
20
- It tal
faksinaasjes
dat wrâldwiid útfierd is tsjin
COVID-19
passearret de 200
miljoen.
22
- It tal
stjergefallen
yn 'e
Feriene Steaten
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 500.000.
25
- Wrâldwiid binne der no 2,5
miljoen
minsken
ferstoarn
oan
COVID-19
25
- De
Armeenske Striidkrêften
roppe op ta it ôftreden fan it
regear
fan
Armeenje
Premier
Nikol Pasjinjan
beskuldiget de
kriichsmacht
fan it prebearjen fan in
steatsgreep
26
- By de
ûntfiering fan Zamfara
wurde yn 'e steat
Zamfara
, yn
Nigearia
, troch
rebellen
279
skoalfamkes
ûntfierd
maart
- De eardere
Frânske
presidint
Nicolas Sarkozy
wurdt feroardiele ta trije jier
finzenisstraf
(wêrfan twa jier
ûnder betingst
) foar
korrupsje
- Alle 279
skoalfamkes
dy't op
26 febrewaris
yn
Nigearia
by de
ûntfiering fan Zamfara
finzennommen
wiene troch
rebellen
, wurde frijlitten.
- By
in rige grutskalige ûntploffings
op in
legerbasis
yn
Ekwatoriaal-Guinee
giet in
arsenaal
fan 'e
kriichsmacht
de loft yn. De skea oan 'e basis en de omlizzende
wenwiken
fan 'e
stêd
Bata
is ûnbidige grut. Der komme teminsten 98
minsken
om en mear as 615 oaren reitsje
ferwûne
- By in
referindum
yn
Switserlân
wurdt troch de
befolking
in
boerkaferbod
goedkard.
- It tal
stjergefallen
yn
Itaalje
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 100.000.
- It
Jeropeesk Parlemint
heft de
politike ûnskeinberens
op fan 'e
Katalaanske
separatistyske
foaroanman
Carles Puigdemont
en twa oare Katalaanske leden. Dat makket it paad frij foar in eventuele
útlevering
fan harren oan
Spanje
, dat harren ferfolgje wol foar belutsenens by it organisearjen fan it
Katalaansk ûnôfhinklikheidsreferindum (2017)
17
- Yn
Nederlân
wurde de
Twadde Keamerferkiezings
wûn troch de
VVD
(grutste
partij
) en
D66
(grutste winst oan sitten). It
CDA
, de
PVV
en de
linkse partijen
ferlieze, wylst
Foarum foar Demokrasy
wint en ferskate nije partijen mei ien of inkele sit yn 'e
Twadde Keamer
komme. Yn
Fryslân
behellet de
VVD
de measte stimmen.
18
- It tal
minsken
dat wrâldwiid tsjin it
koroanafirus
yninte
is, passearret de 400 miljoen.
19
Noard-Koreä
ferbrekt de
diplomatike bannen
mei
Maleizje
nei't dat lân inkele Noardkoreaanske
steatsboargers
útlevere
hat oan 'e
Feriene Steaten
om
berjochte
te wurden foar it
wytwaskjen
fan
jild
20
Presidint
Recep Tayyip Erdoğan
fan
Turkije
kundiget oan dat er syn lân by
dekreet
weromlûkt út 'e
Konvinsje fan Istanbûl
, in ynternasjonaal
ferdrach
tsjin
frouljusmishanneling
en
húslik geweld
yn it ramt fan 'e
Rie fan Jeropa
. Turkije is it earste lân dat út dat ferdrach stapt.
23
- Yn
Israel
wurde foar de fjirde kear yn twa jier
parlemintsferkiezings
holden, nei't it Israelyske regear yn
desimber
2020
fallen is. De politike ynstabiliteit yn it lân wurdt feroarsake troch de fan
korrupsje
beskuldige
premier
Benjamin Netanyahu
, dy't koste wat kost oan 'e macht bliuwe wol sadat er syn
politike ûnskeinberens
behâlde kin. De nije ferkiezings liede lykwols net ta oare ferhâldings: it
Likûdblok
fan Netanyahu wint sitten, mar kriget mei syn bûnsgenoaten gjin mearderheid yn 'e
Knesset
23
- De
Ever Given
, ien fan 'e grutste
frachtskippen
fan 'e wrâld, rint oan 'e grûn yn it
Suëzkanaal
yn
Egypte
, en
set sa ien fan 'e wichtichste hannelsrûtes fan 'e wrâld ticht
24
- It tal
stjergefallen
yn
Brazylje
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 300.000.
25
- It tal
stjergefallen
yn
Meksiko
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 200.000.
25
- It tal
minsken
dat wrâldwiid tsjin it
koroanafirus
yninte
is, passearret de 500 miljoen.
april
Ruslân
, dat in grutte
legermacht
opbout oan 'e eastgrins fan 'e
Oekraïne
, warskôget de
NATO
om gjin
troepen
nei de Oekraïne te stjoeren om dat lân te stypjen.
- De
sykloan
Seroja
treft it
eilân
Timor
. Teminsten 167 minsken yn it
Yndonezyske
West-Timor
en 42 minsken yn it ûnôfhinklike
East-Timor
komme om.
11
- Nei't in grutte
eksploazje
it ynterne
elektrisiteitssysteem
fan it
uraniumferrikingsfabryk
fan
Natanz
ferwoastget, beskuldiget
Iraan
de
Israelyske
geheime tsjinst
Mossad
fan "nukleêr
terrorisme
" en swart
wraak
13
- It
regear
fan
Japan
kart in plan goed om it
radio-aktive
kuollingswetter út 'e
kearnsintrale fan Fukushima
oer in perioade fan 30 jier yn 'e
Stille Oseaan
te loazen. It
Ynternasjonaal Atoomenerzjy Agintskip
(IAEA) stipet it plan, mar de buorlannen
Sina
Súd-Koreä
en
Taiwan
kantsje har dertsjin oan.
