Fermont - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Steat Fermont
State of Vermont
flagge
wapen
Freedom and Unity
Ingelsk
, "Frijheid en Ienheid")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting
VT
lân
Feriene Steaten
status (jier)
steat
1791
haadstêd
Montpelier
grutste stêd
Burlington
offisjele taal
Ingelsk
de facto
sifers
ynwennertal
626.562
(2014)
befolkingstichtens
26,1 / km²
oerflak
24.923
km²
(4,1%
wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme
de
Green Mountain State
tiidsône
UTC
–5
simmertiid
UTC –4
webside
www.vermont.gov
Dizze side giet oer
de Amerikaanske steat Fermont
. Foar oare betsjuttings, sjoch:
Fermont (betsjuttingsside)
Fermont
Ingelsk
Vermont
; útspr.: [vəɹ'mɒnt], likernôch "wurmônt"), offisjeel de
Steat Fermont
(Ingelsk:
State of Vermont
), is ien fan 'e fyftich
steaten
dy't mei-inoar de
Feriene Steaten fan Amearika
foarmje. Fermont, byneamd de
Green Mountain State
, leit yn it noardeasten fan it lân, en heart ta de regio
Nij-Ingelân
. De
haadstêd
is
Montpelier
, mar de grutste
stêd
is
Burlington
. Neffens in skatting út
2014
hie de steat doe 627.000 ynwenners, wêrmei't it kwa
befolkingsgrutte
de 49e (op ien nei lytste) steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande
oerflak
is Fermont mei krapoan 25.000
km² de 45e steat. Fermont stiet bekend om syn moaie lânskip, de prachtige
hjerstkleuren
fan it
wâldlân
en om syn idyllyske
doarpkes
mei wite
hûskes
en lytse
tsjerkjes
Etymology
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De namme fan Fermont komt út it
Frânsk
en betsjut 'griene berch', fan
vert
("grien") en
mont
("berch"). De bynamme fan 'e steat is sadwaande
Green Mountain State
, wat in
Ingelske
oersetting fan 'e Frânske namme is.
Hjerst
yn Fermont.
Geografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fermont hat in
oerflak
fan 24.923
km², wêrfan't 4,1% út
wetter
bestiet. It leit yn 'e
Eastlike Tiidsône
UTC
–5,
simmertiid
–4), en grinzget yn it easten oan 'e
Amerikaanske steat
Nij-Hampshire
, yn it suden oan 'e steat
Massachusetts
en yn it westen oan 'e steat
New York
. Mei Nij-Hampshire, Massachusetts,
Konettikut
Maine
en
Rhode Island
foarmet Fermont de regio
Nij-Ingelân
. De steat mjit 256
km fan noard nei súd en is yn it suden, oan 'e grins mei Massachusetts it smelst, mei in breedte fan 60
km. Yn it noarden hat de steat in 143
km lange ynternasjonale grins mei de
Kanadeeske
provinsje
Kebek
De
Griene Bergen
, in útrinner fan 'e
Appalachen
dêr't Fermont syn namme oan tanket, rinne fan noard nei súd justjes westlik fan 'e middenline fan 'e steat. It is ûndúdlik wêr't dy namme krekt weikomt; guon wolle hawwe dat de iere
Frânske
ûntdekkingsreizgers
de bergen 'grien' neamden om't se mear beboske wiene as de
Wite Bergen
fan
Nij-Hampshire
of it
Adirondack-berchtme
fan
New York
, wylst oaren ferwize nei it grienige
stiente
fan 'e bergen.
