Frysk - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Frysk
It Westerlauwersk Fryske taalgebiet yn
Nederlân
algemien
oare
namme(n)
Westerlauwersk Frysk
eigen
namme
Frysk
lânseigen
yn
Nederlân
tal
sprekkers
600.000
(2004)
skrift
Latynsk alfabet
taalsibskip
taalfamylje
Yndo-Jeropeesk
Germaansk
Westgermaansk
Noardwestgermaansk
Frysk
Westerlauwersk Frysk
dialekten
Wâldfrysk
Klaaifrysk
Noardhoeksk
Súdwesthoeksk
Hylpersk
Aastersk
Skylgersk
Skiermûntseagersk
Molkwardersk
taalstatus
offisjele status
Nederlân
Fryslân
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân
taalkoades
ISO 639-1
fy
ISO 639-2
fry
ISO 639-3
fry
It
Frysk
is de lânseigen
taal
dy't fan âlds sprutsen wurdt troch de
Westerlauwerske Friezen
, yn it gebiet dat no rûchwei omfieme wurdt troch de
Nederlânske
provinsje
Fryslân
. It hat dêr in offisjele status gelyk oan dy fan it
Nederlânsk
. It Frysk heart ta de
Noardwestgermaanske kloft
fan 'e
Westgermaanske talen
, en foarmet dêrbinnen de
Fryske taalgroep
mei it yn
Dútslân
sprutsen
Noardfrysk
en
Sealterfrysk
. Yn akademyske fermiddens wurdt it Frysk faak fan Westerlauwersk Frysk neamd, om it fan 'e oare Fryske talen te ûnderskieden. Yn it bûtenlân wurdt ornaris fan "
Westfrysk
" sprutsen, mar yn Nederlân is dat de oantsjutting foar in
Hollânsk
dialekt
mei in Frysk
substraat
, út 'e
Kop fan Noard-Hollân
Mei sa'n 600.000 sprekkers is it Frysk fierwei de grutste fan 'e trije Fryske talen, en foarmet in middenmoater as men nei alle
Jeropeeske
talen sjocht. Histoarysk is it Frysk fuortkommen út it
Aldfrysk
, dat him fia it
Midfrysk
ta it
Nijfrysk
ûntwikkele hat. It moderne Frysk falt útinoar yn in fjouwertal grutte
dialekten
dy't lykwols mar sa'n bytsje ferskille dat men suver better fan taalfarianten sprekke kin. Dêrnjonken besteane ek noch fjouwer lytse, sterk ôfwikende en tsjintwurdich slim yn har fuortbestean bedrige dialekten, dy't sprutsen wurde op 'e
Waadeilannen
en yn it lang tige isolearre
havenstedsje
Hylpen
. Fral it
Hylpersk
en it
Skiermûntseagersk
binne wat
argaysker
as de oare
Fryske dialekten
. De
Fryske standerttaal
is lykwols fierhinne basearre op 'e beide grutte dialekten fan it
Klaaifrysk
en it
Wâldfrysk
. Op 't heden wurdt it Frysk op al mar mear maatskiplike terreinen brûkt, en nettsjinsteande ûnheilsprofeten dy't it al withoelang om it hoartsje krektoarsom foarsizze, liket it der net op dat it foarearst útstjerre sil.
Taalsibskip
Taalgebiet fan de trije moderne Fryske talen.
It Frysk heart ta de grutte
Yndo-Jeropeeske taalfamylje
, dy't bygelyks ek talen as it
Frânsk
Gryksk
Russysk
Perzysk
en
Hindy
omfiemet. Mei û.m. it
Deensk
Noarsk
en
Sweedsk
wurdt it ta de
Germaanske talen
rekkene, en dêrbinnen foarmet it mei bygelyks it
Dútsk
Nederlânsk
en
Jiddysk
de
Westgermaanske taalgroep
. It Frysk is lykwols nauwer besibbe oan it
Ingelsk
en it
Skotsk
, wêrmei't it de
Noardwestgermaanske talen
foarmet. Dy falle dan wer útinoar yn 'e
Angelsaksyske talen
en de
Fryske talen
Der wurdt wol sein dat it (Westerlauwersk) Frysk de taal is dy't it naust oan it Ingelsk besibbe is, mar noch ôfsjoen fan it feit dat dêrby foarbygien wurdt oan 'e oare Fryske talen en oan oare Angelsaksyske talen lykas it Skotsk, is dat al lang net mear wier. Yn 'e
Midsiuwen
wiene it
Aldfrysk
en it
Aldingelsk
(of Angelsaksysk) inoar yndie net wanlyk, mar troch de oanhâldende ynfloed fan (ferskillende) oanbuorjende talen en oare omstannichheden binne it Ingelsk en it Frysk troch de iuwen hinne sterk útinoar groeid. Ien fan 'e wichtichste ferskillen is datoangeande de ûnbidige ynfloed dy't it
Frânsk
sûnt de
Normandyske Ynfaazje
fan
1066
op it Ingelsk útoefene hat, wylst it Frysk, benammen fan 'e
sechstjinde iuw
ôf, krekt in sterke
Nederlânske
ynfloed ûndergien hat. De oerienkomsten dy't der hjoed de dei noch binne tusken it Frysk en Ingelsk sjocht men yn 'e
basiswurdskat
, d.w.s. yn wurden dy't faak brûkt wurde en dy't der om it jier 1300 bygelyks ek al wiene, lykas "tsiis" (
cheese
) en "kaai" (
key
). Mar ek by de ûntjouwing fan fokalen út it
Oergermaansk
by wurden lykas "grien" (
green
), "fiele" (
feel
), "riede" (
read
) en sa folle mear. De oerienkomsten binne ek noch altiten te sjen oan 'e
palatalisaasje
fan
bylûden
as 'k' en 'g' dy't yn guon wurden yn it Frysk en Ingelsk ta 'tsj' of 'j' waarden. Fergelykje foarbylden as "tsjerke" en
church
en "juster" en
yesterday
De taalsitewaasje yn
Noard-Nederlân
It (Westerlauwersk) Frysk is it naust besibbe oan 'e oare beide Fryske talen, it
Noardfrysk
en it
Sealterfrysk
. It Noardfrysk wurdt sprutsen yn
Noard-Fryslân
, oan 'e
Noardseekust
fan 'e
Dútske
dielsteat
Sleeswyk-Holstein
, krekt besuden de
Deenske
grins. It Sealterfrysk wurdt yn 'e krite
Sealterlân
, tusken
Aldenboarch
Kloppenboarch
en de Nederlânske grins sprutsen, yn 'e Dútske dielsteat
Nedersaksen
. Dy taalfoarm is it iennichste noch libbene dialekt fan it
Eastfrysk
(of Easterlauwersk Frysk), wêrfan't it taalgebiet yn earder tiid fan 'e
Lauwers
oant de
Wezer
rûn. De trije Fryske talen binne lykwols al yn 'e
Midsiuwen
elk har eigen paad gien, en binne no al lang net mear ûnderling fersteanber.
Ferlykje de folgjende wurden yn it Westerlauwersk Frysk, it Sealterfrysk, it Noardfrysk fan it fêstelân (yn it
Mooring
-dialekt) en it Noardfrysk fan 'e eilannen (yn it
Fering
-dialekt):
taal
foarbyldwurden
Westerlauwersk Frysk:
holle
haad-
foarholle
each
noas
mûle
tosk
kin
wang
ear
Sealterfrysk
Kop
Haud-
Stierne
Oge
Nose
Mule
Tusk
Keeuwe
Soke
Oor
Noardfrysk
(Mooring)
hood
foorhood
uug
noos
müs
täis
kan
siik
uur
Noardfrysk
(Fering)
hood
braanj
uug
nöös
mös
tus
kan
sjuuk
uar
Taalgebiet
It Frysk wurdt sprutsen op it fêstelân fan 'e Nederlânske provinsje
Fryslân
, útsein de
Stellingwerven
yn it súdeasten, eastlik
Kollumerlân
yn it noardeasten en
it Bilt
, de âlde mûning fan 'e
Middelsee
, yn it noarden. Op 'e
Waadeilannen
wurdt Frysk sprutsen op
Skiermûntseach
en de westlike en eastlike úteinen fan
Skylge
, mar net op
it Amelân
of
Flylân
, en likemin yn 'e omkriten fan it
doarp
Midslân
, op 'e midden fan Skylge. Fierders wurdt der ek Frysk sprutsen yn in lyts part fan 'e provinsje
Grinslân
dat tsjin Fryslân oanleit, yn 'e trijehoeke dy't bestiet út 'e plakken
Mearum
De Wylp
en
De Grinzer Pein
Behalven Frysk wurde yn 'e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske
streektalen
sprutsen, dy't yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de
Nedersaksyske
dialekten, dy't lânseigen binne yn 'e súdeastlike râne fan 'e provinsje. It
Stellingwerfsk
is dêrfan it grutst en bekendst, mar fierders wurdt yn eastlik Kollumerlân in foarm fan
Westerkertiersk
sprutsen dy't wol betitele wurdt as
Kollumerlânsk
, wylst it doarp
Kollumerpomp
syn eigen dialekt hat, it
Pompstersk
. Dêrnjonken binne der dan noch de
Hollânske
dialekten, wêrfan't it no útstoarne
Flylânsk
as
Westfrysk
klassifisearre wurde kin, wylst it
Midslânsk
Amelânsk
Biltsk
en
Stedsk
mei-inoar de
Hollânsk-Fryske mingdialekten
foarmje.
De Stedske dialekten hiene foarhinne in hege maatskiplike status as taal fan 'e
adel
en de
boargerlike
hegerein
, mar binne sûnt de ein fan 'e
njoggentjinde iuw
yn dit opsjoch op har retoer. Sadwaande, en troch it ferfarren fan in protte Frysktaligen fan it plattelân nei de stêd, hat it Frysk yn 'e
tweintichste iuw
ek mear foet oan 'e grûn krigen yn 'e Fryske stêden, dêr't it earder minder brûkt waard. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it Frysk fan plattelanners dy't nei de stêd ferhuzen as regel wol ûnderinoar mar net sa gau tsjin net-Fryskpraters brûkt wurdt. De twadde
generaasje
dy't yn'e stêd opwoeksen is brûkt it Frysk al folle minder of alhiel net mear. Fierders moat op dit mêd ek ûnderskie makke wurde tusken de ferskillende stêden. Yn
Ljouwert
hat it Frysk bgl. folle minder draachflak krigen as yn
Dokkum
. Ek yn
Harns
bestiet fan âlds in minder positive ynstelling foar it Frysk oer. Oarsom, in (lyts) part fan de stedsjers en net-Friezen dy't nei it plattelân ferhúzje, leare en brûke dêr Frysk. Twa- en trijetaligen binne by de taal dy't hja kieze oan harren sitewaasje en relaasje bûn en dêrom binne 'Frysktaligen', 'Stedsktaligen' en 'Nederlânsktaligen' inoar oerlaapjende kategoryen, dy't allinnich yn relatyf opsicht ûnderskaat wurde kinne.
Terreinferlies fan it Frysk yn
Nederlân
troch de iuwen hinne. (Sjoch foar in kaartsje oer it terreinferlies fan 'e Fryske talen yn alle Fryske gebieten it artikel oer it
Aldfrysk
).
Skiednis
Prehistoarje
Foar it ûntstean fan it Frysk moat der yn it gebiet dat no Fryslân foarmet, in oare taal sprutsen wêze, mooglik troch de oarspronklike bewenners fan dizze kontreien, foar't de
Germanen
dêr't de
Friezen
fan ôfstamje harren hjirre nei wenjen setten. Dy taal wurdt wol oantsjut as
Pre-Frysk
, mar de
taalkundigen
binne it der net oer iens oft der fan dy
substraattaal
yn it hjoeddeiske Frysk noch spoaren werom te finen binne.
Tsjin'e
trêde iuw
begûn him út it
Noardwestgermaansk
fan 'e Friezen in eigen taal te ûntwikkeljen. It ierste stadium dêrfan, doe't it noch in dialekt wie, wurdt wol it
Proto-Frysk
of primityf Frysk neamd. Dizze taalfoarm is inkeld bewarre bleaun yn koarte, isolearre en fragmintaryske
rune-ynskriften
, dy't faak dreech oersetber en foar mearderlei útlis fetber binne. In bettere boarne lykje sadwaande âlde
plaknammen
te wêzen, dy't earst sûnt
700
lûdsferskynsels sjen litte dy't ûnderskiedend binne foar it Frysk. Dêrom wurdt yn 'e regel ornearre dat der pas om dy tiid hinne in as sadanich werkenbere Fryske taal ûntstien is.
Fan 'e
sânde
oant de
santjinde iuw
hat it Frysk oanhâldend terrein priisjaan moatten oan it
Hollânsk
en it
Nedersaksysk
. Sûnt de santjinde iuw is it Fryske taalgebiet yn Nederlân lykwols min ofte mear gelyk bleaun. De lettere skiednis fan 'e Fryske taal wurdt ornaris opdield yn trije tiidrekken, nammentlik dy fan it
Aldfrysk
(1150-1550), it
Midfrysk
(1550-1820) en it
Nijfrysk
(1820-hjoed). Guon taalkundigen beskôgje it Midfrysk lykwols net as in aparte perioade mar diele it by it Nijfrysk yn.
De earste side fan it
Freeska Landriucht
, it earste printe boek yn it Frysk, datearjend fan omtrint
1485
It Aldfryske tiidrek
Sjoch:
Aldfrysk
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
De
Aldfryske
perioade begûn eins daliks nei it ûntstean fan it Frysk yn 'e
sânde iuw
, mar om't it mar oerlevere is fan likernôch
1150
ôf, wurdt dat jier gauris as begjin oanholden. Yn dizze snuorje kamen yn it Frysk noch
namfallen
foar en wie der ûnderskie tusken de manlike en froulike
grammatikale geslachten
De âldste oerlevere Fryske tekst wie lang in fragmintaryske
psalmoersetting
út 'e ein fan 'e
tolfde iuw
, mar yn
2015
waard yn in fierders
Latynsktalich
manuskript in koarte notysje yn it Aldfrysk ûntdutsen, besteande út 'e wurden
Lesa mi, helpe mi
("Ferlos my, help my"), dy't datearret út 'e perioade
1100
1125
Alle oare oerlevere teksten, benammentlik
rjochtshânskriften
, binne fan 'e
trettjinde iuw
of letter. De measten datearje út 'e
fjirtjinde
en
fyftjinde iuw
, want tusken
1300
en
1500
belibbe it Frysk in grutte bloeitiid as skriuwtaal. It waard brûkt yn alle fasetten fan it bestjoer yn
Fryslân
, en wie sa wichtich, dat al om
1485
hinne it earste drukte boek yn it Frysk ferskynde, de
Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht
. Dat is foar sa'n lytse taal tige seldsum, mei't de
boekdrukkeunst
amper 35 jier earder útfûn wie.
Om
1500
hinne kaam oan 'e bloeitiid fan it Frysk lykwols abrupt in ein. Foar in grut part wie dat in gefolch fan 'e machtsoername troch
Albrecht fan Saksen
, yn
1498
, dy't it Frysk as bestjoerstaal ferfong troch it
Hollânsk
en yn 'e jierren dêrnei in grut tal útlânske amtners oanloek. It Frysk waard weromkrongen nei it plattelân, dêr't it, relatyf isolearre fan it Hollânsk troch de minne ferbinings fan dy tiid, as sprektaal fan frijwol de hiele befolking fuortlibbe. De ein fan 'e Aldfryske perioade, dy't ornaris om
1550
hinne lein wurdt, kin lykslein wurde mei dizze weromfal fan skriuw- ta sprektaal.
It stânbyld foar
Gysbert Japiks
yn
Boalsert
It Midfryske tiidrek
Sjoch:
Midfrysk
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
It begjin fan 'e
Midfryske
perioade (1550-1820) foel rûchwei gear mei it begjin fan 'e
Tachtichjierrige Oarloch
1568
) en it ûntstean fan 'e
Republyk fan de Feriene Provinsjes
1585
). Hoewol't der dus in nije snuorje fan frijheid oanbriek, krige it Frysk syn posysje fan foar
1498
net werom. Dat hie alles te krijen mei de opkomst fan
Hollân
as it oerhearskjende part fan 'e Republyk en fan it Hollânsk as de dominante taal yn
bestjoerlike
juridyske
en
religieuze
oangelegenheden. Benammen it ferskinen fan 'e
Steatefertaling
(de troch de
Steaten-Generaal
autorisearre oersetting fan 'e
Bibel
), yn
1637
, wie in mylpeal foar de ynfloed en fersprieding fan it Hollânsk, en hie jammerdearlike gefolgen foar de status en wurdskat fan it Frysk en oare minderheidstalen en dialekten yn 'e Republyk. Ek de
Universiteit fan Frjentsjer
, de
tsjerke
as ynstitút, it
ûnderwiis
en letter de
parse
hawwe neat bydroegen oan it behâld fan it Frysk.