17
- Wrâldwiid binne der no 3
miljoen
minsken
ferstoarn
oan
COVID-19
18
- Tolve foaroansteande
Jeropeeske
fuotbalklubs
besykje in Jeropeeske 'Superliga' op te rjochtsjen om faker tsjininoar spylje te kinnen en dêrmei mear jild binnen te swyljen. It plan kriget fuortendaliks swiere
krityk
fan oare fuotbalklubs, ynternasjonale fuotbalorganisaasjes lykas de
FIFA
en de
UEFA
, en fan fuotbal
fans
. Twa dagen letter stjert it plan in sêfte dea as de seis
Ingelske
klubs dy't derby belutsen wiene, har beskamme weromlûke.
19
- Yn
Kuba
draacht
Raúl Castro
syn restearjende macht as
sekretaris-generaal
fan 'e
Kubaanske Kommunistyske Partij
(PCC) oer oan
presidint
Miguel Díaz-Canel
. Dêrmei komt in ein oan mear as 62 jier hearskippij fan 'e Castro's oer Kuba.
19
- De
Amerikaanske
romtefeartorganisaasje
NASA
fiert mei de
helikopterdrone
Ingenuity
de earste oandreaune flecht út op in oare
planeet
(te witten:
Mars
).
20
Idriss Déby
, dy't al goed 30 jier
presidint
fan
Tsjaad
is,
sneuvelet
yn 'e striid tsjin
opstannelingen
yn it noarden fan syn lân. Der wurdt in Militêre Oergongsried ynsteld om it regear waar te nimmen.
21
- Yn
Yndia
fine 315.000 ynfektearrings mei it
COVID-19
firus
plak yn
24 oeren
, it heechste dat yn lykfol hokker lân fêstlein is sûnt it útbrekken fan 'e
koroanfiruspandemy
24
- Nei in syktocht mei ynternasjonale stipe wurdt bekendmakke dat de
ûnderseeër
KRI
Nanggala
fan 'e
Yndonezyske Nasjonale Marinemacht
sonken
is mei de
dea
fan alle 53
bemanningsleden
ta gefolch.
24
- It tal
minsken
dat wrâldwiid tsjin it
koroanafirus
yninte
is, passearret de 1 miljard. De helte fan dy faksinaasjes is ferrjochte yn mar trije lannen:
Sina
, de
Feriene Steaten
en
Yndia
28
- It tal
stjergefallen
yn
Yndia
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 200.000.
28
- By de
in grinskonflikt
tusken
Kirgyzje
en
Tadzjikistan
falle eminsten 55
deaden
en slane hast 50.000
minsken op 'e flecht
28
- By
grutskalige protesten
yn alle grutte
stêden
fan
Kolombia
tsjin 'e plande
belestingferhegings
en
sûnenssoarchherfoarmings
fan
presidint
Iván Duque Márquez
komme by
plysjegeweld
tsientallen
demonstranten
om.
29
- Wrâldwiid binne der no 150
miljoen befêstige gefallen fan besmetting mei
COVID-19
29
- De
Sineeske
romtefeartorganisaasje
China National Space Administration
set yn in
baan
om 'e
Ierde
útein mei de bou fan it
Tiangong
-romtestasjon
, dat mei twa jier klear wêze moat.
30
- It tal
stjergefallen
yn
Brazylje
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 400.000.
30
- Yn
Israel
komme 45
minsken
om en reitsje 150 oaren
ferwûne
as se yn 'e
ferdrukking
komme op in
festival
foar
ultra-otterdokse joaden
op 'e
berch
Meron
, dêr't 100.000 besikers talitten binne wylst der mar romte en
fergunning
is foar 10.000.
maaie
- Der brekt opskuor út yn
Jeruzalim
as de
Israelyske
oerheid
Palestynske
húshâldings
yn it besette
East-Jeruzalim
út harren
huzen
útsette
wol om 'e wenten ynstee oan
Joadske
kolonisten
te jaan. Dat is it begjin fan 'e
Israelysk-Palestynske Krisis
fan 2021.
- De
Israelyske
plysje
falt
biddende
Palestinen
oan by de
Al-Aksamoskee
op 'e
Timpelberch
yn
Jeruzalim
, dat ien fan 'e
hillichste plakken
fan 'e
islaam
is. De plysje kringt de
moskee
yn en brûkt dêr
triengas
en
stungranaten
, ta
skandalisearring
fan 'e Palestinen en oare
moslims
10
- Nei't
Israel
harren
ultimatum
negearre hat (om
plysje
en
leger
werom te lûken fan 'e hillige plakken op 'e
Timpelberch
en út 'e
Eastjeruzalimske
wyk
Sjeik Djarrah
), begjinne twa
Palestynske
militante groepearrings,
Hamas
en de
Palestynske Islamityske Djihaad
, út 'e
Gazastripe
wei
raketten
op Israel ôf te fjurjen. Israel reägearret mei
bombardeminten
troch de
loftmacht
op 'e Gazastripe, wêrby't yn in
wike
goed 213
minsken
omkomme en ferskate
flatgebouwen
ferneatige waarden.
11
- By
in sjitpartij
op in
skoalle
foar
fuortset ûnderwiis
yn
Kazan
, yn 'e
Russyske
dielrepublyk
Tatarstan
, komme 9
learlingen
en
dosinten
om en reitsje 23 oaren
ferwûne
. De dieder blykt in âld-learling fan 'e skoalle te wêzen.
14
- De
Sineeske
romtefeartorganisaasje
China National Space Administration
lânet mei súkses it selsridende karke
Zhurong
op it oerflak fan 'e
planeet
Mars
. Sina is it trêde lân dat soks slagget, nei de
Feriene Steaten
en de
Sovjet-Uny
15
- Yn it ramt fan 'e
Israelysk-Palestynske Krisis
bombardearret
de
Israelyske Loftmacht
yn 'e
Gazastripe
it
Al-Djalaä-gebou
, dêr't
tillefyzjenetwurk
Al-Jazeera
en
parseburo
Associated Press
harren
kantoaren
hawwe. Neffens
Israel
soe yn it
flatgebou
, dat hielendal mei de grûn lyk makke wurdt, ek in ôfdieling fan 'e
militêre
ynljochtingetsjinst
fan 'e
Palestynske
militante groepearring
Hamas
húsfêste west hawwe. Wrâldwiid wurdt it bombardemint lykwols beskôge as in oanfal op 'e media, dy't bedoeld is om it ferslach dwaan fan 'e gefolgen fan 'e Israelyske bombardeminten yn 'e Gazastripe dreger te meitsjen.