De
Champlain-mar
It heechste punt yn Fermont is de
Mount Mansfield
, mei in hichte fan 1.340
m boppe
seenivo
, en it leechste punt is de
Champlain-mar
, op 29
m boppe seenivo. Dy
mar
is it grutste
swietwetterlichem
yn Fermont, en leit yn it noardwesten fan 'e steat op 'e grins mei New York. De wichtichste
rivier
yn 'e steat is de
Konettikut
, dy't alhiel de eastgrins mei Nij-Hampshire foarmet. Der binne yn Fermont gjin federale
Yndianereservaten
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fermont wurdt yn elts gefal al 10.500 jier troch de
minske
bewenne. Tsjin 'e
Renêssânse
waard it grûngebiet fan 'e steat befolke troch
Algonkwynske folken
, wêrûnder de
Mohikanen
en de
Abenaky
. Tusken
1500
en
1600
waarden de measte lytsere stammen út it gebiet ferdreaun troch de
Irokezen
út wat no
New York
is, dy't Fermont neitiid as
jachtgebiet
brûkten. Inkeld de Abenaky wjerstiene de Irokeeske oanfallen. De earste
Jeropeaan
dy't Fermont besocht wie nei alle gedachten de
Frânsman
Jacques Cartier
, yn
1535
. Yn
1609
makke de Frânske
ûntdekkingsreizger
Samuel de Champlain
oanspraak op Fermont as ûnderdiel fan 'e Frânske
koloanje
Nij-Frankryk
. Yn
1666
stifte Frânske kolonisten de earste Jeropeeske delsetting yn Fermont, dy't se
Fort Lamotte
neamden. In fearnsiuw letter, yn
1690
, fêstigen har de earste
Ingelske
kolonisten yn Fermont.
Maityd
yn
Bethel
Tusken
1754
en
1763
fochten de
Britten
en de
Frânsen
û.m. yn Fermont de
Frânske en Yndiaanske Oarloch
út, it
Noardamerikaanske
front fan 'e
Sânjierrige Oarloch
yn
Jeropa
. De Britten besochten tusken
1755
en
1758
ferskate kearen om 'e nocht om yn noardlik Fermont de Frânske fêstings
Fort St. Frédéric
en
Fort Carillon
yn te nimmen. Yn
1759
wist generaal
Jeffery Amherst
lykwols mei in leger fan 12.000 man reguliere troepen en koloniale milysjeleden de Frânsen te ferslaan yn 'e
Slach by Ticonderoga
, en Fort Carillon te feroverjen. Dêrnei ûntrommen de Frânsen Fort St. Frédéric en loeken se har út Fermont werom. By de
Frede fan Parys
stie Frankryk yn
1763
al syn grûngebiet yn Noard-Amearika oan 'e Britten ôf.
Netiid makken de Britske koloanjes
Massachusetts
Nij-Hampshire
en
New York
allegear oanspraak op it doe noch woaste en fierhinne ûnbewenne gebiet dat Fermont wie. Yn
1764
joech de Britske kening
George
III
de krite oan New York. Doe't it Newyorkske bestjoer wegere om 'e eigendomsaktes fan perselen lân te erkennen dy't troch it bestjoer fan Nij-Hampshire ferkocht wiene, late dat ta ferset fan Fermontster kolonisten dy't út Nij-Hampshire kamen. Under lieding fan 'e bruorren
Ethan
en
Ira Allen
en harren neef
Seth Warner
foarmen hja in eigen milysje, dy't bekend kaam te stean as de
Green Mountain Boys
, om 'e belangen fan 'e Fermontster kolonisten te beskermjen tsjin nijynkommelingen út New York.
It
Old Constitution House
, yn
Windsor
, dêr't yn
1777
de
grûnwet
fan Fermont oannommen waard.
Yn
1775
, koart nei it útbrekken fan 'e
Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch
1774
1783
), holpen de
Green Mountain Boys
in groep Amerikaanske
rebellen
út
Konettikut
ûnder lieding fan
Benedict Arnold
om it Britske
Fort Ticonderoga
(it eardere Fort Carillon) yn te nimmen. Dêrnei oardere it
Kontinintaal Kongres
yn
Philadelphia
New York om 'e
Green Mountain Boys
te bewapenjen foar de striid tsjin 'e Britten. Op
15 jannewaris
1777
rôpen de oarspronklike Fermontster kolonisten út Nij-Hampshire de ûnôfhinklikheid fan 'e
Fermontster Republyk
út, al hiet dy it earste healjier noch de Republyk Nij-Konettikut; de namme 'Fermont' waard op
2 juny
fan dat jier oannommen.