Yn it Midfryske tiidrek waard der sadwaande ek hast neat yn it Frysk skreaun, behalven
sprekwurdesamlings
en it wurk fan guon gelegenheidsdichters. De grutte útsûndering op dy regel wie
Gysbert Japiks
1603
1666
), in
skoalmaster
en
foarsjonger
út
Boalsert
, en ien fan 'e grutste
skriuwers
en
dichters
dy't it Frysk ea fuortbrocht hat. Mei syn dichtwurk, oersettings, brieven en benammen mei syn postúm yn
1668
ferskynde
Friesche Rymlerye
lei hy de grûnslach foar de moderne
Fryske literatuer
en
stavering
Joast Hiddes Halbertsma
It Nijfryske tiidrek
Sjoch:
Nijfryske literatuer
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Nei Gysbert Japiks syn dea duorre it oant it begjin fan 'e
njoggentjinde iuw
foar't syn oanset in ferfolch krige. Dat foel gear mei it begjin fan 'e
Nijfryske
perioade, dat ornaris om
1820
hinne pleatst wurdt, om't him doe de saneamde
nijere brekking
, in tige wichtige taalkundige fernijing, yn it Frysk oppenearre. Fierwei it wichtichst ûnder de Fryske skriuwers en dichters fan 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw wiene de
bruorren Halbertsma
Joast Hiddes Halbertsma
1789
1869
),
minnistysk
dûmny
te
Boalsert
en nei
1822
te
Dimter
, en
Eeltsje Hiddes Halbertsma
1797
1858
),
dokter
te
Grou
. De trêde broer,
Tsjalling Hiddes Halbertsma
1792
1852
), dy't bûterkeapman te Grou wie, stie wat de literêre ynhâld fan syn wurk oanbelange yn it skaad fan syn bruorren, mar syn folkslektuer foel der wakker yn by de gewoane man. It samle wurk fan 'e bruorren Halbertsma waard yn
1822
útjûn as in boekje fan 36 siden, yn in oplaach fan twahûndert eksimplaren, ûnder de titel
De Lapekoer fen Gabe Skroor
. De twadde printinge, út
1829
, hie 237 siden en de trêde, út
1834
, hast 500. Dêrnei waarden oanfollings apart publisearre yn
1836
1840
1845
en
1858
. Letter waard al it wurk fan 'e Halbertsma's sammele om postúm te ferskinen as it masterwurk
Rimen en Teltsjes
, it Fryske nasjonale literêre boek, dêr't yn
1993
de tsiende printinge fan útkaam en dat noch altiten populêr is.
Oare wichtige Fryske skriuwers en dichters út 'e njoggentjinde iuw wiene û.m.:
Harmen Sytstra
1817
1862
),
Hjerre Gjerrits van der Veen
1816
1887
),
Waling Dykstra
1829
1914
),
Tsjibbe Gearts van der Meulen
1824
1906
),
Lútzen Harmens Wagenaar
1855
1910
) en
Piter Jelles Troelstra
1860
1930
). Dyselde wie njonken oprjochter en earste lieder fan 'e
SDAP
ek skriuwer fan in grut tal Fryske gedichten en lieten, dêr't
It Aldershûs
en
Eala Fria Fresena
tsjintwurdich de bekendsten fan binne. By dy opsomming mei fierders ek Troelstra syn earste frou,
Sjoukje Maria Diederika Bokma de Boer
1860
1939
) net ûntbrekke, dy't sawol yn it Frysk as yn it Nederlânsk skreau en nasjonale ferneamdens krige ûnder har
pseudonym
Nynke van Hichtum
, mei har boek
Afke's Tiental
(letter oerset yn it Frysk as
De Tsien fan Martens Afke
).
De
dichter
Obe Postma
Yn 'e
tweintichste iuw
waard de renêssânse fan 'e
Fryske literatuer
fuortset troch skriuwers en dichters as
Obe Postma
1868
1963
),
Geart Aeilco Wumkes
1869
1954
),
Simke Kloosterman
1876
1938
),
Reinder Brolsma
1882
1953
),
Eeltsje Boates Folkertsma
1893
1968
),
Fedde Schurer
1898
1968
),
Ulbe van Houten
1904
1974
),
Nyckle J. Haisma
1907
1943
),
Douwe Annes Tamminga
1909
2002
),
Hylkje Goïnga
1930
2001
),
Rink van der Velde
1932
2001
),
Trinus Riemersma
1938
2011
) en withoefolle oaren. In apart plak wurdt ynnommen troch
oersetters
, lykas
Douwe Kalma
1896
1953
), dy't it hiele oeuvre fan
Shakespeare
nei it Frysk ta oerbrocht, en
Klaas Bruinsma
1931
), dy't al sûnt de jierren santich yn 't spier is om 'e
Aldgrykske
toanielstikken
fan
Sofokles
Aiskylos
Euripides
en
Aristofanes
yn it Fryske oer te setten, en fierders de
Ilias
en de
Odyssee
fan
Homearus
en oare
epyske wurken
út 'e
Klassike Aldheid
, mar dêrnjonken ek
Midsiuwske
ridderromans
Latynske
hilligelibbens
en de
Spaansktalige
poëzij
fan 'e
Sileenske
Nobelpriiswinner
Pablo Neruda
en oaren.
De Fryske Beweging
Sjoch:
Fryske Beweging
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
De earste
organisaasjes
dy't rjochte wiene op it behâld fan 'e Fryske
taal
en
kultuer
, waarden oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw oprjochte. De alderearste dêrfan wie it yn
1827
stifte
Friesch Genootschap voor Geschied-, Oudheid- en Taalkunde
, dat trouwens ornaris net ta de
Fryske Beweging
rekkene wurdt om't it it
Nederlânsk
as fiertaal brûkte en pommeranten út dit fermidden gauris negatyf sputsen en skreaune oer de
emansipaasje
fan it Frysk. Wichtiger foar it Frysk wie dan ek it
Selskip foar Fryske Tael- en Skriftekennisse
, dat oprjochte waard yn
1844
It
Coulonhûs
, de sit fan 'e
Fryske Akademy
Eksamens yn de Fryske taal yn in
Polygoonsjoernaal
út 1946
Oant en mei de
njoggentjinde iuw
hie it
ûnderwiis
it Frysk iuwenlang tsjinwurke of op syn bêst negearre. Noch yn
1816
waard yn it ûnderwiisalmenak de
skoalmasters
oanmoanne om it "
vriesch boersch
" yn en om 'e skoallen dochs fral net ta te litten. Tsjin it begjin fan 'e
tweintichste iuw
kaam der yn
Fryslân
lykwols in rop om it Frysk as fak op 'e skoallen te ûnderwizen. Under mear ta dat doel rjochte yn
1915
in groep jonge Fryske skriuwers de
Jongfryske Mienskip
op, dy't doelbewust en systematysk in kampanje fierde foar de fierdere ûntwikkeling en ferheffing fan it Frysk. In geweldich súkses wie dêrby, yn
1938
, de oprjochting fan 'e
Fryske Akademy
, dy't him mei it yn
1941
stifte
Frysk Ynstitút oan de Ryksuniversiteit Grins
ta it sintrum fan 'e Fryske
taalkunde
ûntjoech.
Op
godstsjinstich
mêd waarden it
Kristlik Frysk Selskip
, dat de
protestantske denominaasjes
fertsjintwurdige, en it
Roomsk Frysk Bûn
oprjochte, resp. yn
1908
en
1917
. Dizze beide organisaasjes wiene ferantwurdlik foar it ta stân kommen fan 'e Fryske psalmberiming, it plakfinen fan 'e earste Frysktalige
tsjerketsjinsten
en de Fryske oersetting fan 'e
Bibel
, dy't yn
1943
einlik útkaam. It Roomsk Frysk Bûn waard trouwens yn
1997
opheft, hoewol't it syn wurk foar in part fuortset as de stifting
Mei Alle Wille
. It Kristlik Frysk Selskip waard neitiid omneamd ta
Krúspunt
It logo fan 'e
Ried fan de Fryske Beweging
Wer in oare organisaasje dy't it om it behâld fan it Frysk te dwaan is, is it
Frysk Bûn om Utens
, dat dernei stribbet om 'e bân tusken de Fryske migranten bûten de provinsje en it heitelân libben te hâlden. Ek hjoed de dei is it Frysk Bûn om Utens noch tige aktyf, mei 17 oansletten kriten, yn
Apeldoarn
Arnhim
Assen
Boadegraven
De Haach
Haarlim
Hilversum
Hoarn
Hurderwyk
Lelystêd
Meppel
Seist
Súdeast-Drinte
Swol
Twinte
Utert
en
Wageningen
. Teffens binne der twa kriten dy't net by it Bûn oansletten binne, yn
Den Helder
en yn
Roan
. Noch wer in oare Fryske organisaasje is de
Federaasje fan Fryske Studinteferienings
, dy't oprjochte waard yn
1930
. Hjirby binne de studinteferienings
F.F.J.
Bernlef
yn
Grins
en
WSSFS
yn
Wageningen
oansletten.
Yn
1945
besleaten al dy organisaasjes harren krêften te bondeljen en waard de
Ried fan de Fryske Beweging
oprjochte. Oant hjoed de dei ta fungearret dy as bewekker fan 'e Fryske kultuer en motor efter de emansipaasje fan 'e Fryske taal. Behalven de boppeneamde organisaasjes binne ek de
Feriening foar in Federaal Europa
, de
Feriening foar Frysk Underwiis
, it
Frysk Amateur Toaniel
, de
Stichting Ons Bildt
en de
Stellingwarver Schrieversronte
lid fan 'e Ried.
It
Saailân
te
Ljouwert
(yn
2007
), útsjend op it Paleis fan Justysje.
Kneppelfreed
Sjoch:
Kneppelfreed
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Dochs duorre it noch oant 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw foar't al dat taalaktivisme fruchten ôfsmiet en de offisjele status fan it Frysk ferbettere waard. Yndirekt wie dat it gefolch fan 'e opskuor dy't op 'e middei fan
16 novimber
1951
plakfûn op it
Saailân
yn
Ljouwert
as gefolch fan 'e rjochtsaak tsjin twa Fryske
sjoernalisten
Fedde Schurer
en
Tsjebbe de Jong
. Dy beide mannen wiene oanklage foar
kwealaster
, om't se har yn opinystikken yn harren
kranten
útsprutsen negatyf útlitten hiene oer de
rjochter
mr.
S.R. Wolthers
, dy't yn ferskate rjochtsaken wegere hie om ta te stean dat der yn 'e rjochtseal Frysk sprutsen waard.
Stânbyld fan
Fedde Schurer
op
It Hearrenfean
(makke troch
Guus Hellegers
, yn
1974
).
Foar it gerjochtsgebou wie dy deis in grutte kliber folk gearkommen dy't der net yn mocht, en foar in part troch de argewaasje en de lulkens fan 'e minsken en foar in part troch it folslein ûnbehearske hâlden en dragen fan 'e plysje rûn it spul dêr alhiel út 'e klauwen. De plysje sloech sûnder ûnderskie te meitsjen mei de wapenstôk op 'e minsken yn en brûkte
brânspuiten
as
wetterkanonnen
. Dizze rebûlje is de skiednis yngien as "
Kneppelfreed
". De lulkens oer dit barren wie yn 'e provinsje sa grut, dat it Nederlânske regear suver yn panyk rekke by de gedachte oan in Fryske ôfskiedingsbeweging, en daliks in trijekoppige ministeriële kommisje nei Fryslân ta stjoerde om út te finen wat de minsken no eins woene.
Nei jierren fan tarieding en debatten late dat yn 'e jierren
1955
en
1956
ta de ynfiering fan nije wetjouwing oangeande it Frysk. Dêrby krige it Frysk offisjeel de status fan twadde rykstaal, wat fan Nederlân trouwens net in twatalich lân lykas
Kanada
makke hat, want de offisjele status fan it Frysk waard beheind ta de provinsje Fryslân. Fierders krigen Friezen it rjocht om yn Fryslân harren eigen taal yn 'e rjochtseal te sprekken en om by tsjûgenissen lykfolwêr yn Nederlân de eed yn it Frysk ôf te lizzen.
Nei Kneppelfreed
Hoewol't der troch Kneppelfreed in pear grutte súksessen behelle wiene foar it Frysk, gie ek dêrnei de taalstriid troch. Sa binne neitiid út 'e Ried fan de Fryske Beweging in stikmannich organisaasjes fuortkommen dy't spesjalisearre binne op in beskaat mêd. Foarbylden dêrfan binne de
Fryske Kultuerrie
, dy't him útslutend mei kulturele saken dwaande hâldt, en de ûnderwilens ophefte
Stifting It Fryske Boek
, dy't him konsintrearre op it promoatsjen en ferkeapjen fan 'e Fryske literatuer.
It logo fan 'e
Afûk
Boppedat kaam yn
1962
ek de
Fryske Nasjonale Partij
(FNP), dy't de Fryske belangen yn 'e
polityk
behertigje moast, út 'e Ried fuort. Sûnt
1966
is de op 'e measte mêden loftse FNP fertsjintwurdige yn 'e
Provinsjale Steaten fan Fryslân
. Hoewol't it nea ien fan 'e gruttere partijen wurden is, kaam de FNP allegeduerigen op foar de Fryske taal en kultuer en
– wat wichtiger wie
– hie syn oanwêzigens yn 'e Steaten in net te ûnderskatten bystjoerende ynfloed op it belied fan 'e oare partijen. Mei yn 't earstoan de wolbespraakte
Jan Bearn Singelsma
as lieder, wûn de FNP yn
1966
ien fan 'e 55 sitten yn 'e
Fryske Steaten
en troch de jierren hinne is de oanhing stabyl bleaun, mei ornaris twa of trije sitten, al is der sûnt
1999
in opgeande line te bespeuren. Yn
2011
kaam de partij foar it earst yn it provinsjaal bestjoer te sitten.
Fierders binne der ek guon frysksinnige organisaasjes dy't net drekt ferbûn binne mei de Ried fan de Fryske Beweging. Tige wichtich foar it behâld fan 'e Fryske taal is bygelyks de
Algemiene Fryske Underrjochtskommisje
, better bekend as de Afûk. Dy fersoarget al sûnt
1924
net allinne it lesmateriaal foar it Frysk as fak op 'e
basis
- en
middelbere skoallen
, mar organisearret ek
folwoeksenenûnderwiis
yn it Frysk, foar sawol Frysktaligen as net-Frysktaligen. Ek foaroan by it Frysktalich ûnderwiis stiet de
Stifting Pjutteboartersplak
, dy't ferskate Frysktalige
pjutteboartersplakken
yn 'e provinsje organisearre hat. En fierders is der noch it
Frysk Ynternasjonaal Kontakt
, in jongereinferiening dy't as doel hat kontakten te lizzen mei oare minderheiden yn
Jeropa
Werjefte fan 'e
talen
dy't yn 'e provinsje
Fryslân
as memmetaal sprutsen wurde (yn prosinten).
Hjoeddeistige taalsitewaasje
Tal sprekkers
It Frysk wurdt yn 'e provinsje Fryslân as memmetaal sprutsen troch 347.000 minsken, oftewol troch 55% fan 'e ynwenners. Yn 'e trijehoek
Mearum
De Wylp
De Grinzer Pein
, yn 'e provinsje
Grinslân
, sprekke noch likernôch 3.000 minsken Frysk. En bûten it eigen taalgebiet wurdt it sprutsen troch likernôch 150.000
Friezen om utens
yn 'e rest fan Nederlân, benammentlik yn 'e
Rânestêd
, yn 'e stêd
Grins
en yn 'e
Noardeastpolder
. Dat binne lju dy't út
Fryslân
wei nei oare parten fan Nederlân ferhuze binne, in
migraasjestream
dy't al hast oardel iuw op grutte skaal bestiet, foar it meastepart fan lju dy't ôfkomstich binne fan it Fryske
plattelân
. Yn 'e perioade tusken
1880
en
1900
gie it dêrby om 100.000 minsken, tusken
1945
en
1970
op 'en nij om 100.000, en yn 'e perioade dêrtuskenyn ek noch om frijwat.