18
22
- Yn
Rotterdam
wurdt it
Eurofyzjesongfestival
fan 2021 holden (dat yn
2020
oergien wie), mei fanwegen de oanhâldende
koroanafiruspandemy
mar beheinde talitting foar
publyk
. Winner is de
Italjaanske
ynstjoering
Zitti e Buoni
, songen troch de
rockband
Måneskin
20
- In
wapenstilstân
makket, nei't der krapoan 250
deaden
fallen binne, in ein oan 'e
Israelysk-Palestynske Krisis
fan 2021.
22
- Yn
Samoä
brekt
in konstitúsjonele krisis
út as de sittende
premier
Tuila‘epa Aiono Sa‘ilele Malielegaoi
mei stipe fan it
steatshaad
, de
o le ao o le malo
Tuimaleali‘ifano Va‘aleto‘a Eti Sualauvi II
, wegeret de oerwinning te erkennen fan
opposysjeliedster
Naomi Mata‘afa
by de
parlemintsferkiezings
, nettsjinsteande ferskate
útspraken
yn it foardiel fan har troch it
Heechgerjochthôf fan Samoä
. Om't it sittende
regear
de doarren fan it
parlemintsgebou
op 't slot hâldt, lit Mata‘afa har op
24 april
yn 'e
tún
fan it parlemintsgebou ynswarre as de nije premier. Malielegaoi kwalifisearret dat letter as in "die fan
lânferrie
".
23
- Nei in falske
bommelding
wurdt
in ferkearsfleantúch
fan
loftfeartmaatskippij
Ryanair
, ûnderweis fan
Atene
yn
Grikelân
nei
Vilnius
yn
Litouwen
, troch
Wytrussyske
strieljagers
twongen om te lânjen yn 'e Wytrussyske haadstêd
Minsk
. Dêr wurde de Wytrussyske
balling
en
minskerjochte
aktivist
Raman Pratasevitsj
en syn
faam
Sofija Sapega út it fleantúch helle foar't it syn wei ferfolgje mei. De ynternasjonale skok is grut oer dizze aksje fan it
rezjym
fan
diktator
Aleksander Lûkasjenko
, dy't betitele wurdt as "steatsterrorisme". De regearingslieders fan 'e lidsteaten fan 'e
Jeropeeske Uny
komme yn spoedsitting gear om nije sanksjes tsjin Wyt-Ruslân út te furdigjen.
24
- It tal
stjergefallen
yn
Yndia
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 300.000.
24
- By
in steatsgreep
yn
Maly
wurde
presidint
Bah Ndaw
en
premier
Moctar Ouane
ôfset troch
opstannige
militêren
26
- De
Nederlânske
rjochter
leit
oaljemaatskippij
Keninklike Shell
yn in baanbrekkend
fûnis
op om mear te dwaan om 'e útstjit fan
broeikasgassen
tsjin te gean.
28
Dútslân
erkent formeel as in
genoside
en biedt formeel
ûntskuldigings
oan foar de
Namibyske Genoside
fan
1904
1908
, doe't ûnder it bewâld fan it
Keizerryk Dútslân
yn 'e doetiidske
koloanje
Dútsk-Súdwest-Afrika
(no
Namybje
) 65.000 of mear
etnyske
Herero
en 10.000 etnyske
Nama
fermoarde waarden by in rjochte útrûgingskampanje nei't dy beide
folken
yn
opstân
kommen wiene tsjin 'e Dútske koloniale oerhearsking.
31
Perû
stelt it tal ynwenners dat oant no ta
ferstoarn
is oant
COVID-19
by fan 69.000 nei 181.000. It is dêrmei nei ferhâlding it slimst troffen lân.
juny
- De
G7
komme ta oerienkomst oer de ynfiering fan in minimaal wrâldwiid
fennoatskipsbelestingspersintaazje
fan 15% om
belestingûntwiking
troch grutte
bedriuwen
tsjin te gean.
El Salvador
fiert de
Bitcoin
yn as legale
faluta
njonken de
Amerikaanske dollar
, en wurdt dêrmei it earste lân dêr't in
kryptomunt
offisjeel betelmiddel wurdt.
11
11 july
- It
EK fuotbal 2020
wurdt mei in jier útstel omreden fan 'e
koroanafiruspandemy
holden yn alve ûnderskate gastlannen. Yn 'e
finale
wurdt
Ingelân
ferslein troch
Itaalje
13
- Yn
Israel
komt nei goed 15
jier
(mei ûnderbrekkings) in ein oan it
regear
fan
premier
Benjamin Netanyahu
. In
koälysjeregear
besteande út acht tige ferskillende
politike partijen
mei as iennichste oerienkomst dat se fan Netanyahu ôf wolle, komt oan 'e macht.
Naftali Bennett
wurdt de nije premier, dy't oer twa jier ôflost wurde sil troch
Yair Lapid
14
- De
China National Space Administration
(CNSA) stjoert de earste trije
romtefarders
nei it eigen nije
romtestasjon
Tiangong
20
- It tal
stjergefallen
yn
Brazylje
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 500.000. Brazylje is nei de
Feriene Steaten
it twadde lân dat dat oerkomt.
20
- Yn
Swazylân
begjinne
grutskalige protesten
tsjin 'e
korrupsje
en selsferriking fan it
regear
fan
kening
Mswati III
, dy't tsjin ein
juny
de
monargy
oan it wankeljen bringe.
23
- Yn 'e
Kanadeeske
provinsje
Saskatchewan
wurde 751 ûnmarkearre
grêven
fan
bern
ûntdutsen op it terrein fan 'e
Marieval Indian Residential School
, in
kostskoalle
dêr't foarhinne ûnder twang tûzenen
Yndiaanske
bern hinne stjoerd waarden om
kulturele assimilaasje
yn 'e
blanke
Westerske
kultuer
te ûndergean. It is de grutste fan 'e
ûntdekkings fan Yndiaanske bernegrêven by Kanadeeske kostskoallen
, en it liedt yn Kanada ta grutte opskuor.