Op
16 augustus
1777
waard troch Fermontster en Amerikaanske troepen ûnder
John Stark
yn 'e
Slach by Bennington
, krekt oer de grins yn New York, in grutte oerwinning behelle op
Hessyske
troepen yn Britske tsjinst ûnder lieding fan generaal
John Burgoyne
. Dy slach wurdt wol as in kearpunt yn 'e Unôfhinklikheidsoarloch beskôge. De iennichste
fjildslach
dy't op it grûngebiet fan Fermont útfochten waard, wie de
Slach by Hubbardton
, op
7 july
1777
, wêrby't de rebellen troch de Britten ferslein waarden. Nei't de Amerikanen úteinlik yn
1783
harren ûnôfhinklikheid wûn hiene, foarmen de
trettjin oarspronklike koloanjes
de
Feriene Steaten
. Fermont bleau dêr ynearsten bûten, en bestie as ûnôfhinkliklike republyk fan
1777
oant
1791
. Pas op
18 febrewaris
fan dat jier waard Fermont as de fjirtjinde steat yn 'e
Amerikaanske Uny
opnommen.
De flagge fan 'e ûnôfhinklike
Fermontster Republyk
1777
1791
).
Hoewol't yn Fermont de
slavernij
yn
1777
sterk oan bannen lein waard, duorre it noch oant
1858
ear't dat ynstitút folslein ôfskaft waard. Nettsjinsteande dat spile Fermont troch syn lizzing fuort besuden de
Kanadeeske
grins in wichtige rol yn it
Undergrûnske Spoar
, de geheime organisaasje dy't
neger
slaven
út it
Amerikaanske Suden
nei frijheid yn Kanada ta smokkele. Fan
1854
ôf skaarden de Fermontsters har massaal efter de nije
Republikeinske Partij
, dy't de slavernij yn it hiele lân
ôfskaffe woe
. Under de
Amerikaanske Boargeroarloch
1861
1865
) tsjinnen mear as 34.000 Fermontsters yn it Noardlike leger, wêrfan't krapoan 5.200 man kamen te sneuveljen. Mei ferliezen dy't 15% bedroegen, ferlear Fermont yn ferhâlding mear soldaten as lykfol hokker oare Noardlike steat ek. De meast noardlike militêre treffen fan 'e Boargeroarloch, de
Oerfal op St. Albans
, fûn plak yn Fermont, mar de oerfallers waarden twongen om harren bút op te jaan doe't se oan 'e grins troch de Kanadezen finzen nommen waarden.
Fan 'e midden fan 'e
njoggentjinde iuw
ôf setten har in protte
Ierske
en
Italjaanske
ymmigranten
yn Fermont nei wenjen, dy't ôfkamen op 'e wurkgelegenheid yn 'e
stiengatten
yn 'e omkriten fan
Barre
, dêr't
granyt
wûn wurdt. Yn
1880
wie Fermont ien fan 'e earste Amerikaanske steaten dy't it
frouljuskiesrjocht
ynfierde. Yn
1927
waard de steat troffen troch grutskalige
oerstreamings
, wêrby't 84 minsken de dea fûnen. Yn 'e
hjerst
fan
1938
blies in
orkaan
61.000
km² wâldlân plat, wat delkaam op in trêdepart fan it boskgebiet fan Fermont. Hjoed de dei binne de measte âldere
beammen
yn 'e steat 75 jier âld, wêrmei't se datearje fan krekt nei dat
barren
. Yn
augustus
2011
liet de
tropyske stoarm Irene
boppe Fermont sa'n soad
rein
falle, dat der op 'e nije grutskalige oerstreamings ûntstiene, dy't foar miljoenen
dollars
skea oanrjochten.