Yn harren nije wengebieten foarmen sokke 'lânferhuzers'
Fryske kriten
dy't fia it ramtwurk fan it
Frysk Boun om Utens
mei it heitelân ferbûn bleaune. Yn 'e Fryske kriten waarden eigen
taal
en
kultuer
, en dêrmei
etnyske identiteit
, yn gesellich ferkear bewarre. De kriten rekken fan 'e jierren fyftich ôf stadichoan marginalisearre doe't de leden net mear op inoar oanwiisd wiene en de kontakten mei Fryslân troch bgl.
tillefoan
makliker yn stân holden wurde koene. In oansjenlik part fan 'e Friezen om utens binnen Nederlân is meitiid fierhinne yn 'e nije omkriten opgien, hoewol't oaren, faak nei har
pinsjonearring
nei it heitelân weromkearden.
En dan is der noch de grutte
Fryske diaspora
yn it bûtenlân, dy't fuortkaam út 'e grutte
emigraasjeweach
tusken de
Twadde Wrâldoarloch
en santiger jierren. Dêryn hie
Fryslân
nammentlik fan alle Nederlânske provinsjes relatyf it heechste oandiel. It wurdt rûsd dat der wol 80.000 oant 100.000 Friezen ferspraat oer de wrâld libje, mei de grutste konsintraasjes yn
Kanada
, de
Feriene Steaten
Austraalje
en
Nij-Seelân
. Sadwaande leit it totale oantal Frysktaligen yn 'e hiele wrâld hjoed de dei om 'e 600.000 hinne. Hjirby moat oantekene wurde dat it bân mei Fryslân foar de earste
generaasje
, de eigentlike lânferhuzers, oer it algemien tige sterk wie, en foar de twadde generaasje (dy't faak it Frysk noch wol ferstiet mar net mear sprekt) al in stik minder sterk. De trêde generaasje, dy't yn 'e regel ek gjin Frysk mear ferstiet, mar faak noch wol in pear wurden of sintsjes út 'e holle leard hat sûnder de betsjutting wier te begripen, giet frijwol hielendal yn it gruttere gehiel fan it nije lân op.
Njonken de boppeneamde oantallen Fryske
memmetaalsprekkers
, kin as winst set wurde dat it Frysk as
twadde taal
sprutsen wurdt troch sa'n 110.000 fan hûs út net-Frysktalige ynwenners fan 'e provinsje Fryslân.
De behearsking fan it Frysk troch de ynwenners fan 'e provinsje
Fryslân
(yn
%,
1994
).
Taalbehearsking
Oer de
taalbehearsking
fan it Frysk is in soad
statistysk
fêstlein. Begjin jierren fyftich telde
ûnderwiisynspekteur
Krine Boelens
alle legere skoallebern yn 'e provinsje foar syn
De Taal van het Schoolkind in Friesland
. Twa op 'e trije spriek Frysk as
memmetaal
. Op it Fryske
plattelân
(de
Stellingwerven
en
it Bilt
bûten beskôging litten) wie dat hast 95%. De bern dy't dêr net fan hûs út Frysktalich wiene, hiene it oer it algemien dochs as
twadde taal
oanleard, want de mienskipstaal en dêrmei ek de bernetaal wie hast sûnder útsûndering Frysk.
Hast fyftjin jier letter publisearre
Lieuwe Pietersen
yn
1969
De Friezen en Hun Taal
as it ferslach fan in represintative
enkête
ûnder 800 minsken. It tal lju dy't yn 'e hûs Frysk sprieken, wie net merkber feroare, mar dat wie gjin stabiliteit want op it plattelân wie it mei 10% werom rûn en yn 'e stêden mei 10% foarút gien. De feroaring op it plattelân kaam troch ynstream út 'e stêd en fan bûten Fryslân, wylst de feroaring yn 'e stêd it gefolch wie fan
urbanisaasje
fan plattelân ôf.
Tsien jier letter waard troch ûndersikers fan 'e
Ryksuniversiteit Grins
op 'en nij in represintative enkête holden, diskear ûnder mear as 1.100 respondinten, sadat finere details sichtber makke wurde koene. De útkomsten dêrfan waarden troch de
Fryske Akademy
ûnder de
titel
Taal yn Fryslân
publisearre yn
1984
Dêrút die bliken dat it tal Frysksprekkers op it plattelân op 'en nij 10% tebekrûn wie, en dat de winst yn 'e stêd net fêstholden wurde koe. Oer it ginneraal spriek 56% fan 'e respondinten yn 'e hûs Frysk, mar mei dejingen dy't de taal as twadde taal brûkten, kaam it totaal op 73%. Ferstean koene 93% it Frysk. Dit ûndersyk waard op deselde wize werhelle yn
1994
en wiisde út dat doe fan 'e likernôch 615.000 ynwenners fan 'e provinsje
Fryslân
55% it Frysk as memmetaal hie. Fierders waard fêststeld dat 94% Frysk ferstean, 74% Frysk prate, 65% Frysk lêze en 17% Frysk skriuwe koe.
Hjir waarden noch gjin grutte feroarings sichtber mei it ûndersyk út
1984
De behearsking fan it Frysk troch de ynwenners fan Fryslân (yn
%,
2021
), neffens in
enkête
útfierd yn opdracht fan 'e
Ljouwerter Krante
In enkête út
2010
, dy't troch it ûndersyksburo
Flycatcher
holden waard ûnder 1.775 Nederlanners (en inkelde fragen nei it Frysk 'meinaam' hie), joech as útslach dat it Frysk doe noch altyd troch justjes mear as de helte fan 'e ynwenners fan Fryslân as memmetaal sprutsen waard (wat likernôch oerienkomt mei de 55% út it ûndersyk fan
1994
). Neffens dizze beheinde en dus net alhiel ferlykbere enkête soe fierders fan 'e ynwenners dy't yn 'e provinsje hikke en tein wiene, 80% Frysk prate kinne en 100% Frysk ferstean kinne. Fan 'e 'ymport' joech 75% oan Frysk ferstean te kinnen en 12% dat se it dêrnjonken ek sprekke kinne.
In tal enkêtes op lytsere skaal dat sûnt
2010
holden waard, lit lykwols in oar en ûnderling ôfwikend byld sjen. Der blykt in groeiende ôfstân te bestean tusken it brûke kinnen en it feitlik ek brûken fan it Frysk. Benammen it tal minsken dat Frysk skriuwe kin, is ûnwis, om't yn 'e enkêtes gjin foaropstelde definysje jûn wurdt fan wat ûnder 'skreaun Frysk' ferstien wurdt. Ien wichtich gegeven fan it feroaringsproses yn in ôfrûne heale iuw is dat it Frysk foar de Frysksprekkers net mear harren sprutsen haadtaal bleaun is, mar dat hja it Nederlânsk as in folslein behearske twadde, of sels lykweardige, sprektaal leard hawwe te brûken.
Yn
2018
makken
taalkundigen
fan 'e
Fryske Akademy
de útkomsten fan it taalûndersyk
Taal yn Fryslân: De Folgjende Generaasje
bekend, dat op gelikense wize gearstald wie as eardere ûndersiken: fan 'e FA yn
1994
en fan'e
Ryksuniversiteit Grins
1980
. Op basis fan 3.800 ynfolle
online
-fragelisten út
2015
waard dêrby konkludearre dat yn dat jier 48% fan 'e befolking fan Fryslân it Frysk as
memmetaal
hie; 29% it
Nederlânsk
; 12% it Frysk èn it Nederlânsk; 4% in
streektaal
; en 2% in útlânske taal. As men de Frysktaligen en de twataligen byinoar optelt, betsjut dat dus dat 61% fan 'e Fryske befolking it Frysk as memmetaal hie. Hoe't dat him krekt ferhâldt ta de útkomsten fan eardere ûndersiken wie ûndúdlik, mei't dit de earste kear wie dat der mear as ien memmetaal tagelyk opjaan wurde koe. Dêrtroch wie it apels mei parren ferlykjen en koene de ûndersikers net mei wissichheid sizze oft it Frysk no terrein wûn of ferlern hie. Wol kaam út it nije ûndersyk nei foarren dat it persintaazje minsken dat Frysk skriuwe koe, licht omheech gien wie, fan 17% yn
1994
nei 18% yn
2015
. De ûndersikers seagen dêryn it tanommen skriftlik gebrûk troch Frysksprekkers fan 'e eigen taal op
sosjale media
It gebrûk fan it Frysk troch de ynwenners fan Fryslân (yn
%,
2021
), neffens in
enkête
útfierd yn opdracht fan 'e
Ljouwerter Krante
Yn
novimber
2021
liet de
Ljouwerter Krante
yn it ramt fan 'e santichste
betinking
fan
Kneppelfreed
in
enkête
oer de stân fan saken mei it Frysk útfiere troch it buro Enigma Research ûnder 1.950 ynwenners fan Fryslân.
10
Neffens de útfierders hie dat "in hege betrouberheid" en wiek it "heechút 2,2%" ôf fan 'e wurklikheid. Wol waard tajûn dat, om't it ûndersyk fan in
krante
útgie, de dielnimmers boppemjittich útskaaiden nei minsken dy't lêze.
10
Neffens dizze enkête behearsken yn
2021
de ynwenners fan Fryslân it Frysk sa:
10
Ferstean: 72% tige goed, 22% goed, 4% ridlik, 2% amper, 0% net.
Sprekken: 56% tige goed, 20% goed, 10% ridlik, 9% amper, 6% net.
Lêzen: 33% tige goed, 44% goed, 16% ridlik, 4% amper, 2% net.
Skriuwen: 10% tige goed, 32% goed, 25% ridlik, 14% amper, 19% net.
Neffens deselde enkête brûkten yn
2021
de ynwenners fan Fryslân it Frysk sa:
10
Ferstean: 71% eltse dei, 12% ferskate kearen yn 'e wike, 7% likernôch ien kear yn 'e wike, 5% minder as ien kear yn 'e wike, 5% selden of nea.
Sprekken: 65% eltse dei, 7% ferskate kearen yn 'e wike, 4% likernôch ien kear yn 'e wike, 4% minder as ien kear yn 'e wike, 20% selden of nea.
Lêzen: 31% eltse dei, 23% ferskate kearen yn 'e wike, 16% likernôch ien kear yn 'e wike, 15% minder as ien kear yn 'e wike, 15% selden of nea.
Skriuwen: 24% eltse dei, 14% ferskate kearen yn 'e wike, 9% likernôch ien kear yn 'e wike, 12% minder as ien kear yn 'e wike, 40% selden of nea.
Ut dizze enkête kaam û.m. ek nei foarren dat wat heger it
opliedingsnivo
, wat ûnwierskynliker it is dat der yn 'e hûs Frysk sprutsen wurdt.
10
In ûndersyk troch de
Ryksuniversiteit Grins
, dêr't 14.500 Friezen in fragelist foar ynfollen, brocht yn
2024
oan it ljocht dat der hieltyd mear Friezen Frysk sprieken, fral wat it taalgebrûk thús oanbelange. Neffens it ûndersyk spriek 48% fan 'e ynwenners fan Fryslân sûnder de
Stellingwerven
yn 'e hûs Frysk, wylst bûtendoar 62% fan 'e Friezen Frysk spriek. Ut itselde ûndersyk die ek bliken dat yn 'e buorprovinsjes mar 17% fan 'e minsken yn 'e hûs
Grinslânsk
of
Drintsk
spriek, en bûtendoar op syn heechsten 41%.
11
Dialekten
Sjoch:
Fryske dialekten
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
It Westerlauwersk Frysk kin ferdield wurde yn acht ûnderskate
dialekten
, dy't ûnderling yn ferskillende mjitte (fan maklik oant dreech), fersteanber binne. De fjouwer haaddialekten lykje eins sa opinoar dat der better fan taalfarianten sprutsen wurde kin. Ta dizze groep hearre de beide grutte dialekten, it
Klaaifrysk
en it
Wâldfrysk
, dy't inkeld ferskille troch de útspraak fan 'e wurden "my", "dy", "hy", "sy", "wy" en "by" en de
twaklanken
"ei", "ai" en "aai", mei dêropta noch in hantsjefol
leksikale
ferskillen. Dêrnjonken is der it
Súdwesthoeksk
, it meast ôfwikende fan 'e fjouwer grutte Fryske dialekten, dat him ûnderskiedt trochdat de
nijere brekking
dêryn nea trochfierd is. Wat dat oanbelanget, soe men stelle kinne dat dit dialekt it meast by
sechstjinde-iuwske
foarmen bleaun is. It fjirde haaddialekt, it
Noardhoeksk
12
dat trouwens faak as in foarm fan Klaaifrysk beskôge wurdt, hat krekt in ekstra brekkingsfoarm, de saneamde
Dongeradielster brekking
. Rûchwei kin men sizze dat it Klaaifrysk yn it
noardwesten
en
westen
fan Fryslân sprutsen wurdt, it Wâldfrysk yn it
easten
, it Súdwesthoeksk yn it
súdwesten
en it Noardhoeksk yn it
noardeasten
. Alle fjouwer hawwe dizze dialekten in grutte fersprieding en in sprekkerstal dat yn 'e tsientûzenen rint.
De
dialekten
fan it Frysk.
Njonken de fjouwer grutte dialekten besteane der ek noch fjouwer lytskes, dy't op frijwol alle mêd tsjinsteld binne oan 'e grutten. De lytse dialekten binne lokaal sprutsen taalfoarmen dy't beheind binne ta lytse mienskippen fan heechút inkele hûnderten of sels mar inkele tsientallen minsken. Trochdat se har yn isolaasje ûntjûn hawwe, wike se sterk fan it Standertfrysk ôf. Faak hawwe se âlde(re) foarmen fan it Frysk bewarre. By dizze lytse dialekten giet om it stedsdialekt fan it
havenstedsje
Hylpen
, dat yn it ferline sterk beynfloede wurden is troch it
Hollânsk
fan oare kant de
Sudersee
, en fierders om 'e eilândialekten fan 'e
Waadeilannen
Skiermûntseach
en
Skylge
Op dat lêste eilân wurde twa Fryske taalfoarmen sprutsen, it
Aastersk
yn it easten, en it
Skylgersk
yn it westen. Dy susterdialekten wurde faninoar skaat troch it
Midslânsk
, yn it sintrale part fan Skylge, dat in Hollânsk dialekt is. Dizze dialekten wurde noch mar troch inkele tsientallen meast âldere minsken sprutsen. It
Skiermûntseagersk
is it iennichste Fryske dialekt dat noch in
namfallestelsel
hat, en kin dêrtroch en fanwegen syn ideosynkratyske klanklear nei alle gedachten oanmurken wurde foar it meast ôfwikende dialekt. It hat noch mar in hûnderttal sprekkers. Sawol it Skiermûntseagersk as it Hylpersk sil in sprekker fan ien fan 'e Fryske haaddialekten muoite hawwe om nei te kommen. It Aastersk en Skylgersk steane wat tichter by it Standertfrysk. Foarhinne waard ek yn it doarp
Molkwar
in sterk ôfwikend Frysk dialekt sprutsen, it
Molkwardersk
, mar dat is yn 'e
njoggentjinde iuw
útstoarn. Doetiidske
taalkundigen
ornearren dat it de meast oarspronklike foarm fan it Frysk wie.
Ferlykje yn 'e ûndersteande tabel de telwurden ien oant en mei tsien yn it Standertfrysk en de fjouwer meast ôfwikende dialekten:
taal
10
Standertfrysk
ien
twa
trije
fjouwer
fiif
seis
sân
acht
njoggen
tsien
Hylpersk
een
twaa
trê
fèuwer
fouwer
fiiuw
seks
saan
acht
akst
nèugen
nougen
tên
Skylgersk
ien
twae
trea
fjouwer
fiif
seks
sôn
acht
njoggen
tsjien
Aastersk
ien
twae
trea
fjouwer
fiif
seks
sôn
acht
njuggen
tsjien
Skiermûntseagersk
iën
twa
trooi
fjèuwer
fiif
seks
saun
acht
njuegen
tsiën
De Fryske standerttaal
Sjoch:
Standertfrysk
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Sjoch:
Fryske stavering
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Yn 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde en de earste helte fan 'e tweintichste iuw is de
Fryske standerttaal
gearstald. De earste offisjele
stavering
datearret út
1879
; foartiid skreau in elk mar sa't it him goedtocht. Dy earste stavering wie de saneamde
Selskipsstavering
, dy't yn
1948
ferfongen waard troch de
Akademystavering
(ek wol de âlde stavering neamd). Tsjintwurdich brûkt it Frysk de saneamde
Steatestavering
(oftewol de nije stavering), dy't yn
1980
ynfierd is.