23
7 july
- Yn it
westlike
part fan
Noard-Amearika
, benammen yn 'e
Kanadeeske
provinsje
Britsk-Kolumbia
en de
Amerikaanske
steaten
Washington
en
Oregon
, begjint
in hjitteweach
fan ûnsjoene proporsjes, wêrby't alle
waarmterekôrs
brutsen wurde. As gefolch dêrfan falle der mear as 645
deaden
yn Kanada en teminsten 208 yn 'e Feriene Steaten.
24
- In
appartemintekompleks stoart yn
yn
Surfside
, by
Miami
, yn 'e
Amerikaanske
steat
Floarida
. Der falle 98
deaden
28
- Yn 'e
Tigreeske Oarloch
nimme de
rebellen
Mekele
, de
haadstêd
fan
Tigray
, yn en ferdriuwe dêr it
Etiopyske
regearingsleger.
29
- De eardere
presidint
fan
Súd-Afrika
Jacob Zuma
wurdt feroardiele ta 15
moannen
finzenisstraf
foar
mislediging fan 'e rjochtbank
yn it
proses
tsjin him oangeande
korrupsje
july
- De
Feriene Naasjes
meitsje bekend dat de
Tigreeske Oarloch
yn noardlik
Etioopje
in
hongersneed
feroarsake hat dy't no 400.000
minsken
bedriget.
- Mear as 1.000
Afgaanske
soldaten
flechtsje oer de grins fan it buorlân
Tadzjikistan
, nei't se ferslein binne troch de
Taliban
- Yn
Amsterdam
wurdt
ferslachjouwer
Peter R. de Vries
nei dielname oan in útstjoering fan it
tillefyzjeprogramma
RTL Boulevard
delsketten. Dyselde
jûns
noch wurde der twa mannen
arrestearre
dy't derfan
fertocht
wurde de dieders te wêzen. De Vries komt njoggen dagen letter, op
15 july
, oan syn
ferwûnings
te
ferstjerren
- Yn
Port-au-Prince
, de
haadstêd
fan
Haïty
, wurdt de Haïtiaanske
presidint
Jovenel Moïse
yn it presidinsjeel paleis
deasketten
. Syn
frou
wurdt ek delsketten en bedarret yn it
sikehûs
. Yn 'e folgjende dagen pakt de Haïtiaanske
plysje
in groep Haïtianen en
Kolombiaanske
en
Amerikaanske
hierlingen
op dy't efter de
moardoanslach
lykje te sitten.
- Wrâldwiid binne der no 4
miljoen
minsken
ferstoarn
oan
COVID-19
11
- Op
Kuba
brekke
seldsume anty-regearingsdemonstraasjes
út, dy't benammen feroarsake wurde troch tekoarten oan
iten
en
koroanafaksêns
12
- Yn 'e
Súdafrikaanske
provinsjes
KwaZulu-Natal
en
Gauteng
brekke grutskalige ûngeregeldheden út dy't mank geane mei
plonderings
fan
winkels
en oare
bedriuwen
, nei't de eardere presidint
Jacob Zuma
arrestearre is yn ferbân mei
minachting fan 'e rjochtbank
by syn
berjochting
foar
korrupsje
14
- It tal
stjergefallen
yn de
Feriene Steaten
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 600.000.
15
Grutskalige oersteamings
teheisterje de
Dútske
dielsteaten
Rynlân-Palts
en
Noardrynlân-Westfalen
, it
Gruthartochdom Lúksemboarch
, de
Belgyske
Ardinnen
en it
Nederlânske
Súd-Limburch
nei't der by needwaar yn in pear
dagen
tiid
likefolle
reinwetter
delkommen is as oars yn 'e
moannen
july
en
augustus
mei-inoar. Yn Dútslân komme teminsten 184
minsken
om en Belgje 52.
18
- Ut in ynternasjonaal ûndersyk komt oan it ljocht dat it
Israelyske
technologybedriuw
NSO Group
spyware
ynset om
steatshaden
en tûzenen
aktivisten
sjoernalisten
en
dissidinten
fan oer de hiele wrâld te
bespionearjen
21
- De organisaasje fan 'e
Olympyske Simmerspullen 2032
wurdt tawiisd oan 'e stêd
Brisbane
, yn
Austraalje
22
- By
grutskalige oerstreamings
yn 'e
Yndiaaske
dielsteat
Maharasjtra
komme teminsten 200
minsken
om.
23
- Nei in útspraak fan it Samoaanske Hof fan Berop (ferlykber mei de
Ried fan Steat
yn Nederlân), wêryn't de heechste rjochters fan it lân oanjouwe dat
opposysjeliedster
Naomi Mata‘afa
en har
partij
FAST
de
Samoaanske parlemintsferkiezings
fan
22 maaie
wûn hawwe en sûnt
24 maaie
eins it rjochtlike
regear
fan it lân foarmje, jout de útgeande
premier
Tuila‘epa Aiono Sa‘ilele Malielegaoi
einlings en te'n lêsten syn ferset tsjin 'e ferkiezingsútslach op en ûntrommet syn
kantoar
, hoewol't er de rjochters noch wol beskuldiget fan "lânferrie" om't bestjoerders yn syn optyk "troch
God
keazen" wurde. Hjirmei komt in ein oan 'e
Samoaanske konstitúsjonele krisis
23
8 augustus
- De
Olympyske Simmerspullen 2020
wurde holden yn 'e
Japanske
haadstêd
Tokio
. De Spullen hiene eins yn
2020
holden wurde moatten, mar waarden in jier útsteld y.f.m. de
koronafiruspandemy
25
- De
Tunezyske
presidint
Kaïs Saïd
stjoert it
parlemint
nei hûs en
ûntslacht
de
premier
yn
in ferkapte steatsgreep
28
- Foar it earst fynt der in direkte observaasje fan
ljocht
plak dat efter in
swart gat
wei komt. Dêrmei wurdt
Einstein
syn
algemiene relativiteitsteory
befêstige.
28
- Yn
Turkije
brekke
grutskalige natoerbrannen
út, dy't oan acht
minsken
it libben kostje.
augustus
- Yn
Grikelân
brekke
grutskalige boskbrannen
út.