It Steatskapitoal fan Fermont, yn
Montpelier
Bestjoer
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fermont bestiet bestjoerlik út 14
countys
. De
steatshaadstêd
Montpelier
, leit yn
Washington County
, justjes benoarden it
geografyske
sintrum fan 'e steat. Krekt as alle Amerikaanske steaten wurdt Fermont bestjoerd troch in steatsregear mei oan it haad de
gûverneur
. De
wetjaande macht
is yn 'e hannen fan 'e
Algemiene Assimblee fan Fermont
, dy't bestiet út 'e Steatssenaat mei 30 sitten en it Steatshûs fan Offurdigen mei 150 sitten. Yn 'e
Amerikaanske Senaat
wurdt Fermont, lykas alle Amerikaanske steaten, fertsjintwurdige troch 2
senators
. Yn it
Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
hat Fermont fanwegen syn lytse befolking mar 1 sit.
It politike lânskip fan Fermont wurdt folle minder as yn oare
Amerikaanske steaten
behearske troch de beide grutte Amerikaanske
politike partijen
, de
Demokratyske Partij
en de
Republikeinske Partij
. Yn ferkiezings dêr't inkeld de beide grutte partijen oan meidogge, waard de Fermontster
polityk
fanôf de oprjochting fan dy
partij
yn
1854
oant yn 'e
1970
-er jierren dominearre troch de Republikeinen; sûnt lûke de Demokraten oer it algemien oan it langste ein. De Fermontsters fan
Frânsk
en
Frânsk-Kanadeesk
komôf, dy't de grutste befolkingsgroep foarmje, stimme yn grutte mearderheid Demokratysk, wylst de op ien nei grutste groep, de Fermontsters fan
Ingelsk
komôf, yn grutte mearderheid Republikeinsk stimme. Alle oare befolkingsgroepen stimme yn 'e regel heal om heal Demokratysk en Republikeinsk.
Net in
tsjerke
, mar it gearkomstesintrum yn
Marlboro
Op lokaal en steatsnivo (en ek by guon federale ferkiezings) spylje de beide grutte partijen yn Fermont mar in beheinde rol. Fermontsters steane nammentlik bekend om harren politike ûnôfhinklikheid, en de regels dy't yn 'e oare Amerikaanske steaten de aktiviteiten fan trêde partijen oan bannen lizze, besteane yn Fermont net. Boppedat is de steat ien fan 'e progressyfste dielen fan 'e Feriene Steaten, mooglik ûnder ynfloed fan 'e noarderbuorlju yn
Kebek
. Sadwaande is it yn Fermont mooglik dat
sosjalisten
ta
boargemaster
en sels
senator
keazen wurde (lykas
Bernie Sanders
, dy't yn
2016
bekendheid krige as presidintskandidaat), wat yn 'e measte oare Amerikaanske steaten ûntinkber wêze soe.
Fermont is ien fan fjouwer Amerikaanske steaten dy't foar harren opname yn 'e
Amerikaanske Uny
ûnôfhinklike lannen wiene (de oare trije binne
Kalifornje
Teksas
en
Hawaï
). De steat hat in reputaasje fan dwerskoppichheid, en wie bygelyks (mei
Maine
) ien fan 'e iennichste twa steaten dy't by al syn fjouwer ferkiezings ta presidint tsjin
Franklin D. Roosevelt
stimde. Yn
2009
wie Fermont de fjirde Amerikaanske steat dy't it
homohoulik
ynfierde. Yn
2013
wie Fermont ek de fjirde Amerikaanske steat dy't in foarm fan
eutanasy
foar terminaal siken legalisearre. Yn Fermont hat de steat it
monopoalje
op 'e ferkeap fan
alkohol
, mei as gefolch dat der jiers $14 miljoen nei de steatskas ta floeit. Der bestiet yn Fermont in lytse politike beweging, de saneamde
Twadde Fermontster Republyk
, dy't him ynset foar
ôfskieding
fan 'e Feriene Steaten, mei as doel om fan Fermont wer in ûnôfhinklik lân te meitsjen.