By de standerdisaasje fan it Frysk hawwe it
Wâldfrysk
, as grutste dialekt, en it
Klaaifrysk
, dat fanâlds de heechste status hie, fierwei de measte ynfloed hân. It
Súdwesthoeksk
waard frijwol bûten beskôging litten, wylst de fjouwer lytse dialekten der alhielendal part noch diel oan hân hawwe. Dochs bestiet der yn it Frysk in, foar in standerttaal, tige ûngewoane karfrijheid wat it wurdgebrûk oangiet. Hoewol't soks swierrichheden opsmyt foar oarstaligen dy't it Frysk as frjemde taal leare, binne de brûkers fan it Frysk dêr oer it algemien tige mei ynnommen. Der stiek dan ek in stoarm fan protest op doe't de
Fryske Akademy
yn
2013
op oanstean fan 'e
Steaten
in "standertwurdlist" opstelle woe, mei as doel om dy karfrijheid te beheinen.
In dûbeltalich strjitnammeboerd yn
Drachten
Taalgebrûk
Yn it bestjoer en it rjochtsferkear
Offisjele status en rjochtsjildigens
It Frysk hat sûnt
1956
yn 'e provinsje Fryslân in offisjele status dy't gelyk is oan dy fan it
Nederlânsk
. Yn dat jier waard yn it
Steatsblêd 1956, 242
in begjin makke mei it formeel tastien gebrûk fan it Frysk yn it
rjochtsferkear
. In útwreiding dêrop waard 39 jier letter fêstlein yn it
Steatsblêd 1995, 440
. Hoewol't it fansels yn 'e praktyk al lang barde, krigen de
Friezen
doe wetlik it rjocht om harren taal yn gearkomsten fan
gemeenterieden
en de
Fryske Steaten
te brûken. Yn
1997
waarden fierders by wet de mooglikheden om it Frysk yn 'e rjochtseal te brûken, ferromme, sadat no ûnder mear ek it
Iepenbier Ministearje
en de
rjochterlike macht
dêr Frysk brûke meie.
De ynwenners fan Fryslân kinne sûnt jier en dei yn it Frysk mei de gemeentlike en provinsjale oerheden kommunisearje en korrespondearje. De provinsje en guon gemeenten hawwe der in beliedspunt fan makke om mear Frysk te brûken by it opstellen fan offisjele dokuminten. Troch in stikmannich wetswizigings binne sokke Fryske stikken no yn hast alle gefallen rjochtsjildich. Ien fan 'e lêste útsûnderings dêrop wiene de
ferieningsstatuten
, mar sûnt
2002
kinne dy ek yn it Frysk opsteld wurde.
Trou
- en
berte-akten
binne hjoed de dei yn alle Fryske gemeenten twatalich beskikber.
Yn
2014
waard de
Wet Gebrûk Fryske Taal
fan krêft, dêr't ferskate eardere bepalings yn byinoar brocht binne. Sa is dêryn is fêstlein dat it Frysk en Nederlânsk de offisjele talen fan 'e provinsje Fryslân binne, en fierders ferplichtet dizze wet de ryksoerheid en Deputearre Steaten fan de provinsje Frysân om periodyk bestjoersôfspraken te meitsjen. In ûnderdiel fan 'e taalwet is teffens it
Orgaan foar de Fryske Taal
. Doel fan dy kommisje is om 'e gelikense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk binnen de provinzje Fryslân te befoarderjen.
Yn
2023
waard nei
in ferfelend misferstân
dúdlik dat ek by
naturalisearring
ta Nederlanner de eed yn it Frysk ôflein wurde mei.
13
Jeropeeske erkenning
De
Nederlânske
steat hat twa ferdraggen fan de
Ried fan Jeropa
ratifisearre. Dêrby giet it om it
Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden
en it
Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen
14
Yn
1996
hat de Nederlânske oerheid it Frysk opjûn ûnder Diel III (de heechste foarm) fan dat lêste ferdrach, dat 48 mooglikheden foar taalbeskerming jout. As útfiering dêrfan waard yn
2001
it
Konvenant Fryske Taal en Kultuer
sletten tusken de Nederlânske oerheid en de provinsje Fryslân.
In dûbeltalich plaknammeboerd fan
Seisbierrum
, mei it Frysk ûnderoan.
Fryske plak- en wetternammen
Ek op it mêd fan 'e
plaknammen
hat it Frysk foarderings makke. Yn Nederlân hawwe plakken nammentlik ien offisjele namme, en dat is de namme dy't bygelyks yn
notariële aktes
brûkt wurde. Yn Fryslân wie foarhinne altyd de Nederlânske plaknamme de offisjele, al wiene
dûbeltalige
plaknammebuorden al sûnt 'e jierren fyftich fan 'e tweintichste iuw yn frijwol alle Fryske gemeenten yn gebrûk. Fan
1989
ôf binne lykwols ferskate gemeenten derta oergien om 'e Fryske plaknammen offisjeel yn 'e
Gemeentelike Basisadministraasje
(GBA) fêst te lizzen. Dêrby giet it om
Tytsjerksteradiel
1989
),
Boarnsterhim
1989
),
Littenseradiel
1993
),
Ferwerderadiel
1999
),
Ljouwerteradiel
2009
),
Dantumadiel
2009
) en
Menameradiel
2010
). De Nederlânske plaknammen hawwe yn dy gemeenten no gjin offisjele status mear, al meie se fansels bûten offisjele stikken om noch wol brûkt wurde, krekt sa't dat foarhinne mei de Fryske foarmen it gefal wie.
De gemeente Ljouwerteradiel hat as iennichste fan dizze groep in offisjeel Nederlânsktalige gemeentenamme oanholden (om't
Leeuwarderadeel
de gemeente in bekende klank jaan soe). De gemeente Dantumadiel hat mei-iens ek alle strjitnammen yn 'e Fryske foarm yn 'e GBA fêstlein; yn 'e oare neamde gemeenten wie dat yn 'e regel net nedich om't dy al folle earder oergien wiene ta it gebrûk fan Frysktalige strjitnammen. Boppedat hawwe
Provinsjale Steaten
yn
1997
de offisjele provinsjenamme feroare fan "
Friesland
" yn "Fryslân". Yn
2004
besleat it
Ministearje fan Ynlânske Saken
derop ta sjen dat de foarm "Fryslân" tenei ek yn dokuminten en publikaasjes fan 'e lanlike oerheid brûkt wurde sil.
15
Fierders hat it
Wetterskip Fryslân
by syn oprjochting yn
2004
in Fryske namme oannommen, en yn maart
2007
binne alle
wetternammen
yn Fryslân, útsein in pear stedsgrêften, yn it Frysk fêstlein. De wetters yn 'e
Stellingwerven
hawwe doe harren
Stellingwerfske
nammen krigen.
In dûbeltalich plaknammeboerd fan
Hylpen
, mei it it Frysk boppe-oan.
It ferfryskjen fan
geografyske
nammen giet gauris mank mei in protte rebûlje. Oer it generaal kin steld wurde dat it de ûndernimmers binne dy't har der út alle macht tsjin fersette, om't it de
ekonomy
skea tabringe soe. Hoewol't fan soks noch nea wat bliken dien hat by de gemeenten dy't fanôf
1989
harren plaknammen ferfryske hawwe, wurdt dat ferlechje alle kearen weroan fan stâl helle. Yn 'e gemeenten
Wûnseradiel
en
Wymbritseradiel
, dy't yn
2011
opgien binne yn
Súdwest-Fryslân
, is op dy wize de plaknammeferfrysking ek wier-wier opkeard.
Per
1 jannewaris
2014
is Boarnsterhim opheft, en it grûngebiet fan 'e eardere gemeente is ferdield oer de gemeenten
Ljouwert
en
it Hearrenfean
en de nije fúzjegemeenten
Súdwest-Fryslân
en
De Fryske Marren
. Ljouwert en it Hearrenfean hawwe in Nederlânske gemeentenamme, en binne út noch yn net fan doel om dy te ferfryskjen. Lykwols binne se troch de anneksaasje fan in diel fan Boarnsterhim foar de wet de opfolger fan dy gemeente, en om't it ûnder it
Jeropeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen
simpelwei ferbean is om boargers har taalrjochten te ûntnimmen (it hawwen fan in gemeentenamme yn har eigen taal ynbegrepen), sille dy beide gemeenten úteinlik dochs omlyk moatte. In wurdfierder fan 'e
Topografyske Wurkgroep Fryslân
, sei dêroer yn 'e
Ljouwerter Krante
"Minsken út de gemeente Boarnsterhim ha dizze namme yn har paspoart te stean. It kin net sa wêze dat de Fryske gemeentenamme yn in offisjeel dokumint plakmeitsje moat foar in Hollânsktalige namme. Dat soe in efterútgong fan de status fan in minderheidstaal betsjutte. En dat mei net."
Neffens boargemaster
Ferd Crone
fan Ljouwert is ferfrysking fan 'e gemeentenamme lykwols net nedich, om't de
Gemeentewet
boppe it Jeropeesk Hânfêst giet. Dat liket tige ûnwierskynlik, mei't Jeropeeske ferdraggen oant no ta frijwol altyd foarrang krigen hawwe. Neffens de Topografyske Wurkgroep hoecht der mar ien boarger te wêzen dy't nei de rjochter stapt, en dan komt de Frysktalige gemeentenamme der gewoan. De
Ried fan de Fryske Beweging
hat foar dat doel al it
Fryslân Fûns
oprjochte, om gewoane minsken by de gong nei de rjochter finansjeel te stypjen. De Wurkgroep ferwachtet fierder ek dat ynwenners fan 'e fjouwer opfolgergemeenten fan Boarnsterhim tenei mei súkses de ferfrysking fan 'e namme fan har eigen doarp by de rjochter ôftwinge kinne sille, mei't it net sa wêze kin dat binnen ien en deselde gemeente de ynwenners fan bygelyks
Wergea
wol en dy fan
Wurdum
net rjocht hawwe op in plaknamme yn 'e eigen taal.
16
In
Dútske
postsegel út
2006
, ta gelegen-heid fan it 50-jierrich bestean fan 'e
Fryske Rie
, wêryn't kontakten mei
East-Fryslân
en
Noard-Fryslân
ûnderholden wurde.
Yn it ûnderwiis
Yn it basis- en fuortset ûnderwiis
Sjoch:
Frysk (skoalfak yn it fuortset ûnderwiis)
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
Wat it
ûnderwiis
oanbelanget, waard it Frysk al yn
1937
(op opsjonele basis) as ekstra fak op 'e
legere skoallen
tastien, hoewol't it pas yn
1956
de status fan folweardich skoalfak krige. Yn
1980
waard it in ferplichte fak op 'e
basisskoallen
, en yn
1993
waard it ek ferplichte foar it earste jier fan it
fuortset ûnderwiis
. Ek mei it Frysk op 'e basisskoallen offisjeel brûkt wurde as
lestaal
(d.w.s. de taal dy't brûkt wurdt om yn les te jaan), eat dat op sa'n 80% fan 'e Fryske skoallen yn hegere of mindere mjitte dien wurdt. It brûken fan it Frysk yn it ûnderwiis is wetlik regele yn kêst 9-4 fan 'e
Wet Primêr Underwiis
en yn kêst 11a-2 fan 'e
Wet op it Fuortset Underwiis
Yn it ramt fan it Frysk as skoalfak binne yn it
basisûnderwiis
gjin einnoarmen fêststeld oangeande de behearsking fan it Frysk. It fak Frysk stiet sadwaande ek net ûnder it tafersjoch fan 'e
skoalynspeksje
. Yn it
fuortset ûnderwiis
moatte skoallen it Frysk nei it (ferplichte) earste jier as fakultatyf learfak oanbiede, en dan wurde de einnoarmen troch de
eksameneasken
bepaald, alteast foar de
learlingen
dy't it yn har
eksamenpakket
opnommen hawwe. Skoallen kinne ûntheffing oanfreegje fan 'e ferplichting om Frysk as lesfak yn harren ûnderwiisprogram oan te bieden en in fyfdepart fan 'e skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn Fryslân makket fan dy mooglikheid gebrûk.
Yn it heger ûnderwiis
Sjoch:
Frisistyk
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
As
universitêre
oplieiding hie it Frysk al yn
1896
as in privaat dosintskip tagong krigen ta de
Ryksuniversiteit Utert
17
en yn
1917
ta de
Ryksuniversiteit Grins
17
Yn
1930
kaam der in lektoraat Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins, dat yn
1941
omset waard yn in folweardige
learstoel
17
Al earder wiene oan 'e
Universiteit fan Amsterdam
1934
17
en oan 'e Ryksuniversiteit Utert (
1935
17
bysûndere learstuollen ta stân kommen. Yn
1951
krige fierders de
Frije Universiteit
yn
Amsterdam
in gewoane learstoel,
17
dy't yn
1994
lykwols wer opheft waard. Ek de bysûndere learstoel oan 'e
Universiteit Utert
(de eardere ryksuniversiteit) waard yn
1990
opheft.
18
Oan it begjin fan 'e
ienentweintichste iuw
wie der noch ien gewoane learstoel Frysk, oan 'e Ryksuniversiteit Grins, en wiene der trije bysûndere learstuollen Frysk oerbleaun, ien oan 'e
Universiteit fan Amsterdam
en twa oan 'e
Ryksuniversiteit Leien
. Dy bysûndere learstuollen waarden lykwols yn 'e earste beide
desennia
fan 'e nije iuw almar fierder útklaaid. Oan 'e oare kant kaam der yn
2019
wer in bysûndere learstoel oan 'e Universiteit Utert by doe't de
Flaming
Hans van de Velde
dêr (foar ien dei wyks) oansteld waard as heechlearaar
sosjolinguïstyk
mei bysûndere oandacht foar de taalsitewaasje yn Fryslân.
19
Mar yn
2017
en
2021
waarden beide bysûndere learstuollen oan 'e Ryksuniversiteit Leien opheft.
20
De oplieding Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins ferlear yn
2012
syn selsstannigens en waard in
track
binnen de bredere oplieding Minorities & Multilingualism ("Minderheden & Meartaligens").
21
Yn
2022
, doe't
Goffe Jensma
as
heechlearaar
Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins mei
emeritaat
gie, wie der neffens it universiteitsbestjoer gjin gaadlike opfolger te finen. Dêrom waard
Anne Merkuur
yn it plak fan Jensma oansteld, mar as universitêr dosint Frysk ynstee fan as heechlearaar. Oer dy gong fan saken ûntstie yn Fryslân gâns trelit, mei't it opfette as in ferkapt besykjen om fan 'e learstoel Frysk ôf te kommen. De universiteit beswarde by heech en by leech dat dat net sa wie en dat der in nije heechlearaar beneamd wurde soe sadree't der him in gaadlike kandidaat oppenearre.
22
23
Mei yngong fan
15 febrewaris
2023
waard
Arjen Versloot
, heechlearaar
Germaanske taalkunde
oan 'e
Universiteit fan Amsterdam
, foar twa dagen yn 'e wike "detasjearre" nei de Ryksuniversiteit Grins, dêr't er
interim
-heechlearaar
Fryske taal- en letterkunde
waard.
24
Yn
jannewaris
2024
die de
Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen
(KNAW) de oanbefelling om foar it Frysk wer in folweardige learstoel te skeppen, wêrby't it gegeven hoefolle
studinten
sa'n oplieding folgje gjin rol spylje moast.
25
Inkele wiken letter makke
minister
Robbert Dijkgraaf
fan
Underwiis
bekend dat er ree wie om jiers
340.000 frij te meitsjen foar in nije selsstannige
bacheloroplieding
Fryske taal- en letterkunde. Hoewol't de KNAW berekkene hie dat sa'n nije oplieding jiers sa'n €700.000 kostje soe, wiene de reäksjes posityf, mei't fan û.o. de Ryksuniversiteit Grins en de
Bestjoerôfspraak Fryske Taal en Kultuer
(BFTK) tusken de provinsje Fryslân en de
ryksoerheid
ek ferwachte waard dat se der jild oan bydrage soene.
26
In wike letter makke de Ryksuniversiteit Grins bekend dat de bachelor Minorities & Multilingualism, dêr't it Frysk dêr by yndield wie, skrast wurde soe út it opliedingsprogramma.