- De
Wytrussyske
atlete
Krystsina Tsimanouskaja
, dy't troch har útspraken op 'e
Olympyske Simmerspullen 2020
yn
Tokio
yn 'e knipe kommen wie mei it Wytrussyske
regear
fan
diktator
Aleksander Lûkasjenko
en dêrom net nei har heitelân weromkeare woe, kriget
polityk asyl
yn
Poalen
- Wrâldwiid binne der no 200
miljoen befêstige gefallen fan besmetting mei
COVID-19
- Yn 'e
Tigreeske Oarloch
feroverje de
Tigreeske
rebellen
Lalibela
, in plak dat op 'e
Wrâlderfgoedlist
fan 'e
UNESCO
stiet, op it
Etiopyske
regearingsleger.
- Yn 'e
Oarloch yn Afganistan
feroverje de
Taliban
de wichtige stêd
Kunduz
- It
Yntergûverneminteel Panel oangeande Klimaatferoaring
(IPCC) publisearret in nije
rapportaazje
, wêryn't konkludearre wurdt dat de effekten fan 'e troch de
minskheid
feroarsake
klimaatferoaring
no "wiidferspraat, fluch en almar yntinsiver" binne.
12
- Yn 'e
Oarloch yn Afganistan
feroverje de
Taliban
Herat
, de op twa nei grutste
stêd
fan
Afganistan
13
- Yn 'e
Oarloch yn Afganistan
feroverje de
Taliban
Lashkar Gah
, de
haadstêd
fan 'e wichtige
provinsje
Helmand
, en
Kandahar
, de op ien nei grutste stêd fan
Afganistan
14
Haïty
wurdt troffen troch
in swiere ierdbeving
fan 7,2 op 'e
skaal fan Richter
, werby't mear as 2.100
minsken
omkomme.
14
- Yn 'e
Oarloch yn Afganistan
feroverje de
Taliban
de wichtige stêd
Mazar-i-Sharif
15
- Yn 'e
Oarloch yn Afganistan
feroverje de
Taliban
Kabul
, de
haadstêd
fan
Afganistan
Presidint
Ashraf Ghani
ûntflechtet it lân. De Taliban ferklearje de oarloch foar ôfrûn.
15
- It
Nasjonaal Fersetsfront fan Afganistan
, in anty-Taliban-groepearring û.l.f.
Ahmed Massud
en
Amrullah Saleh
, nimt de macht oer yn 'e
Panjshirdelling
, it iennichste part fan
Afganistan
dat noch net yn 'e hannen fan 'e
Taliban
fallen is.
15
30
- De
evakuaasje út Afganistan
fynt plak fan alle
troepen
en
boargers
fan
Westerske lannen
en dy Afganen dy't foar de Westerske troepen en helporganisaasjes wurke hawwe en dêrom
represailles
fan 'e
Taliban
ferwachtsje kinne. Hjirby wurde troch 39 lannen 122.000 minsken troch de loft evakuëarre. Tsientûzenen Afganen dy't mei de Westerlingen gearwurke hawwe, en ferskate tûzenen Westerske steatsboargers, kinne lykwols net mear fuortkomme foar't de
Feriene Steaten
op
30 augustus
in ein oan 'e evakuaasje meitsje.
19
- De
Taliban
jouwe it
terroristyske
Hakkani-netwurk
sizzenskip oer de
befeiliging
yn 'e
Afgaanske
haadstêd
Kabul
24
5 septimber
- Yn
Tokio
, yn
Japan
, wurde de
Paralympyske Simmerspullen 2020
holden, dy't omreden fan 'e
koroanapandemy
in jier útsteld wiene.
26
- By in troch de
terroristyske
organisaasje
ISIS-K
opeaske
bomoanslach op 'e lofthaven
fan
Kabul
komme mank de gaos fan 'e
evakuaasje út Afganistan
teminsten 182
minsken
om, ûnder wa 11
Amerikaanske
mariniers
, 1
soldaat
en 1
matroas
29
- De
orkaan
Ida
komt as in orkaan fan 'e fjirde kategory op 'e
skaal fan Saffir-Simpson
oan lân yn 'e
Amerikaanske
steat
Louisiana
, en rjochtet dêr grutte skea oan. Der falle 17
deaden
30
- Mei de weromlûking fan 'e lêste
Amerikaanske
troepen
út
Afganistan
fan 'e
lofthaven
fan
Kabul
komt der in ein oan tweintich jier fan belutsenens fan 'e
Feriene Steaten
by de
Oarloch yn Afganistan
septimber
- De restanten fan 'e
orkaan
Ida
tsjogge oer it noardeasten fan 'e
Feriene Steaten
en soargje dêr foar sa'n
reinfal
dat der rekôrs brutsen wurde en grutte
oerstreamings
ûntsteane. Dêrby komme 53
minsken
om. Fral de
Amerikaanske steaten
Nij-Jersey
en
New York
wurde slim troffen.
- Yn 'e
Amerikaanske
steat
Teksas
wurdt in nije
wet
fan krêft dy't net inkeld
abortus
fanôf de sechsde
wike
fan it
swierwêzen
fan in
frou
ferbiedt (wat legale abortus yn 'e praktyk ûnmooglik makket), mar ek nochris gjin útsûndering makket foar
slachtoffers
fan
ferkrêfting
of froulju dy't om
medyske redens
gjin
bern
foldrage kinne. Boppedat wurdt der in systeem optuge, wêrby't it neilibjen fan dy wet ôftwongen wurde moat troch partikulieren, dy't fan eltsenien dy't by in abortus belutsen is, al is it ek mar in
taksysjauffeur
dy't de swiere frou nei it
sikehûs
riidt, in "
skeafergoeding
" fan minimaal
10.000 easkje kinne.
- By
in steatsgreep
yn
Guinee
wurdt
presidint
Alpha Condé
ôfset.
- De
Bitcoin
is fan hjoed ôf in offisjele
muntienheid
fan
El Salvador
(njonken de
Amerikaanske dollar
).
- It
Heechgerjochtshôf fan Meksiko
docht unanym de
útspraak
dat
abortus
yn
Meksiko
legaal wurde moat.