It
sky-oard
Stowe
Ekonomy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Yn
2010
bedroech it totale
bruto steatsprodukt
fan Fermont $26 miljard. De
lânbou
droech dêr yn
2000
foar 2,2% oan by, foar it meastepart mei
suvelprodukten
. Datselde jiers wie likernôch 3% fan 'e Fermontster beropbefolking yn 'e lânbou wurksum. Fierders is foar Fermont ek de
boskbou
fan belang. De
yndustry
leit him benammen ta op 'e produksje fan
technology
en
masineryen
. It
bank
- en
fersekeringswêzen
spilet fierders in almar groeiende rol yn 'e Fermontster
ekonomy
. Ta ein beslút moat it
toerisme
net fergetten wurde, mei't in protte lju nei de steat ta komme, by't
winter
om te
skyen
hjerstmis
om fan 'e
natoerpracht
fan 'e wâlden te genietsjen, en
simmerdeis
om te
angeljen
en te
jeien
Demografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Neffens in offisjele rûzing troch it
Amerikaanske Folkstellingsburo
(op grûn fan gegevens fan 'e Amerikaanske
folkstelling
fan
2010
) hie Fermont yn
2014
626.562 ynwenners, wat in groei fan 0,13% is yn ferhâlding ta de stân fan saken yn
2010
. De
befolkingstichtens
wie yn
2014
26,1 minsken de km². Fermont is ien fan mar twa
Amerikaanske steaten
(de oare is
Wyoming
) dy't in lytsere befolking hawwe as it federale
Distrikt Kolumbia
Befolkingstichtens
yn Fermont.
De grutste
stêd
fan 'e steat is
Burlington
, mei 42.000 ynwenners yn
2010
. Oare gruttere plakken binne:
Essex
(20.000),
South Burlington
(18.000),
Colchester
(17.000),
Rutland
(17.000),
Bennington
(16.000),
Brattleboro
(12.000) en
Milton
(10.000). De steatshaadstêd
Montpelier
hat mar 7.900 ynwenners. Yn
2009
wie 47,8% fan 'e befolking fan Fermont bûten de steat berne.
Etnisiteit
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske
folkstelling
fan
2010
wie de
etnyske
opbou fan 'e Fermontster befolking doe sa: 94,3%
blanken
; 1,5%
Latino's
; 1,3%
Aziaten
; 1,0%
swarten
; 0,4%
Yndianen
; 1,5% oaren of fan mingd etnysk komôf.
In strjitbyld yn
Montpelier
, de
haadstêd
fan Fermont.
Blanke Fermontsters binne fierhinne fan
Noardwestjeropeeske
orizjine, mei as grutste oarsprongsgroepen
Frânsen
en
Frânsk-Kanadezen
(23,9% fan 'e totale befolking fan 'e steat),
Ingelsen
(18,6%),
Ieren
(17,9%),
Dútsers
(10,3%),
Italjanen
(7,5%),
Angelsaksyske Amerikanen
(7,0%),
Skotten
(5,0%),
Poalen
(3,9%),
Ulstersen
(2,7%),
Sweden
(1,9%),
Nederlanners
(1,6%),
Russen
(1,4%) en
Welsen
(1,4%). Fermontsters fan Ingelsk komôf binne frij gelyk oer de hiele steat ferspraat, mar de lju fan Frânsk-Kanadeesk komôf binne foar in oansjenlik part gearklofte yn it noarden.
Fermont omfiemet gjin
federaal erkende Yndianestammen
, mar sûnt
2006
genietsje de
Abenaky
as
folk
yn Fermont
wetlike
erkenning as minderheid, wat ûngebrûklik is yn 'e Feriene Steaten dêr't almeast erkenning skonken wurdt oan spesifike stamme-organisaasjes ynstee fan oan hiele
etnyske groepen
. Yn dat ramt binne der ek noch 4 fan sokke stamme-organisaasjes fan 'e Abenaky
dy't erkenning fan 'e steat, mar net fan 'e federale autoriteiten hawwe
. Dat binne:
de
El-nu Abenaky Stamme
(erkende sûnt
2011
de
Koasek Tradisjonele Troep fan de Soevereine Abenaky Naasje
(erkend sûnt
2012
de
Nulhegan Troep fan it Kûsuk-Abenaky Folk
(erkend sûnt
2011
de
St. Francis/Sokoky Troep fan Abenaky fan Fermont
(erkend sûnt
2012
De
Mount Mansfield
, it heechste punt fan Fermont.