21
Yn
jannewaris
2025
waard bekendmakke dat it Frysk oan 'e Ryksuniversiteit Grins fan
septimber
fan dat jier ôf yndie wer in folweardige learstoel krige foar in selsstannige
bacheloroplieding
. De
finansiering
soe grutdiels fersoarge wurde troch de
Provinsje Fryslân
en it
Nederlânsk Ministearje fan Binnenlânske Saken
. It skrassen fan 'e oplieding Minorities & Multilingualism, dy't begjin
2025
fuortbesunige
wurde soe, waard útsteld oant nei de
simmerfakânsje
, sadat de
frisistyk
net "tydlik dakleas" wurde soe. Underwilens soe Arjen Versloot oanbliuwe as interim-heechlearaar, wylst Anne Merkuur "klearstoomd" waard foar it heechlearaarskip.
27
Yn 'e media
Yn 'e deiblêden
Yn 'e
media
hat it Frysk wikseljende resultaten boekt. Yn 'e
skriuwende parse
wurdt it Frysk mar yn likernôch 5% fan 'e artikels brûkt yn 'e beide provinsjale
kranten
, de
Ljouwerter Krante
en it
Frysk Deiblêd
28
Op in ynternasjonale konferinsje oer twatalichheid en
sjoernalistyk
, dy't begjin
juny
1999
yn
Ljouwert
holden waard, besauden
Welsen
Finlânsweden
Katalanen
en oare leden fan
taalminderheden
yn 'e
Jeropeeske Uny
har oer dy miste kâns. Yn oare
minderheidstaalgebieten
spylje nammentlik de krante(n) in wichtige rol yn 'e taalstriid, en ferskine se (hast) hielendal yn 'e minderheidstaal.
29
De
Ljouwerter Krante
mei wyklikse taheakken.
De doetiidske
haadredakteur
Pieter Sijpersma
fan 'e
Ljouwerter Krante
makke him derôf troch te sizzen dat it mei 5% Frysk yn 'e krante mear as takin.
"Teveel Fries irriteert de lezers,"
sa wie syn ûnderfining,
"De overschakeling van Nederlands naar het Fries in een artikel leidt de lezers af. Ze begrijpen het niet en ze vinden het niet mooi. Zou de krant overwegend in het Fries zijn geschreven, dan is het einde van de Leeuwarder Courant gauw in zicht."
En oer de maatskiplike ferantwurdlikheid fan 'e Fryske deiblêden:
"Wij voelen ons verantwoordelijk voor de krant en meer niet."
Wol wurde yn 'e
Ljouwerter Krante
en it
Frysk Deiblêd
Fryske sitaten yn fierders Nederlânsktalige artikels yn it Frysk werjûn, wat unyk is foar
Jeropa
, mar inkeld om't yn oare kranten út minderheidsgebieten it hiele
artikel
yn 'e minderheidstaal steld is.
30
Ut in breed ûndersyk út
1994
die trouwens bliken dat it fral Nederlânsktaligen binne dy't har oan it Frysk yn 'e kranten steure. De measte Frysktaligen is it ien toetmem oft in
artikel
yn it Frysk of it Nederlânsk steld is. Neffens taalûndersiker
Durk Gorter
soe it dan grif ek net sa'n feart rinne mei de ein fan 'e
Ljouwerter Krante
as der wat mear Frysk brûkt waard.
31
Sûnt
2009
bestiet de Frysktalige
ynternetkrante
It Nijs
, dy't oprjochte is op inisjatyf fan 'e
Ried fan de Fryske Beweging
, en him ta doel stelt om 'e Friezen op in folweardige manear wrâldnijs yn 'e eigen taal oan te bieden. Dit digitale deiblêd kaam neitiid lykwols yn opspraak troch
amateurisme
32
dubieuze praktiken lykas it oanhâldend bringen fan ûnkorrektheden en it wegerjen om dy te
rektifisearjen
33
en beskuldigings fan
sinsuer
op reäksjes fan lêzers.
34
Topmodel
Doutzen Kroes
as boechbyld fan 'e aksje
Praat mar Frysk
Yn famyljeberjochten
Yn 'e famyljeberjochten yn 'e beide provinsjale deiblêden wurdt wol hieltyd mear Frysk brûkt. Neffens in telling út it begjin fan 'e santiger jierren wie doe 12% fan 'e famyljeberjochten yn it Frysk, neffens in telling út
1991
1992
23% en neffens in stekproef út
2000
sa'n 30%.
35
Yn tydskriften
Yn
1997
waard
Frysk en Frij
opheft, dat it lêste breed oriïntearre Frysktalige
tydskrift
wie. It blêd hie op it lêst 300 oant 400 abonnees en dûbeld safolle lêzers. De provinsje loek it
subsydzje
yn, om't
Deputearre Steaten
it jild effektiver oan in
hûs-oan-hûsblêd
bestege seagen. Dat kaam bestege seagen. Dat kaam der lykwols net, mar ta ferfanging kaam der al in stikmannich jierren de saneamde
F-side
dy't ien kear yn 'e wike yn 'e beide provinsjale
deiblêden
ferskynde. Dat wie in Frysktalige side dy't lykwols dúdlik fan in oar kaliber wie en op it mêd fan ynhâld net yn it skaad fan
Frysk en Frij
stean koe. Ek oare Frysktalige publikaasjes, lykas de
literêre
tydskriften
Trotwaer
Hjir
Kistwurk
en
M3
binne ûnderwilens opdoekt.
De iennichste echte Fryske tydskriften foar in folwoeksen publyk binne tsjintwurdich
De Moanne
, dêr't trouwens ek almar mear Nederlânsk yn stiet, en
Ensafh
. In net oan
organisaasjes
bûne Frysktalige parse is sadwaande yn it neigean rekke. Wol besteane der noch Frysktalige útjeften dy't
organen
fan
ynstellings
binne, lykas
Swingel
fan 'e
Ried fan de Fryske Beweging
It Beaken
fan 'e
Fryske Akademy
Us Wurk
fan it
Frysk Ynstitút
oan 'e
Ryksuniversiteit Grins
De Frijbûtser
, fan 'e
FNP
; en
Each en Ear
, fan
Omrop Fryslân
. Dizze tydskriften binne Frysktalich, behalven
It Beaken
dat oant de ein fan 'e
tweintichste iuw
ta meast Frystalich wie, mar hjoed de dei fierhinne yn it
Nederlânsk
en
Ingelsk
, en soms yn it
Dútsk
publisearret.
Foar de jongerein binne der twa tydskriften:
Switsj
en
LinKk
, dy't beide útjûn wurde troch it
Taalsintrum Frysk/CEDIN
Switsj
, foar bern fan 10 oant 12 jier, bestiet sûnt
1997
, en hat in oplaach fan 2.300 eksimplaren, dy't benammen nei de basisskoallen giet.
LinKk
is bestimd foar bern fan 12 oant 15 jier, en bestiet sûnt
2001
. Dit lêste tydskrift hat in oplaach fan 3.100 eksimplaren, wat foar Fryske begripen in massamedium is.
Yn oarsoartige útjeften
Sûnt
1975
bestiet it
Bûsboekje
, de earste en iennichste Frysktalige
aginda
. Dy waard oarspronklik gearstald en útjûn troch it
Kristlik Frysk Selskip
(KFS), mar sûnt
2008
troch de
Ried fan de Fryske Beweging
. De
oplaach
skommelet sa om 'e 4.000 eksimplaren hinne.
It gebou fan
Omrop Fryslân
Op 'e radio
Neffens hoe't it der mei de skreaune parse foarstiet, is it it Frysk op 'e
radio
better ôfgien. It earste Frysktalige radioprogramma waard útstjoerd yn
1946
, troch de regionale stjoerder
RONO
Regionale Omroep Noord en Oost
) dy't doedestiden sawat de helte fan Nederlân besloech. Pas yn
1977
waard de provinsjale
Radio Fryslân
, letter omdoopt ta
Omrop Fryslân
, oprjochte. Tsjintwurdich stjoert dy op 'e radio tachtich oeren yn 'e wike út en is it de populêrste radiostjoerder fan 'e provinsje.
Op 'e tillefyzje
Op 'e lanlike
tillefyzje
stjoert
Omrop Fryslân
de measte wiken in programma fan likernôch in heal oere út en fierders nochris tweintich minuten
skoaltillefyzje
. Mei-inoar komt dat út op 37 oeren yn it jier. Sûnt
1994
fersoarget de Omrop ek regionale tillefyzje. Yn 't earstoan omfieme dat mar ien oere jûns, mei de rest fan 'e jûn werhellings, mar letter waard de stjoertiid wat útwreide. Tsjintwurdich wurdt der ek gauris
live
ferslach dien fan wichtige barrens, lykas in keninklik besyk, de
PC
of it
skûtsjesilen
Op 'e kompjûter en it ynternet
Op it
ynternet
is in grut tal Frysktalige
websteeën
te finen, dy't in grut skala oan ûnderwerpen behannelje. Sa wurdt sûnt
2 septimber
2002
wurke oan 'e
Fryske Wikipedy
, dy't op it stuit
59.813
siden hat. Om yn it Frysk makliker tekstferwurkje te kinnen, hat it Amerikaanske
IT
-bedriuw
Microsoft
yn gearwurking mei de
Fryske Akademy
yn
2000
in Fryske staveringshifker ûntwikkele.
36
Foar
OpenOffice
is der sûnt febrewaris
2007
ek in staveringshifker. Utlis oer it ynstallearjen fan de Fryske staveringshifkers yn ferskillende programma's is te finen yn
Frysk op kompjûters
In Frysktalige ferzje fan 'e
ynternetbrowser
Firefox
Sûnt begjin
2005
is der fan de
e-blêder
Opera
in Fryske ferzje beskikber. Ek is der in Fryske ferzje fan 'e
websneuper
Firefox
te krijen. Dy kin men fergees ynlade op
dizze side
. Yn
Firefox
is it ek mooglik om in Fryske staveringshifker yn te stekken. Dy kin men
hjirre
fine. Dêrnjonken kaam yn
2009
ek in Fryske ferzje út fan it fergeze
e-mailprogramma
Thunderbird 3.0
, fan deselde produsint. Dy Fryske ferzje waard mei stipe fan 'e provinsje Fryslân makke troch
Wim Benes
en
Hindrik Sijens
37
Fierders is it Frysk ien fan 'e 45 talen wêryn't de ynternetsykmasine
Google
ynsteld wurde kin. En op it webstee
www.hallofryslan.nl
kinne wurden fan Frysk yn it Nederlânsk en oarsom oersetten wurde.
Op 'e sosjale media
Wat de
sosjale media
oangiet, kaam yn
novimber
2014
, op 'e nij troch de ynset fan Wim Benes en Hindrik Sijens, diskear holpen troch in kloft
frijwilligers
, de folslein Fryske ferzje fan
ôf.
38
Yn
septimber
2021
promovearre Lysberth Jongbloed oan 'e
Universiteit fan Maastricht
op it
proefskrift
Frisian on Social Media
. Dêrfoar hie se yngeand ûndersyk dien nei uterings yn it Frysk troch Frysktalige brûkers fan sosjale media. Sa hie se troch 2.200 Fryske jongeren fan tusken de 14 en 18 jier in fragelist ynfolje litten oer harren taalgebrûk op
en
WhatsApp
en letter hie se nochris 2.000 oare jongeren befrege oer harren taalgebrûk op WhatsApp,
Snapchat
en
. Ut it ûndersyk fan Jongbloed die bliken dat fan 'e jongeren mei twa Frysktalige
âlden
60% op 'e sosjale media faak of altyd it Frysk brûkt. Dat persintaazje kelderet lykwols as ien fan beide âlden, of allebeide, Nederlânsktalich binne. Ek as ien mei twa Frysktalige âlden mei syn
freonen
almeast gjin Frysk sprekt, of as sa'nent in minne skriuwfeardigens yn it Frysk hat, belunet de kâns dat hy of sy him of har op 'e sosjale media yn it Frysk uteret. Jongbloed konkludearre alderearst dat "it Frysk syn wei fûn hat op 'e nije kommunikaasjeplatfoarms," mar ek dat it taalûnderwiis yn it Frysk better moast. Se hie it gebrûk fan it Frysk troch Fryske jongeren op 'e sosjale media ferlike mei it gebrûk fan oare
minderheidstalen
troch jongeren út oare minderheidstaalgebieten yn
Jeropa
, te witten:
Wales
Ierlân
en
Limburch
, en hie opmurken dat jongeren út Wales en Ierlân minder faak it
Welsk
of
Iersk
as
memmetaal
hawwe, mar it op 'e sosjale media faker brûke as Fryske jongeren it Frysk brûke, om't se der better ûnderwiis yn krigen hawwe.
39
Yn 'e keunsten
Yn 'e literatuer
Wat de
literêre
produksje oangiet, ferskynden oant foar in pear jier likernôch hûndert nije Frysktalige
fiksje
- en
non-fiksjewurken
jiers, wat hiel kreas wie foar sa'n lytse taal. De oplagen wiene ornaris altyd al frij beheind; it meast ferkochte Frysktalige boek is noch altyd de
roman
De Gouden Swipe
1941
), fan
Abe Brouwer
, dêr't 30.000 eksimplaren fan oer de toanbank gien binne, al stekt
Feroaring fan Lucht
1971
), fan
Rink van der Velde
, mei 29.900 ferkochte eksimplaren, dat nei de kroan. Fan
It Wrede Paradys
, fan
Hylke Speerstra
, dat as in grut súkses beskôge wurdt, waarden 25.000 eksimplaren ferkocht.
Jitske Kingma
, oprjochtster fan
Utjouwerij Elikser
Sûnt it útbrekken fan 'e ekonomyske krisis, yn
2008
, wurde der wat minder Fryske boeken publisearre en is it dêrmei foar
skriuwers
en
oersetters
dus dreger wurden om har wurk útjûn te krijen. De beide grutte
útjouwerijen
op it mêd fan Frysktalige literatuer binne de
Friese Pers Boekerij
te
Ljouwert
en
Utjouwerij Bornmeer
op
'e Gordyk
. Ferskate oare, lytsere
útjouwerijen
binne krektlyk op dit mêd aktyf, wêrûnder
Utjouwerij Frysk en Frij
en
Utjouwerij Wijdemeer
, al bringt de lêste mear Nederlânske as Fryske boeken út. De
Afûk
konsintrearret him op Frysktalich lesmateriaal en op
berneboeken
, wylst de
Kristlik Fryske Folksbibleteek
him taleit op
kristlike
en tradisjonele lektuer.
Begjin
2014
waard de nije útjouwerij
Regaad
oprjochte, en ein
2013
joech de yn
Hoarn
fêstige
Hollânske
útjouwerij
Hoogland & Van Klaveren
oan dat se tenei ek Frysktalige boeken útbringe woene. Dêrby wiene beide lêst neamde útjouwerijen fan doel om har ta te lizzen op oersettings yn it Frysk. Op datselde terrein is ek al langere tiid
Utjouwerij Elikser
út
Ljouwert
aktyf, dy't foar de útjefte fan sok wurk, mar ek fan oarspronklike literatuer, in beskieden bydrage fan 'e skriuwer/oersetter freget. Ek ferskate algemiene Nederlânske útjouwerijen hawwe har de lêste jierren op 'e Fryske merk bejûn, bygelyks
Athenaeum-Polak & Van Gennep
, út
Amsterdam
, mei de oersetting
Tsiis
, fan
Willem Elsschot
, en
Luitingh-Sijthoff
, ek fêstige yn Amsterdam, mei de oersetting
Ynferno
, fan 'e
Amerikaanske
skriuwer
Dan Brown
Mirjam Timmer
, dy't as lid fan
Twarres
mei it liet
Wêr Bisto?
de earste Frysktalige nûmer 1 ea yn 'e Nederlânske hitlisten skoarde.
Yn 'e muzyk
Njonken Fryske boeken komme der jiers ek noch sa'n tweintich Frysktalige
cd's
út, almeast mei
popmuzyk
. Ferskate Frysktalige nûmers hawwe de lêste jierren de nasjonale hitparades helle, lykas
Bonkefeart
fan
Anneke Douma
In Nije Dei
, fan
de Kast
; en
Wêr bisto
, fan
Twarres
. Dy lêste hit wie de earste Frysktalige nûmer 1 ea yn de Nederlânske muzyklisten.
Yn teäter en toaniel
Op it mêd fan
toaniel
bestiet der in profesjoneel Frysktalich teäterselskip,
Tryater
, dat in frij grutte populariteit genietet. Fierders hat hast elts doarp syn eigen amateurtoanielferiening, dêr't de grutte mearderheid fan feriene is yn it
Bûn fan Fryske Toanielselskippen
. Dy organisaasje is wer oansletten by it
Fryske Amateur Toaniel
, dat lid is fan 'e
Ried fan de Fryske Beweging
Regisseur
fan Frysktalige films
Pieter Verhoeff
(l.).