10
- Ut
sjoernalistike
ûndersiken (los faninoar) troch de
kranten
The New York Times
en
The Washington Post
en troch de
nijsstjoerder
CNN
docht bliken dat de tsien
deadlike
slachtoffers
fan 'e
Amerikaanske
ferjildingsaksje
(troch in
drone
-oanfal) nei de
bomoanslach op 'e lofthaven
fan
Kabul
op
26 augustus
gjin
terroristen
fan
ISIS-K
wiene, mar ynstee
Afgaanske
boargers
, wêrûnder sân
bern
. Op
17 septimber
jout it
Amerikaanske Leger
ta dat dat wier is en dat de ferjildingsaksje op dramatyske wize mis gien is.
15
- De
Feriene Steaten
, it
Feriene Keninkryk
en
Austraalje
foarmje it nije
militêre
bûnsgenoatskip
AUKUS
, dat rjochte is tsjin 'e tanimmende ynfloed fan 'e
Folksrepublyk Sina
yn
Súdeast-Aazje
. As ûnderdiel fan it nije pakt skaft Austraalje syn earste
nukleêre
dûkboaten
oan fan 'e Feriene Steaten. Dêrfoar seit it lân in
kontrakt
mei
Frankryk
ôf om dêr nije dûkboaten te keapjen. As Frankryk dit út 'e
media
fernimme moat, liedt dat ta in
diplomatike
krisis wêrby't de Frânske
ambassadeurs
út Austraalje en de Feriene Steaten weromroppen wurde.
19
- Op it
Kanaryske
eilân
La Palma
begjint in
útbarsting
fan 'e
fulkaan
de
Cumbre Vieja
, wêrfoar't yn 'e folgjende dagen 7.000 minsken
evakuëarre
wurde moatte en wêrby't 1.100
gebouwen
ferlern geane.
19
- By in plechtige
seremoanje
yn
Amsterdam
ûntbleatet
kening
Willem-Alexander fan 'e Nederlannen
it nije
Holokaust Nammemonumint
26
- By de
Bûnsdeiferkiezings
yn
Dútslân
wint de
sosjaal-demokratyske
SPD
it nipt fan 'e
kristen-demokratyske
CDU/CSU
26
- By in
referindum
yn
Switserlân
stimt in romme mearderheid fan 'e
befolking
foar de ynfiering fan it
homohoulik
oktober
- It tal
stjergefallen
yn de
Feriene Steaten
, feroarsake troch de
koroanafiruspandemy
, passearret de 700.000.
- It
Ynternasjonaal Konsortium fan Undersykssjoernalisten
makket y.g.m.
media
yn ferskate
lannen en territoaria
in kloft fan 11,9
miljoen
dokuminten
iepenbier, dy't lekt binne by 14
finansjele ynstellings
wei. Dizze
Pandora Papers
foarmje bewiis foar finansjele aktiviteiten dy't it deiljocht net ferdrage kinne fan in grut tal eardere en hjoeddeistige wrâldlieders en oare
politisy
. Yn
Nederlân
ûntstiet yn dat ramt opskuor oer
belizzings
fan
minister
fan Finânsjes
Wopke Hoekstra
- De
Russyske
romtefeartorganisaasje
Roscosmos
lansearret de
Sojûz MS-19
-misje nei it
Ynternasjonaal Romtestasjon ISS
. Oan board binne û.o.
aktrise
Jûlija Peresild
en
regisseur
anneks
kameraman
Klim Sjipenko
, dy't yn it romtestasjon
opnamen
dwaan sille foar de
spylfilm
Vyzov
. Dat is in primeur; nea earder is in film opnommen yn 'e
romte
- De
Wrâldsûnensorganisaasje
(WHO) kart it earste
faksên
tsjin
malaria
goed.
- De
Eastenrykske
bûnskânselier
Sebastian Kurz
treedt ôf middenmank in
korrupsjeskandaal
. Hy bliuwt wol oan as partijlieder fan 'e
kristen-demokratyske
Eastenrykske Folkspartij
(ÖVP).
13
- By in
in oanslach
yn 'e
Noarske
stêd
Kongsberg
troch in
Deenske
man
dy't út
islamistysk
terroristysk
motyf hannelet, komme 5
minsken
om en reitsje 3 oaren
ferwûne
15
- De
Italjaanske
nasjonale
loftfeartmaatskippij
Alitalia
wurdt nei 75 jier opheft. Dêrfoar yn 't plak komt in nije loftfeartmaatskippij dy't eigendom is fan 'e Italjaanske steat,
Italia Trasporto Aereo
21
Letlân
is de earste lidsteat fan 'e
Jeropeeske Uny
dy't wer yn
lockdown
giet omreden fan omrinnende oantallen besmettings mei
COVID-19
25
- By
in steatsgreep
yn
Sûdan
skoot it
leger
it ynterimregear oan 'e kant en lûkt de macht nei him ta.
Premier
Abdalla Hamdok
wurdt ûnder
hûsarrest
pleatst. De nije machthawwer,
generaal
Abdel Fatta al-Boerhan
, ropt de
needtastân
út en ferbiedt alle
protesten
fan 'e
befolking
28
- De
Russyske
haadstêd
Moskou
giet foar teminsten oardel
wike
yn
lockdown
fanwegen oprinnende oantallen besmettings mei
COVID-19
novimber
- Yn it
Skotske
Glasgow
begjint de
Klimaatkonferinsje fan Glasgow
- Wrâldwiid binne der no 5
miljoen
minsken
ferstoarn
oan
COVID-19
. Dat binne inkeld de registrearre deaden; it eigentlike sifer leit nei alle gedachten wol trije oant fjouwer kear sa heech.
- De
Sineeske
tennisster
Peng Shuai
beskuldiget op 'e
sosjale media
yn in lang en yngeand betooch de eardere
fise-premier
fan Sina
Zhang Gaoli
fan
ferkrêfting
. Neitiid wurdt har ferhaal troch de Sineeske
oerheid
gau-gau wiske en ferdwynt Peng spoarleas. Pas nei swiere druk fan it
Frouljustennisbûn
(WTA) wurdt der op
17 novimber
wer wat fan har heard, as der in
e-mailberjocht
ferskynt dat sabeare troch har skreaun is.
- By
de ûntploffing fan in tankwein
mei
branje
komme yn
Freetown
, de
haadstêd
fan
Sierra Leöane
, 99
minsken
om en reitsje mear as 100 oaren
ferwûne
- Yn ferskate
Poalske
stêden
fine grutskalige
demonstraasjes
plak tsjin 'e nije strange anty-
abortuswet
. Direkte oanlieding is it
ferstjerren
fan in 30-jierrige
frou
by wa't de
dokters
wegeren in abortus út te fieren, ek al wie dúdlik dat de
foetus
al
dea
wie.