Taal
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fermont hat gjin
offisjele taal
dy't as sadanich by
wet
fêstlein is, mar
de facto
ferfollet it
Ingelsk
dy funksje. Foar de oergrutte mearderheid fan 'e Fermontster befolking is dy taal ek de
memmetaal
. Neffens gegevens fan 'e Amerikaanske
folkstelling
fan
2000
kaam op it twadde plak it
Frânsk
, dat troch 2,5% fan 'e befolking as memmetaal sprutsen waard, en op it trêde plak it
Spaansk
, dat foar 1,0% fan 'e befolking de memmetaal wie.
Godstsjinst
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Op it mêd fan
godstsjinst
bestie yn
2008
55% fan 'e befolking fan Fermont út
kristenen
, wêrûnder 29%
protestanten
en 26%
roomsen
. De grutste protestantske denominaasjes wiene de
Feriene Tsjerke fan Kristus
mei 16.000 leden en de
Feriene Metodistyske Tsjerke
mei 15.000 leden.
Ateïsten
en
agnosten
foarmje 34% fan 'e befolking, wat it heechste persintaazje is yn 'e hiele Feriene Steaten. Oanhingers fan oare godstsjinsten meitsje 4% fan 'e befolking út.
It lânskip fan Fermont by
Hancock
Klimaat
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Fermont hat in fochtich
lânklimaat
, mei kâlde en
snieïge
winters
, drekkige
maitiden
, mylde iere
simmers
en hjitte simmerseinen. De steat stiet bekend om syn
hjersten
, as it
wâldlân
in ûnoertroffen kleurepracht oannimd fan read, oranje en giel. It
agraryske
groeiseizoen duorret yn Fermont mar 120-180 dagen. Sels yn it suden fan 'e steat leit de trochsneed
temperatuer
oerdeis yn
jannewaris
, de kâldste moanne fan it jier, om 'e –4
°C hinne. Yn it noardeastlike part fan 'e steat is it it hiele jier troch sa'n 5,6
°C kâlder as yn it suden. Rekôrtemperatueren yn Fermont wiene 41
°C, op
4 july
1911
yn
Vernon
, en –46
°C op
30 desimber
1933
te
Bloomfield
Delslachhoemannichten
lizze om 'e 710
mm hinne, wylst de steat jiers tusken de 2.000 en 2.400 oeren
sinneskyn
kriget.
Keppelings om utens
bewurkje seksje
boarne bewurkje
(in)
Offisjele webside fan it regear fan Fermont
Boarnen, noaten en referinsjes
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder:
References
en
Bibliography
, op dizze side
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Vermont
fan
Wikimedia Commons
Feriene Steaten
steaten
Alabama
Alaska
Arizona
Arkansas
Delaware
Fermont
Firginia
Floarida
Georgia
Hawaï
Idaho
Illinois
Indiana
Iowa
Kalifornje
Kansas
Kentucky
Kolorado
Konettikut
Louisiana
Maine
Marylân
Massachusetts
Michigan
Minnesota
Mississippy
Missoery
Montana
Nebraska
Nevada
Nij-Hampshire
New York
Nij-Jersey
Nij-Meksiko
Noard-Dakota
Noard-Karolina
Ohio
Oklahoma
Oregon
Pennsylvania
Rhode Island
Súd-Dakota
Súd-Karolina
Teksas
Tennessee
Utah
Washington
West-Firginia
Wyoming
Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen
Amerikaansk-Samoä
Gûam
Noardlike Marianen
Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
Opfrege fan "
Kategoryen
Fermont
Steat yn de Feriene Steaten
Nij-Ingelân
Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1791
Fermont
Nij mêd