Yn film en tillefyzjedrama
De lêste desennia binne der fierders ek ferskate Frysktalige
spylfilms
makke troch
regisseurs
as
Pieter Verhoeff
en
Steven de Jong
. Sa ferskynde yn
1985
De Dream
; yn
1996
De Gouden Swipe
; yn
2001
Nynke
; en
2002
De Fûke
. Sûnt
2001
waard der ek in Frysktalige dramarige op 'e regionale
tillefyzje
útstjoerd troch
Omrop Fryslân
, mei as titel
Baas Boppe Baas
. Nei fjouwer seizoenen waard dy ferfongen troch
Dankert & Dankert
, in searje oer in pear
abbekaten
Yn 'e tsjerken
Ien plak dêr't it Frysk noch net echt trochkrongen is, is yn 'e
tsjerken
. De grutte mearderheid fan 'e tsjerketsjinsten is oant hjoed de dei ta yn it Nederlânsk. Dochs wurde der alle sneinen wol in stikmannich Fryske tsjinsten holden, ornaris tusken de tsien en de tweintich, ferspraat oer de hiele provinsje. Der hat yn it ferline wol altyd oandacht foar it oersetten fan 'e psalmen en lieten west. Dêrnjonken hat de
Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst
(YKFE) der yn
2004
foar soarge dat it
Lieteboek foar de Tsjerken
no ek op cd te krijen is. Yn
1953
is it
Ferbân fan Fryske Foargongers
oprjochte, dat ta doel hat om it gebrûk fan it Frysk yn it tsjerklik libben fuort te sterkjen.
Yn it bedriuwslibben
It Frysk is de fiertaal op 'e wurkflier fan in protte
bedriuwen
yn Fryslân, benammen op it plattelân. Yn plakken as
Ljouwert
Snits
It Hearrenfean
en
Drachten
, dêr't in protte 'ymport' fan bûten de provinsje wennet en wurket, is dat minder fansels, mar likegoed noch frij normaal. It komt noch mar selden foar dat
wurkjouwers
harren
wurknimmers
foarskriuwe hokker taal se brûke moatte. In foarbyld is in gefal dat begjin
febrewaris
2024
yn it nijs kaam, doe't bliken die dat de
bank
ING
syn
personiel
ferbea om yn
tillefoanyske
petearen
mei
klanten
Frysk te sprekken, sels as it in Frysktalige wurknimmer fan 'e fêstiging yn Ljouwert wie dy't in Frysktalige klant oan 'e line hie. Dêr ûntstie yn Fryslân gâns trelit oer, mar om't ING gjin oerheidsynstelling is, falt it net ûnder de regels dy't opsteld binne foar
kommunikaasje
tusken oerheid en Frysksprekkers. ING makke lykwols in minne beurt, en oare banken, wêrûnder de
Rabobank
ABN Amro
en
De Volksbank
(dêr't
ASN
SNS
en de
Regiobank
ta hearre), hastigen har om buorkundich te meitsjen dat Frysktaligen by harren wól gewoan yn 'e eigen taal te wurd stien waarden.
40
Taaleigenskippen
Grammatika
Sjoch ek: de
list fan sterke tiidwurden yn it Frysk
Namfallen
Yn it
Aldfryske
tiidrek beskikte it Frysk noch oer in folslein
namfallesysteem
, mei
nominatyf
genityf
datyf
en
akkusatyf
, sa't men dat hjoed oan 'e dei noch tsjintkomt yn it besibbe
Dútsk
. Tsjin it begjin fan 'e
Midfryske
perioade wie dat lykwols fierhinne ferdwûn. Tsjintwurdich binne sokke namfallen beheind ta in stikmannich ferstienne útdrukkings, lykas "by dizze
", wêryn't de "-n" in restant is fan 'e datyf of trêde namfal. Inkeld de genityf, of twadde namfal, is noch funksjoneel, benammen yn tiidsoantsjuttings as "moarn
", "middei
" en "jûn
", "twa kear jier
" of "ien kear wyk
", mar ek wol yn konstruksjes as "ús heit
pet", "ús memm
fyts" en "ús pake
hûs". In oar foarbyld is it
freegjend
en
betreklik foarnamwurd
"waans" (dat trouwens inkeld ferwize kin nei manlike en ûnsidige saken, en net nei froulike saken of meartallen). Foarmen as "dêr't it lân de soargen leannet fan
der
minsken warb're hân" (fan 'e warbere hân fan 'e minsken, dus) binne argaysk en sille net folle mear brûkt wurde, en perfoarst net yn 'e sprektaal. Yn 'e skriuwtaal komt soks lykwols yn guon konstruksjes noch wol foar, lykas yn: "hy hat it eigen
er
hân makke."
Sinsbou
Op it mêd fan 'e
sinsbou
komt it Frysk sterk oerien mei it
Nederlânsk
, en in stik minder mei it eins nauwer besibbe
Ingelsk
. Ferlykje bgl. de ûndersteande sin:
taal
foarbyldsin
Frysk:
Ik koe neat sjen, om't it fierstente tsjuster wie.
Nederlânsk:
Ik kon niets zien, omdat het veel te donker was.
"Ik koe neat sjen, om't it fierstente tsjuster wie."
Ingelsk:
I couldn't see a thing, because it was much too dark.
"Ik koe net sjen in ding, om't it wie fierstente tsjuster."
Oan dit foarbyld is te sjen dat it Frysk deselde sinsbou brûkt as it Nederlânsk. Wat de
tiidwurdsfolchoarder
oangiet, besteane der lykwols dúdlike ferskillen. Dêrby wurdt wol sprutsen fan 'e griene en de reade folchoarder, wat ferwiist nei in lânkaart yn in taalkundich standertwurk dêr't mei dy kleuren de gebieten mei ferskillende tiidwurdsfolchoarders op ynkleure wiene. It Frysk lei yn it griene gebiet (en brûkt dus de "griene folchoarder"), wylst it Nederlânsk yn it reade gebiet lei (dêr't de "reade folchoarder" brûkt wurdt). Dizze oantsjuttings binne ûnder taalkundigen yn gebrûk bleaun as ôfkoartings foar de ferskillende tiidwurdfolchoarders.
folchoarder
foarbyldsin yn it Frysk
foarbyldsin yn it Nederlânsk
grien:
Ik tink dat er moarn bôle ite wol.
Ik denk dat hij morgen brood eten wil.
read:
Ik tink dat er moarn bôle wol ite.
Ik denk dat hij morgen brood wil eten.
Sa't oan it boppesteande foarbyld te sjen is, kin de reade folchoarder yn it Frysk net, want ek al wurdt dy hieltyd mear brûkt troch de jongere generaasjes, dochs sil it de measte Frysksprekkers noch as skuorde klokken yn 'e earen beare. Yn it Nederlânsk, lykwols, kinne eins sawol de reade as de griene folchoarder, al waard oant noch net sa lang lyn inkeld de reade goedkard en de griene folchoarder yn 'e ban dien (mooglik om't dy behalven yn it Frysk ek yn it Dútsk brûkt wurdt).
As der mear tiidwurden yn 'e foarbyldsin troppe wurde, kin men sjen dat de tiidwurdsfolchoarder yn it Frysk persiis tsjinsteld is oan dy yn it Nederlânsk:
taal
foarbyldsin
Frysk:
Ik fyn dat eltsenien swimme kinne moat.
Nederlânsk:
Ik vind dat iedereen moet kunnen zwemmen.
Dútsk:
Ich finde, daß jeder schwimmen können muß.
"Dat eltsenien moat swimme kinne" is yn it Frysk dúdlik fout, en yn it Nederlânsk klinkt "
dat iedereen zwemmen kunnen moet
" ek raar, hoewol't it miskien net fuortendaliks fout is. No giet it hjirby om 'e tiidwurdsfolchoarder yn
bysinnen
, mar yn
haadsinnen
ferskilt it spul likegoed:
taal
foarbyldsin
Frysk:
Jan sil syn hûs moandei ferve hawwe moatte.
Nederlânsk:
Jan zal zijn huis maandag moeten hebben geverfd.
Ek hjir is de folchoarder fan 'e tiidwurden yn it Frysk en it Nederlânsk wer krekt tsjinsteld. Boppedat foeget it Frysk (krekt as in protte noardlike Nederlânske dialekten) faak it wurdsje "te" tusken de tiidwurden yn:
taal
foarbyldsin
Frysk:
Ik haw eefkes sitten te dreamen.
Nederlânsk:
Ik heb even zitten dromen.
In protte Friezen en oare Noardnederlanners (lykas
Westfriezen
en
Nedersaksers
) sille by it sprekken fan it Nederlânsk dat wurdsje "te" ek brûke (
Ik heb even zitten te dromen
), hoewol't dat eins fout is. Foar lju út súdliker kontreien is dat ien fan 'e skaaimerken dêr't se noarderlingen oan werom kenne. By dit foarbyld docht him trouwens noch in oar ferskil foar, want it Fryske "sitten" is hjir in
mulwurd
, en de letterlike Nederlânske oersetting soe dus wêze:
Ik heb even gezeten te dromen.
Dit ferskil komt dúdliker ta utering as it tiidwurd "sitte" ferfongen wurdt troch "lizze":
taal
foarbyldsin
Frysk:
Ik haw eefkes lein te dreamen.
Nederlânsk:
Ik heb even liggen dromen.
In oar ferskynsel dat him yn it Frysk folle sterker foardocht as yn it Nederlânsk, benammen by de "te"-konstruksje, is
nomenynkorporaasje
yn it tiidwurd. Sa seit men yn it Frysk fan: "Se sit te jirpelskilen", wêrby't it
haadwurd
"jirpel(s)" yn it tiidwurd "skile" ynkorporearre wurdt. Yn it Nederlânsk sil men oer it algemien ynstee sizze fan:
Ze zit aardappels te schillen,
wêrby't him gjin nomenynkorporaasje foardocht. Yn it Nederlânsk komt dit ferskynsel by beskate wurden ek foar (tink oan
stofzuigen
), mar yn it Frysk kin it yn prinsipe oeral mei dien wurde. No is it wenstiger om te sizzen fan: "Jan is de hûn even oan it útlitten", mar in sin as "Jan is even te hûnútlitten" is grammatikaal sjoen yn it Frysk neat op oan te merken.
Brekking
It ferskynsel
brekking
nimt in wichtich plak yn 'e Fryske grammatika yn. Der besteane trije farianten fan:
de
âldere brekking
(of Aldfryske brekking), dy't yn 'e
Midsiuwen
plakfûn en derfoar soarge hat dat wurden as "rjocht" en "wjek" yn it Frysk in j-klank hawwe, wylst dy yn bgl. it Nederlânske
recht
en
wak
ûntbrekt.
de
nijere brekking
(of Nijfryske brekking), dy't him pas om
1820
hinne oppenearre, en dy't as ien fan 'e skaaimerken fan it
Nijfrysk
beskôge wurdt.
de
Dongeradielster brekking
, wêrmei't it
Noardhoeksk
him fan 'e oare Fryske dialekten ûnderskiedt, en dy't derfoar soarge hat dat yn it noardeasten fan 'e provinsje wurden as "bûter" en "mûle" útsprutsen wurde as
buotter
en
muolle
. Dizze lêste brekkingsfoarm makket gjin diel út fan it
Standertfrysk
Foar de beskriuwing fan it Frysk is benammen de
nijere brekking
fan belang. Dat is in taalkundich ferskynsel dat yn it Standerfrysk de brekking fan fiif of seis
twaklanken
omfiemet, wêrby't dy yn it grûnwurd in oare útspraak hawwe as yn ferbûgings:
twaklank
IPA
grûnwurd
útspraak
ferbûgde foarm
útspraak
ea
[ɪ.ǝ]
beam
[bɪ.ǝm]
"bì-em"
beammen
['bjɛmǝn]
"bjemmen"
ie
[i.ǝ]
stien
[sti.ǝn]
"sty-en"
stiennen
['stjɪnǝn]
"stjinnen"
oa
[o.ǝ]
doas
[do.ǝs]
"do-es"
doaske
['dṷɑskǝ]
"dwaske"
oai
[o:i̭]
moai
[mo:i̭]
"moa-y"
moaier
['mṷa:iər]
"mwaajer"
oe
[u.ǝ]
hoed
[hu.ǝd]
"hû-ed"
huodden
['hṷodən]
"hwodden"
regionaal ek:
ue
[y.ǝ]
flues
[fly.ǝs]
"flú-es"
fluezzen
['fljœzǝn]
"fljuzzen"
Ferkoarting
In oare oanpassing yn 'e útspraak by ferbûgings is ferkoarting fan 'e
fokaal
. Dat docht him bygelyks foar by de
meartalsfoarming
("hân" > "hannen"), by
ferlytsing
("blêd" > "bledsje"), en by
suffigearring
(it tafoegjen fan in efterheaksel) ("leech" > "lichte"). Ek kin it foarkomme by it foarmjen fan gearstallings ("piip" > "pypskoft").
Einûntstimming
In ferskynsel dat it Frysk mei it
Dútsk
en it
Nederlânsk
gemien hat, is
einûntstimming
. Dêrby wurde stimhawwende
bylûden
oan 'e ein fan wurden stimleas. Men seit dus fan "reade", mei in [d], mar fan "read", mei in [t]. It
Ingelsk
hat soks net; dêr seit men fan
red
, mei in hearbere [d] oan 'e ein; mei oare wurden, yn it Ingelsk bestiet der dus in útspraakferskil tusken
let
([lɛt]; "litte") en
lead
([lɛd]; "lead"). Yn it Frysk moat sa'n útspraak oarspronklik ek bestien hawwe, en yn it tige behâldende
Skiermûntseagersk
komt it by hiel âlde sprekkers noch foar.
41
Wurdskat
Nederlânske ynfloed
Hoewol't it Frysk troch de iuwen hinne in sterke ynfloed fan oare talen ûndergien hat, is de Fryske
wurdskat
noch foar it oergrutte diel fan
Germaanske
oarsprong. By in nau besibbe taal as it
Ingelsk
leit dat hiel oars, mei't dy taal in ûnbidige soad
Romaanske
lienwurden opnommen hat út it
Normandysk
en it
Frânsk
. Fral it
Nederlânsk
hat sûnt de
santjinde iuw
lykwols in tige sterke ynfloed op it Frysk hân. Hoewol't it Frysk as taal frij kûlant (!) omgiet mei lienwurden út oare talen, makket de niging dy't Frysktaligen gauris hawwe om har ôf te setten tsjin it Nederlânsk, dat krekt foar lienwurden út dy taal in útsûndering makke wurdt. Sokke wurden wurde sadwaande wol omskreaun as "ynslûpsels", "Hollânske moadepopkes", "koekútsjongen" of op syn bêsten
ynterferinsjes
. Eltsenien dy't Frysk lêzen en skriuwen leart, wurdt op it hert drukt dat it gebrûk fan sokke
hollanismen
dwersferkeard is en dêrom bûge of barste foarkomd wurde moat.
In
sjeas
(by it
ringriden
yn
Ljussens
), fan it
Frânske
wurd
chaice
Frânske ynfloed
Njonken it Nederlânsk hat histoarysk sjoen fral it
Frânsk
lange tiid in sterke ynfloed útoefene op 'e ûntwikkeling fan it moderne Frysk. De âldste lichting Frânske
lienwurden
is eins allinne foar taalkundigen noch wer te kennen. It giet dêrby om wurden as "bist"/"beest", fan it
Aldfrânske
beste
Nijfrânsk
bête
); "duorje", fan
durer
; "kâns", fan
chance
, "sjeas", fan
chaice
; en "keatse", fan
chasser
, fia it
Pikardyske
cachier
. It opnimmen fan Frânske lienwurden yn it Frysk sil ornaris fia it Nederlânsk gien wêze (ferlykje foar boppeneamde foarbylden de Nederlânske foarmen
beest
duren
kans
sjees
en
kaatsen
).
Mar it Frysk hat ek guon lienwurden út it Frânsk opnommen dy't yn it Nederlânsk net foarkomme, lykas "perfoarst", fan
par force
; "argewaasje", fan
arguer
; "ave(n)searje", fan
avancer
; "krupsje", fan
corruption
rompoai
",
fan
rompu; "
koese
",
fan
coucher;
en "aljemint", fan
alignement
. Foar it neist is de ynfier fan dizze foarmen lykwols ek fia it Nederlânsk gien, allinnich binne de Nederlânske ekwifalinten neitiid wer yn ûnbrûk rekke.