18
Eastenryk
beslút as earste lân yn 'e wrâld ta in ferplichte
yninting
tsjin
COVID-19
. Uterlik
1 febrewaris
2022
moatte alle ynwenners fan it lân faksinearre wêze.
19
- By in
demonstraasje
tsjin 'e maatregels yn it ramt fan 'e
koroanakrisis
fan it
Kabinet-Rutte III
wurdt yn 'e
Nederlânske
stêd
Rotterdam
swier
geweld
brûkt tsjin 'e
plysje
en de
brânwacht
en wurde grutte
fernielings oanrjochte
21
- De
Folksrepublyk Sina
makket bekend dat it de
diplomatike betrekkings
mei
Litouwen
ferbrekt, nei't dat lân
Taiwan
tastien hat de namme 'Taiwan' (ynstee fan 'Republyk Sina') te brûken foar syn diplomatike fertsjintwurdiging yn 'e Litouske
haadstêd
Vilnius
21
- It
Ynternasjonaal Olympysk Komitee
(IOC) bringt nei bûten ta dat de
Sineeske
tennisster
Peng Shuai
, dy't ferdwûn is nei't se de eardere
fise-premier
fan Sina
Zhang Gaoli
fan
ferkrêfting
beskuldige, wer boppe wetter is. Hja hat
byldbelle
mei IOC-
foarsitter
Thomas Bach
en oare IOC-pommeranten, en dyselden hat se ferteld dat se fleurich, feilich en sûn is en dat men net oer har yn hoecht te sitten. Nei de publikaasje fan dat nijsbulletên kriget it IOC in stoarm fan
krityk
oer him hinne om't de organisaasje it ûnder druk setten fan Peng troch de Sineeske
oerheid
besiket te behimmeljen en aktyf meiwurket oan it yn 'e dôfpot stopjen fan 'e hiele saak.
22
- Omreden fan 'e oprinnende oantallen lju dy't mei
COVID-19
besmet binne, giet
Eastenryk
foar trije
wiken
yn
lockdown
24
- De
Amerikaanske
romtefeartorganisaasje
NASA
lansearret de
Double Asteroid Redirection Test
(DART), in earste besykjen om in
asteroïde
fan koers feroarje te litten, mei as doel om te learen hoe't de
Ierde
tsjin eventuele takomstige asteroïden op raamkoers beskerme wurde kin. De útkomsten fan 'e test sille pas oer in jier te sjen wêze, mei't it sa lang duorret foar't de
romtesonde
syn doel berikt hat.
25
- De
Wrâldsûnensorganisaasje
(WHO) beleit in needgearkomste om te oerlizzen oer Omikron, in yngeand
mutearre
en nei alle gedachten
besmetlikere
nije fariant fan it
COVID-19
firus
, dy't fêststeld is yn
Súdlik Afrika
25
- By in
brân yn in stienkoalmyn
yn
Kemerovo
, yn
Sibearje
, komme mear as 50
Russyske
mynwurkers
om.
30
Barbados
hâldt op in
monargy
te wêzen mei de
Britske
keninginne
Elizabeth II
oan it haad, en is fan no ôf oan in
republyk
desimber
- Yn
Dútslân
berikt it nasjonale
regear
oerienstimming mei de 16 dielsteaten foar it ferplichtsjen fan in
faksinaasje
tsjin
COVID-19
foar de hiele
befolking
mei yngong fan
1 febrewaris
2022
- By
in útbarsting
fan 'e
fulkaan
de
Semeru
komme op it
Yndonezyske
eilân
Java
46
minsken
om.
- It
Frouljustennisbûn
(WTA) skoarret alle gearwurking mei de
Folksrepublyk Sina
op om't dat lân wegeret om klearrichheid te jaan yn 'e saak fan
tennisster
Peng Shuai
en om har beskuldigings fan
ferkrêfting
oan it adres fan 'e eardere
fise-premier
Zhang Gaoli
te ûndersykjen. It WTA ferliest dêrmei de oankommende jierren hûnderten miljoenen
dollars
oan ynkomsten, mar nimt dat foar leaf. Waarnimmers priizgje it prinsipiële stânpunt fan it WTA, dat yn skril konstrast stiet ta it hâlden en dragen fan it
Ynternasjonaal Olympysk Komitee
(IOC), dat de kwestje-Peng ûnder it flierkleed besiket te feien.
- De
Feriene Steaten
kundigje in
diplomatike
boycot
ôf fan 'e
Olympyske Winterspullen 2022
, omreden fan 'e ynbrek dy't yn it gastlân, de
Folksrepublyk Sina
, allegeduerigen makke wurdt op 'e
minskerjochten
Kanada
, it
Feriene Keninkryk
en
Austraalje
slute har by de boycot oan.
10
11
- By
in tornado-útbraak
yn it eastlik-sintrale diel fan 'e
legere 48 steaten
fan 'e
Feriene Steaten
komme teminsten 88
minsken
om, wêrfan teminsten 78 yn it uterste westen fan 'e
steat
Kentucky
12
- De
Kanaken
, de lânseigen
befolking
fan
Nij-Kaledoanje
, boycot it trêde
Nijkaledoanysk Unôfhinklikheidsreferindum
, dat de
Frânske
oerheid
trochgean lit wylst in protte
kiezers
omreden fan in útbraak fan
COVID-19
op it
eilân
harren stim net útbringe kinne. De útslach is sadwaande foarsisber yn it foardiel fan 'e Frânske besetting: 96,5% tsjin ûnôfhinklikheid en 3,5% foar.
14
Malta
legalisearret as earste lidsteat fan 'e
Jeropeeske Uny
it
rekreätyf
gebrûk fan
marihûana
14
- Yn 'e
Haïtiaanske
havenstêd
Cap-Haïtien
komt
in tankwein ta ûntploffing
. Der falle teminsten 90
deaden
16
Tyfoan
Rai
(Filipynske namme: Odette) treft de
Filipinen
. Dêrby komme 393
minsken
om, wylst 56 oaren
fermist
reitsje.