Ingelske ynfloed
De lêste iuw hat it Frysk njonken de oanboazjende ynfloed fan it Nederlânsk fral ek ûnder ynfloed stien fan it
Ingelsk
, en dan yn 't bysûnder fan it
Amerikaansk-Ingelsk
. Benammen op it mêd fan
kompjûtertechnology
en
sosjale media
is de Ingelske terminology faak yn syn gehiel oernommen. Dat taalpuristen en lju dy't om oare redens aardichheid oan sokke dingen hawwe eigen Fryske nammen foar dit soarte fan termen betocht hawwe, feroaret dêr neat oan.
Ek it troch-Fryske
keatsen
, hjir op 'e
PC
, yn
2006
, is fan oarsprong in
Frânsk
wurd (
chasser
).
Ynternasjonalismen
In selde byld lit de grutte en groeiende kloft
ynternasjonalismen
sjen dy't it Frysk oernommen hat. Dêrby moat men tinke oan wurden as "kompjûter", "sport", "wykein", "terapeut", "biology", "tillefyzje", "akwadukt", "traine" en "religy". Dy wurden komme tsjintwurdich yn hast alle
Jeropeeske
talen foar; der binne mar inkelen, lykas it
Iislânsk
, dy't foar al sokke begripen in eigen wurd betinke. Yn Fryslân bestiet oer it algemien frijwat wjerstân tsjin ynternasjonalismen, benammen ûnder lju dy't fan har berop út mei it Frysk omslane, lykas skriuwers en ûnderwizers. In grut diel fan dy kategory sil bgl. leaver it wurd "godstsjinst" brûke as "religy" en leaver "oefenje" as "traine". Ek besteane der foarmen dy't fanút dizze groep propagearre wurden binne, mar dy't it net helle hawwe en sadwaande fierhinne yn it ferjit rekke binne, lykas "sneinoer", foar "wykein". Lykwols hat it ferset tsjin ynternasjonalismen nea algemien west; sa wie de skriuwer, oersetter en letterkundige
Douwe Kalma
1896
1953
) krekt in grut foarstanner fan 'e opname fan soksoarte wurden yn it Frysk. Hy ferwiisde nei it Ingelsk, dat ek in ûnbidige soad lienwurden út oare talen ta him nommen hat, sûnder dat it dêr in sprút minder fan wurden wêze soe.
42
In punt dat hjirmei besibbe is, is de ferfrysking fan sokke ynternasjonalismen. Yn 'e hjirboppe neamde foarbylden waard al sprutsen fan "tillefyzje" ynstee fan "telefyzje"; dat is in oanpassing fan in frjemd wurd oan 'e útspraak fan it Frysk. "Tillefyzje" klinkt Frysker en glidet in Fries no ien kear makliker fan 'e tonge as "telefyzje". Oare foarbylden fan sa'n ferfrysking fan ynternasjonalismen binne "siktaris" ("sekretaris"), "rimmetyk" ("reumatyk"), "perfester" ("professor") en "sitewaasje" ("situaasje"). Lange tiid bestie ek dêr grutte wjerstân tsjin; soks paste in himsels respektearjende taal ommers net, it wie de útspraak fan in dommenien en wa't soks die, makke sawol himsels as it Frysk bespotlik. Sadwaande die de generaasje fan mids tweintichste iuw al sokke foarmen yn 'e ban. Stadichoan komme se lykwols allegear wer werom. En wêrom ek net, sa betoogde skriuwer
Trinus Riemersma
yn
1996
. In grutte taal as it Ingelsk docht soks krekt-en-gelyk:
psychology
en
architect
hawwe wol har Frânske skriuwwize beholden, mar wurde útsprutsen as "saikòlledzjy" en "aketekt".
43
Fêstlizzing fan 'e wurdskat
Der binne troch de tiid hinne ferskate Fryske
wurdboeken
ferskynd. Ien fan 'e earsten dy't besocht om 'e Fryske wurdskat op dy wize fêst te lizzen, wie de grutte literator
Joast Hiddes Halbertsma
1789
1869
), dy't syn
Lexicon Frisicum
yn it
Latyn
opstelde, mar net fierder kaam as de letter F. Yn
1900
ferskynde it earste diel fan it troch
Waling Dykstra
en oaren bewurke
Friesch Woordenboek
, folge troch de oare beide dielen yn
1903
en
1911
. Dêryn waarden de Fryske yngongen beskreaun yn it Nederlânsk. By syn oprjochting yn
1938
stelde de
Fryske Akademy
him daliks ta doel om dit wurdboek te ferbetterjen. Dêrta waard mei help fan withoefolle frijwilligers in tige grut kaarte-apparaat opset. Yn 't earstoan wie men fan doel en skreau in wurdboek dat ferlykber wêze soe mei de Nederlânske
Dikke Van Dale
, mar der kaam safolle materiaal binnen dat men úteinlik besleat om it noch folle grutskaliger oan te pakken.
It
Frysk Hânwurdboek
, út
2008
, it earste
wurdboek
wêryn't ek it beskriuwende diel yn it Frysk is.
Sa begûn it wurk oan it reuseftige
Grut Wurdboek fan de Fryske Taal
, wêrfan't it earste, 400 siden tellende diel yn
1984
útkaam. Uteinlik soe pas yn
2011
it 25ste en lêste diel reekomme. It is in ûnbidich wittenskiplik wurdboek wurden, dat de Fryske lemma's tige yngeand yn it Nederlânsk ferklearret en de betsjuttings yllústrearret mei withoefolle sitaten út 'e Fryske literatuer. Wylst it wurk oan dit meunsterprojekt geande wie, waarden troch de Fryske Akademy ek lytsere wurdboeken útbrocht. Sa ferskynden yn
1952
, resp.
1956
it
Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk
en it
Frysk Wurdboek: Frysk-Nederlânsk
, dy't yn
1985
, resp.
1984
yn in folslein op 'e nij besjoene ferzje werútjûn waarden. It earste wurdboek wêryn't de Fryske wurden ek yn it Frysk beskreaun waarden, wie it twadielige
Frysk Hânwurdboek
, út
2008
Wurdfoarming
Oars as yn it
Ingelsk
, mar krekt as yn it
Nederlânsk
en hast alle oare
Germaanske talen
, brûkt it Frysk by it foarmjen fan gearstallings de tichte foarm. Dus as men bgl. fan 'e wurden "beam" en "hûs" in gearstalling meitsje wol, dan wurdt dy skreaun as "beamhûs", en net mei de iepene foarm, as "beam hûs", sa't men dat yn it Ingelsk foar de moade hat (
tree house
). Gauris kriget by it foarmjen fan sa'n gearstalling it earste diel fan it gearstalde wurd in ferbûging: "hûnehok", ynstee fan "hûnhok". As it oaninoarskriuwen fan in gearstalling swierrichheden opsmyt of net goed eaget, dan wurdt der in
keppelstreekje
ynfoege: "FNP-kieslist" en "Swarte-Seekust".
Hoewol't dêr neffens de staveringsregels neat fan doocht, hat in grut part fan 'e Fryskskriuwers tsjintwurdich de niging om gearstallings yn 'e iepen foarm te skriuwen, net inkeld wurden as "FNP
kieslist" en "Swarte
Seekust", mar sels "syktekosten
fersekerder", "oersettings
debút" en "hynste
stamboek". Dizze praktyk wurdt wol "de Ingelske sykte" neamd.
Dû.
Geert Aeilco Wumkes
wie yn
1919
ien fan 'e earsten dy't foar de oprjochting fan 'e
Fryske Akademy
pleite, in ynstitút dat foar de ûntwikke-ling fan it Frysk fan ûnskatbere wearde bleken is.
Stavering
Sjoch:
Fryske stavering
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
It Frysk wurdt skreaun mei in oanpaste foarm fan it
Latynske alfabet
. Dat
Fryske alfabet
bestiet net lykas it Nederlânske út 26, mar út 23 letters. Yn it Frysk komme nammentlik de letters q en x net foar. Boppedat wurdt de letter y beskôge as in fariant fan 'e i en dêr ek ûnder alfabetisearre, sadat in wurd as "ympulsyf" yn in Frysk wurdboek bygelyks foàr "inisjaasje" stiet. Fierders komt de letter c yn it Frysk allinne foar yn 'e kombinaasje ch. De letters v, z en ch komme nea foar oan it begjin fan in wurd en de letter g nea oan 'e ein fan in wurd. De karakteristikens fan it skreaune Frysk komt benammen ta utering yn 'e
lûden
mei
diakrityske tekens
(â, ê, ô, û en ú), dy't yn it Nederlânsk net foarkomme. Krekt as it Nederlânsk hat it Frysk in ekstra letter, de
digraaf
ij
, dy't stiet foar it
twalûd
[ɛ.i̭], dat ek wol skreaun wurdt as
ei
. Mar oars as yn it Nederlânsk wurdt dy letter yn it Frysk altyd alfabetisearre as i-j, en bestiet der gjin beweging dy't der in aparte letter fan it alfabet fan meitsje wol.
Njonken de boppeneamde diakrityske tekens dy't in útspraakûnderskiedend diel fan 'e stavering foarmje, ken it Frysk ek noch ferskate oare diakrityske tekens, dy't soms tafoege wurde om 'e bedoelde útspraak dúdliker te meitsjen. It faakst komt it
trema
foar, dêr't mei oanjûn wurdt dat twa
fokalen
efterinoar los faninoar útsprutsen wurde moatte, en dus gjin lange fokaal of twaklank foarmje, lykas yn: "beëinigje", "beämte", "koöperaasje", "reüny" en "ateïsme". Fierders wurde sawol it
skerpteken
as it
klamteken
brûkt om 'e útspraak fan in wurd te fertsjutskjen troch oan te jaan wêr't de
klam
leit. De e mei in skerpteken (é) komt sûnt de staveringsherfoarming fan
1980
yn prinsipe noch mar yn fiif wurden fêst foar ("grouwélich", "mandélich", "oerdédich", "oerémis" en "tréwes"); yn alle oare gefallen is it tafoegjen fan in skerp- of klamteken opsjoneel (bygelyks yn "foàrkomme" en "foarkómme").
Fonology
Fokalen
It Frysk beskikt oer in tige yngewikkelde
fokaalynventaris
. Yn it foarste plak binne der in tsiental koarte
lûden
: [a] (a fan "dak"), [ɛ] (e fan "lek"), [ɪ], (i fan "pit"), [i] (i fan "bite"), [ɔ] (o fan "hok"), [o] (o fan "bok"), [u] (û fan "rûch"), [œ] (u fan "put"), [y] (ú fan "tút") en de
sjwa
of reduksjefokaal [ǝ] (e fan "gewoan"). Dêrby moat opmurken wurde dat der eins twa foarmen fan 'e koarte a besteane, mar dat ferskil yn útspraak is net betsjuttingsûnderskiedend. Fierders binne der 9 lange lûden: [a:] (aa fan "baas"), [ɛ:] (ê fan "bêd"), [e:] (ee fan "feest"), [ø:] (eu fan "deun"), [i:] (ii fan "wiid"), [ɔ:] (ô fan "nôt"), [o:] (oo fan "rook"), [u:] (û fan "sûch") en [y:] (ú fan "drúf"). De lange lûden [e:], [ø:] en [o:] wurde yn it Frysk almeast reälisearre as [e:i], [ø:y], resp. [o:u], dus oan 'e ein niigjend nei i, ú, resp. û. Fan 'e koarte lûden kinne der 8 en fan 'e lange lûden ek 8 nasalisearre wurde, wat foarkomt as se mei in -n derefteroan útsprutsen wurde foàr in f, j, l, r, s, w of z, lykas yn "ûnsin" of "branje". Fierders hat it Frysk 20
ôfgeande twalûden
en 8
opgeande twalûden
, wêrfan't teminsten 6 ek wer yn nasalisearre foarm foarkomme kinne. Ta einsluten binne der dan noch 8
trijelûden
. Dêrmei is it Frysk folle klankriker as de measte besibbe talen, lykas it Ingelsk en it Nederlânsk.