19
Nederlân
giet wer yn
lockdown
om 'e fersprieding fan 'e omikron-fariant fan it
COVID-19
biology
tsjin te gean.
25
- Yn
Birma
wurde de
ferbrânde
stoflike omskotten
weromfûn fan tsientallen
flechtlingen
, dy't
fermoarde
binne troch de
Tatmadaw
, de Birmeeske
kriichsmacht
. Under de
deaden
binne twa meiwurkers fan 'e
helporganisaasje
Save the Children
Berne
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Ferstoarn
bewurkje seksje
boarne bewurkje
jannewaris
Tanya Roberts
, Amerikaansk aktrise (*
1955
10
Joop Mulder
, Frysk teäterprodusint (*
1953
14
Jan de Vries
, Frysk motorkoereur (*
1944
18
Hans de Boer
, Nederlânske ûndernimmer en bestjoerder (*
1955
21
Jan Kooistra
, Frysk keunstskilder (*
1950
23
Larry King
, Amerikaanske radio- en telefyzjepresintator (*
1933
27
Jan J. Bijlsma
, Frysk ûnderwizer en skriuwer/dichter (*
1931
29
Chantal Boonacker
, Nederlânsk swimster (*
1977
febrewaris
Tamara Rylova
, Russysk reedrydster (*
1931
Hitoshi Kodama
, Japansk taalkundige (*
1931
10
Larry Flynt
, Amerikaansk produsint en útjouwer fan pornografy (*
1942
17
Jan Geersing
, Frysk politikus (*
1940
17 -
Rush Limbaugh
, Amerikaansk radiopresintator (*
1951
18
Jan Mans
, Nederlânsk politikus (*
1940
20
Roel Falkena
, Frysk feedokter en politikus (*
1936
21
Hannie Bruinsma-Kleijwegt
, Nederlânsk politika (*
1936
25
Rein Halbersma
, Frysk keunstskilder (*
1949
27
Wiebe Kort
, Frysk hurdsiler en reedrydtrainer (*
1944
maart
Gaatske Wiersma
, Frysk natoerbeskermster (*
1954
Roy A. Tucker
, Amerikaansk astronoom (*
1951
13
Igor Cornelissen
, Nederlânske sjoernalist en auteur (*
1935
29
Bibian Mentel
, Nederlânsk snowboarder (*
1972
31
Cees den Heyer
, Nederlânsk teoloog (*
1942
april
DMX
, Amerikaansk rapper (*
1970
9 - prins
Philip Mountbatten
, hartoch fan Edinburgh, Britsk prins-gemaal (*
1921
16
Heinze Bakker
, Frysk sportferslachjouwer (*
1942
19
Walter Mondale
, Amerikaansk politikus en diplomaat (*
1928
28
Michael Collins
, Amerikaansk romtefarder (*
1930
29
Hafid Bouazza
, Marokkaansk-Nederlânsk skriuwer (*
1970
29 -
Liuwe Tamminga
, Frysk oargelist (*
1953
maaie
Angelica Bella
, Hongaarsk pornoaktrise (*
1968
7 -
Tawny Kitaen
, Amerikaansk aktrise en presintatrise (*
1961
Meindert Leerling
, Nederlânsk politkus en sjoernalist (*
1936
20
Cees van Drongelen
, Nederlânsk radio- en telefyzjepresintator (*
1936
juny
Tejo Moerings
, Nederlânske byldzjend keunstner (*
1952
7 -
A.L. Snijders
, Nederlânsk skriuwer (*
1937
Dakota Skye
, Amerikaansk pornoaktrise (*
1994
12
Igor Zjelezovski
, Wytrussysk reedrider (*
1963
july
15
Peter R. de Vries
, Nederlânske misdiedferslachjouwer (*
1956
25
Tsjisse Hettema
, Frysk skriuwer en dichter (*
1955
augustus
21
Nicoletta Orsomando
, Italjaanske presintatrise (*
1929
septimber
Bote Wilpstra
Nederlânsk politikus (*
1946
28
Karan Armstrong
, Amerikaansk operasjongster (*
1941
28 -
Jaap Maarleveld
, Nederlânsk akteur (*
1924
oktober
17
Sien Diels
, Flaamsk aktrise (*
1947
26
Tiemen Groen
, Frysk hurdfytser (*
1946
31
Lexi Diamond
, Amerikaansk pornoaktrise (*
1990
novimber
Bas van der Vlies
, Nederlânsk politikus út namme fan de SGP (*
1942
17
Theuns Jordaan
, Súd-Afrikaansk sjonger (*
1971
23
Sikke Sikkema
, Frysk keatser (*
1941
28
Frank Williams
, Ingelsk Formule 1 teambaas (*
1942
desimber
Arie Ribbens
, Nederlânske sjonger (*
1937
John Miles
, Ingelsk muzikant (*
1949
Bernard Schmidt
, Nederlânsk politikus (*
1941
20
Reinier Paping
, winner fan de
Alvestêdetocht fan 1963
(*
1931
26
Desmond Tutu
, Súdafrikaansk aartsbiskop en minskerjochte-aktivist (*
1931
Literatuer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
romans & novelles
Lois McMaster Bujold
The Assassins of Thasalon
Lois McMaster Bujold,
Knot of Shadows
Patricia Briggs
Wild Sign
non-fiksje
Flip van Doorn
De Friezen
Films
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Cinderella
Free Guy
The Hitman's Wife's Bodyguard
The King's Man
The Little Things
Minions & Monsters
No Time to Die
Spider-Man: No Way Home
Stjer
The Suicide Squad
The Tomorrow War
Trolls: Holiday in Harmony
West Side Story
Tillefyzje
bewurkje seksje
boarne bewurkje
The Book of Boba Fett
Saturday Morning Minions
Star Trek: Prodigy
Star Wars: The Bad Batch
Star Wars: Galaxy of Creatures
Star Wars: Visions
Jierren:
2016
2017
2018
2019
2020
2021
2022
2023
2024
2025
2026
Iuwen
16
17
18
19
20
21
iuw
22
23
24
25
26
Boarnen, noaten en referinsjes
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
2021
fan
Wikimedia Commons
Opfrege fan "
Kategoryen
2021
21e iuw
2021
Nij mêd