Klankynventaris (fokalen)
Ienlûden
koarte ienlûden
Fryske
stavering
IPA
foarbyld(en)
taalkundige omskriuwing
[a]
koart net-rûne iepen foarlûd
[ɑ]
koart net-rûne iepen efterlûd
[ɛ]
koart net-rûne semy-healiepen foarlûd
e / i
[ǝ]
woan, moogl
koart (net-rûne) healiepen middenlûd
sjwa
, reduksjefokaal of stomme e)
[ɪ]
koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd
i / y
[i]
te, w
koart net-rûne sletten foarlûd
o / a
[ɔ]
k, k
koart rûne semy-healiepen efterlûd
[o]
koart rûne healsletten efterlûd
û / oe
[u]
ch, b
oe
koart rûne sletten efterlûd
[œ]
koart rûne semy-healiepen foarlûd
ú / u
[y]
t, s
den
koart rûne sletten foarlûd
lange ienlûden
Fryske
stavering
IPA
foarbyld(en)
taalkundige omskriuwing
aa / a
[a:]
aa
d, b
nen
lang net-rûne iepen foarlûd
[ɛ:]
lang net-rûne semy-healiepen foarlûd
ee / e / é
[e:]
sk
ee
l, t
ken, grouw
lich
lang net-rûne healsletten foarlûd
eu
[ø:]
eu
lang rûne healsletten foarlûd
ii / i
[i:]
ii
k, w
de
lang net-rûne sletten foarlûd
[ɔ:]
lang rûne semy-healiepen efterlûd
oo / o
[o:]
oo
k, sm
ke
lang rûne healsletten efterlûd
[u:]
ch
lang rûne sletten efterlûd
ú / u
[y:]
opt
gje, dr
ven
lang rûne sletten foarlûd
Nasale ienlûden
koarte nasale ienlûden
Fryske
stavering
IPA
foarbyld(en)
taalkundige omskriuwing
ern
[ɛ͂]
dûbelj
ern
nasaal koart net-rûne semy-healiepen foarlûd
in
[ɪ͂]
in
nasaal koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd
yn
[ĩ]
yn
stekke
nasaal koart net-rûne sletten foarlûd
an
[ɔ͂]
br
an
je
nasaal koart rûne semy-healiepen efterlûd
on
[õ]
on
je
nasaal koart rûne healsletten efterlûd
un
[œ͂]
un
nasaal koart rûne semy-healiepen foarlûd
ûn
[ũ]
ûn
skuld
nasaal koart rûne sletten efterlûd
ún
[ỹ]
ún
stoel
nasaal koart rûne sletten foarlûd
lange nasale ienlûden
Fryske
stavering
IPA
foarbyld(en)
taalkundige omskriuwing
aan / arn
[ã:]
aan
sten, H
arn
nasaal lang net-rûne iepen foarlûd
ern
[ɛ͂:]
ern
sk
nasaal lang net-rûne semy-healiepen
in
[ẽ:]
in
st
nasaal lang palataal net-rûne healsletten foarlûd
yn
[ĩ:]
yn
st
nasaal lang net-rûne sletten foarlûd
ân
[ɔ͂:]
ân
sel
nasaal lang rûne semy-healiepen efterlûd
eun
[ø͂:]
eun
st
nasaal lang palataal rûne healsletten foar-lûd
ûn
[ũ:]
ûn
nasaal lang rûne sletten efterlûd
ún
[ỹ:]
ún
sk
nasaal lang rûne sletten foarlûd
Twalûden
ôfgeande twalûden
Fryske
stavering
IPA
foarbyld(en)
taalkundige omskriuwing
ai
[ai̭]
ai
tsje
Wâldfrysk
, T
ai
lân
koart net-rûne iepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
ai
[ɔi̭]
ai
tsje
Klaaifrysk
koart rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
aai
[a:i̭]
aai
(Wâldfrysk)
, h
igh
lang net-rûne iepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
aai / ei
[ɔ:i̭]
aai
(Klaaifrysk)
, d
ei
(Klaaifrysk)
lang rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
au / ou
[a.ṷ]
au
rutsen koart net-rûne iepen foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
ea
[ɪ.ǝ]
ea
rutsen koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd + koart healiepen middenlûd
ei / ij
[ɛ.i̭]
ei
(Wâldfrysk)
, br
ij
koart net-rûne semy-healiepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
eo / eu
[ø.ǝ]
fr
eo
n, s
eu
re
rutsen koart rûne healsletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ie
[i.ǝ]
ie
rutsen koart net-rûne sletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ieu
[i.ṷ]
ieu
, S
ieu
rutsen koart net-rûne sletten foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
oa
[o.ǝ]
oa
rutsen koart rûne healsletten efterlûd + koart healiepen middenlûd
oi
[oi̭]
oi
koart rûne healsletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oai
[o:i̭]
oai
lang rûne healsletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oe
[u.ǝ]
oe
rutsen koart rûne sletten efterlûd + koart healiepen middenlûd
oei
[ui̭]
gr
oei
koart rûne sletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oei
[u:i̭]
bl
oei
(lang net algemien)
lang rûne sletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
ou
[ɔ.ṷ]
ou
(lang net algemien mear)
rutsen koart rûne semy-healiepen efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
ue
[y.ǝ]
fl
ue
rutsen koart rûne sletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ui
[ʌi̭]
ui
koart net-rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
uw
[yṷ]
sen
uw
koart rûne sletten foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
opgeande twalûden
Fryske
stavering
IPA
foarbyld(en)
taalkundige omskriuwing
ea / je
[jɛ]
ea
mmen, k
je
palatale approksimant + koart net-rûne semy-healiepen foarlûd
ie / ji
[jɪ]
tr
ie
dden, sk
ji
palatale approksimant + koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd
jo
[jɔ]
jo
cht
palatale approksimant + koart rûne semy-healiepen efterlûd
jo
[jo]
sl
jo
cht
palatale approksimant + koart rûne healsletten efterlûd
oa
[ṷa]
oa
rje
koart rûne sletten efterlûd + koart net-rûne iepen foarlûd
oa
[ṷa:]
oa
rns
koart rûne sletten efterlûd + lang net-rûne iepen foarlûd
ue / ju
[jœ]
fl
ue
zzen, r
ju
cht
palatale approksimant + koart rûne semy-healiepen foarlûd
uo
[ṷo]
uo
tten
koart rûne sletten efterlûd + koart rûne healsletten efterlûd
nasale twalûden
Fryske
stavering
IPA
foarbyld(en)
taalkundige omskriuwing
ean / earn
[ɪ͠.ǝ]
ean
strookje, trijef
earn
nasaal rutsen koart net-rûne semy-sletten semy-foarlûd + koart healiepen middenlûd
ein
[ɛ͠.i̭]
ein
(Wâldfrysk)
nasaal koart net-rûne semy-healiepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
ein
[ɔ͠.i̭]
ein
(Klaaifrysk)
nasaal rutsen rûne semy-healiepen efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
eon
[ø͠.ǝ]
sn
eon
nasaal rutsen koart rûne healsletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
ien
[i͠.ǝ]
ien
nasaal rutsen koart net-rûne sletten foarlûd + koart healiepen middenlûd
oarn
[ṷ͠a:]
oarn
nasaal koart rûne sletten efterlûd + lang net-rûne iepen foarlûd
trijelûden
Fryske
stavering
IPA
foarbyld(en)
taalkundige omskriuwing
eau
[jo.ṷ]
bl
eau
palatale approksimant + rutsen koart rûne healsletten efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
iuw
[jyṷ]
bl
iuw
(net oeral sa útsprutsen)
palatale approksimant + koart rûne sletten foarlûd + koart rûne sletten efterlûd
iuw
[juṷ]
iuw
palatale approksimant + koart rûne sletten efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
joe
[ju.ə]
joe
palatale approksimant + rutsen koart rûne sletten efterlûd + koart healiepen middenlûd
jou
[jɔ.ṷ]
jou
wer
(net oeral sa útsprutsen)
palatale approksimant + rutsen rûne semy-healiepen efterlûd + koart rûne sletten efterlûd
oai
[ṷai̭]
oai
st
koart rûne sletten efterlûd + koart net-rûne iepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
oai
[ṷa:i̭]
oai
koart rûne sletten efterlûd + lang net-rûne iepen foarlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
uoi
[ṷoi̭]
uoi
ke
koart rûne sletten efterlûd + koart rûne healsletten efterlûd + koart net-rûne sletten foarlûd
Konsonanten
It Frysk hat teminsten 28
bylûden
, dy't yn
fonetysk skrift
sa skreaun wurde: [b], [x], [d], [ʣ], [ʤ], [f], [ɡ], [ɣ], [h], [j], [k], [l], [m], [n], [ŋ], [ɲ], [p], [r], [s], [ʃ], [t], [c], [ʦ], [ʧ], [v], [ʋ], [w], [z] en [ʒ]. Dêrfan binne [b], [d], [f], [h], [j], [k], [m], [n], [p], [s], [t], [v] en [z] gjin fierdere útlis brek. De [x] is de ch fan "berch", dy't trouwens yn it Frysk, as it derop oankomt, ornaris fierder nei efteren yn 'e mûle útsprutsen wurdt, as [χ]. Itselde is it gefal mei de [l], wêrfan't de útspraak yn it Frysk dúdlik "dûnkerder" of "tsjûker" is as yn it
Nederlânsk
of it
Ingelsk
, en mear oerienkomt mei de útspraakwize yn it
Skotsk
of de
Slavyske talen
. Om dat útspraakferskil wer te jaan kin it teken [ɫ] brûkt wurde. De [r] wurdt yn it Frysk krekt altyd "rôljend", op 'e punt fan 'e tonge útsprutsen; in
breikjende r
([ʀ]), dy't ek wol foarkomt, is altyd persoansbûn en wurdt yn it Frysk as in spraakgebrek beskôge.
Fierders hat it Frysk twa g's: de
plofklank
[ɡ] (fan "goed") en de
wriuwklank
[ɣ] (fan "drage"), en twa w's: de [ʋ] (fan "wat") en de [w] (fan "skowe"). De [ɣ] en de [w] kinne nea oan it begjin fan wurden foarkomme, likemin as de [x], de [v] en de [z]. De [ʣ] is de dz fan "widze"; [ʤ] is de dzj fan "siedzje"; [ŋ] is de ng fan "bang"; [ɲ] is de nj fan "njonken"; [ʃ] is de sj fan "sjippe"; [c] is de tj fan "tjems"; [ʦ] is de ts fan "tsiis"; [ʧ] is de tsj fan "tsjerke"; en [ʒ] is de zj fan "garaazje". Ek komt yn it Frysk de
glottisslach
([ʔ]) wol foar, mar inkeld tusken twa deselde lûden, lykas yn "koöperaasje" of "Kanaän". Dizze útspraak is dus grutdiels ûnbewust, en de glottisslach wurdt dan yn it skreaune Frysk ek net werjûn, of it moat wêze troch it
trema
op it twadde lûd.
Dêrnjonken binne der noch in dozyn
palatalisearre
konsonanten: [bʲ] (as yn "bjinne"), [xʲ] (as yn "ferlechje"), [ɟ] (as yn "djoer"), [fʲ] (as yn "fjochtsje"), [ɡʲ] (as yn "gjin"), [ɣʲ] (as yn "weagje"), [kʲ] (as yn "kjel"), [lʲ] (as yn "ljip"), [mʲ] (as yn "mjitte"), [pʲ] (as yn "pjut"), [rʲ] (as yn "rjocht") en [vʲ] (as yn "weevje"). De palatalisaasje fan dizze konsonanten wurdt lykwols ek wol taskreaun oan it feit dat se folge wurde troch in
opgeand twalûd
. Men kin de "jo"-klank yn "rjocht" dus op twa manearen útlizze: as "r-jo-cht" (mei in opgeand twalûd), of as "rj-o-cht" (mei in palatalisearre konsonant). Ta einbeslút binne der ek noch fjouwer
labialisearre
konsonanten: [dʷ] (as yn "dwaan"), [kʷ] (as yn "kwea"), [sʷ] (as yn "swart") en [tʷ] (as yn "twa").
Klankynventaris (konsonanten)
bylûden
Fryske
stavering
IPA
foarbyld(en)
taalkundige omskriuwing
b / bb
[b]
êd, ra
bb
erij
stimhawwende bilabiale plofklank
bj
[bʲ]
bj
inne
palatalisearre stimhawwende bilabiale plofklank
ch
[x] ([χ])
ber
ch
(nea oan it wurdbegjin)
stimleaze felêre wriuwklank
(meast reälisearre as de stimleaze uvulêre wriuwklank)
chj
[xʲ]
ferle
chj
palatalisearre stimleaze felêre wriuwklank
d / dd
[d]
doel
, mi
dd
en
stimhawwende alveolêre plofklank
dj
[ɟ]
dj
oer
stimhawwende palatale plofklank
dw
[dʷ]
dw
aan
labialisearre stimhawwende alveolêre plofklank
dz
[ʣ]
wi
dz
(nea oan it wurdbegjin)
stimhawwende alveolêre affrikaat
dzj / j
[ʤ]
sie
dzj
e,
eans
stimhawwende palato-alveolêre affrikaat
f / ff
[f]
ol, stra
ff
stimleaze labiodintale wriuwklank
fj
[fʲ]
fj
ochtsje
palatalisearre stimleaze labiodintale wriuwklank
[ɡ]
ers
stimhawwende felêre plofklank
gj
[ɡʲ]
gj
in
palatalisearre stimhawwende felêre plofklank
g / gg
[ɣ]
se
el, mi
gg
en
(nea oan it wurdbegjin)
stimhawwende felêre wriuwklank
gj
[ɣʲ]
wea
gj
(nea oan it wurdbegjin)
palatalisearre stimhawwende felêre wriuwklank
[h]
out
stimleaze glottale wriuwklank
[j]
as
palatale approksimant
k / kk
[k]
kat
, we
kk
er
stimleaze felêre plofklank
kj
[kʲ]
kj
el
palatalisearre stimleaze felêre plofklank
kw
[kʷ]
kw
ea
labialisearre stimleaze felêre plofklank
l / ll
[l] ([ɫ])
ân, wi
ll
alveolêre laterale approksimant
(meast reälisearre as de felêrisearre alveolêre laterale approksimant)
lj
[lʲ]
lj
ip
palatalisearre alveolêre laterale approksimant
m / mm
[m]
ar, ni
mm
bilabiale nasaal
mj
[mʲ]
mj
itte
palatalisearre bilabiale nasaal
n / nn
[n]
oed, ka
nn
alveolêre nasaal
ng
[ŋ]
la
ng
(nea oan it wurdbegjin)
felêre nasaal
nj
[ɲ]
nj
onken
palatale nasaal
nk
[ŋk]
ba
nk
(nea oan it wurdbegjin)
felêre nasaal + stimleaze felêre plofklank
p / pp
[p]
et, le
pp
el
stimleaze bilabiale plofklank
pj
[pʲ]
pj
ut
palatalisearre stimleaze bilabiale plofklank
r / rr
[r]
ak, ba
rr
(altyd op it puntsje fan 'e tonge útsprutsen)
alveolêre trilklank
rj
[rʲ]
rj
ocht
palatalisearre alveolêre trilklank
s / ss
[s]
âlt, ri
ss
stimleaze alveolêre siisklank
sj
[ʃ]
sj
ippe
stimleaze palato-alveolêre siisklank
sw
[sʷ]
sw
art
labialisearre stimleaze alveolêre siisklank
t / tt
[t]
osk, li
tt
stimleaze alveolêre plofklank
tj
[c]
tj
ems
stimleaze palatale plofklank
ts
[ʦ]
ts
iis
stimleaze alveolêre affrikaat
tsj
[ʧ]
tsj
erke
stimleaze palato-alveolêre affrikaat
tw
[tʷ]
tw
labialisearre stimleaze palatale plofklank
[v]
sle
en
stimhawwende labiodintale wriuwklank
vj
[vʲ]
wee
vj
palatalisearre stimhawwende labiodintale wriuwklank
w / ww
[ʋ]
at, ha
ww
labiodintale approksimant
[w]
sko
(nea oan it wurdbegjin)
stimhawwende labio-felêre approksimant
z / zz
[z]
tû
en, si
zz
(nea oan it wurdbegjin)
stimhawwende alveolêre siisklank
zj
[ʒ]
bagaa
zj
stimhawwende palato-alveolêre siisklank
net skreaun
[ʔ]
koöperaasje
de glottisslach
(in bytsje romte tusken twa gelikense lûden;
yn it Frysk net bewust reälisearre)
Foarútsichten
Waling Dykstra
Al iuwenlang binne der om it hoartsje lju dy't de ûndergong fan 'e Fryske taal binnen fyftich of hûndert jier foarsizze. Sokke "ûnheilsprofeten" wiene bygelyks
Foeke Sjoerds
yn
1765
Johan Winkler
yn
1868
Waling Dykstra
yn
1884
Jan Jelles Hof
yn
1927
, en
Tony Feitsma
yn
1962
44
Yn dit ferbân moat men der rekken mei hâlde dat it begryp 'ûndergong' by de âldere skriuwers net needsaaklikerwize betsjut dat de Frysktaligen op it Nederlânsk oergiene en harren memmetaal falle lieten. Yn Waling Dykstra syn tiid, bygelyks, spriek fierwei it meastepart fan 'e befolking nei wenst Frysk, mar rûn de kwaliteit fan 'e sprektaal bot werom. Der kamen gjin nije Fryk begripen by foar nije ferskynsels; dêrfoar waarden
lienwurden
út it Nederlânsk oernommen. It Nederlânsk waard dêrmei ymplisyt as noarm erkend. (Dykstra sei dêrom: "it Frysk hat de tarring.") As hjoed de dei oer 'ûndergong' sprutsen wurdt, giet it lykwols net allinnich om in kwalitative, mar ek om in kwantitative efterútgong, as Fryske memmetaalsprekkers de taal mar amper of alhiel net mear brûke of de taal net trochjouwe oan harren bern.
Yn
1951
waard in telling ûnder alle skoalbern holden troch
ûnderwiisynspekteur
Krine Boelens
. Twatrêde part hie as memmetaal it Frysk. Op it Fryskstalige
plattelân
fan 'e provinsje wie dat hast 95%. De bernetaal wie dêr foar hast elk Frysk; net fan hûs út Frysktalige bern learden en sprieken Frysk troch de omgong mei harren wol Frysktalige leeftydsgenoaten. Yn
1967
waard der troch
Lieuwe Pietersen
foar it earst in represintative
enkête
oer de posysje fan it Frysk holden. It die bliken dat doe 71% fan 'e ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Yn
1980
fûn der op 'e nij in represintative enkête plak en dêrút bliek dat doe noch mar 55% fan 'e ynwenners fan Fryslân it Frysk as memmetaal hie. Dat wie dus in efterútgong fan 16% yn trettjin jier
– of alteast sa liek it op it earste gesicht. As men dat persintaazje ferrekkenet mei de útstream fan Frysktaligen út Fryslân, de ynstream fan Nederlânsktaligen yn 'e provinsje en de groei fan 'e Fryske befolking, dan ûntstiet der in nuansearder byld. Doe't der yn
1994
wer in enkête holden waard, neffens it stramyn fan dy fan
1980
, wie it persintaazje Frysktaligen stabyl bleaun op 55%. As men dat ferrekkenet mei de befolkingsgroei yn Fryslân yn de tuskenlizzende perioade (fan sa'n 580.000 nei 615.000), kin men dus stelle dat der yn dy perioade in absolute taname fan Frysktaligen west hawwe moat fan rom 19.000. En dan is
emigraasje
út 'e provinsje wei troch foar in grut part Frysktaligen en
ymmigraasje
nei de provinsje ta troch foar in grut part Nederlânsktaligen net meirekkene. Hoewol't harren relative oandiel yn 'e befolking fan Fryslân foàr
1980
ôfnommen en dêrnei gelyk bleaun is, kin dus steld wurde dat der, yn absolute sifers ynstee fan persintaazjes, noch nea yn 'e skiednis safolle Frysktaligen west hawwe as hjoed de dei. Under harren nimt fierders it tal twadde-taalsprekkers ta.
Wat de takomst fan it Frysk oanbelanget: resinte ûndersiken litte sjen dat hieltyd minder âlden it Frysk oan harren bern trochjouwe en dat allyksa minder bern ûnderling it Frysk brûke, ek dyjingen dy't it Frysk fan har âlden al leard hawwe. It ûnderwiis is der oant no ta net yn slagge it skreaune Frysk as taalkultuer en taalnoarm oer te dragen, en de Frysktaligen brûke it dan ek net op nivo. De lytse minderheid dy't Frysk skriuwt, docht dat foar in grut part neffens in eigen sprektaalnoarm: eins dus sûnder noarm en sûnder erkende noarmearring, wat betsjut dat it Nederlânsk (of eins 'oerset' Nederlânsk) de noarmfunksje oernimt. Dit proses soe yn 'e takomst de standerttaal-status yn gefaar bringe kinne en it Frysk weromferwize kinne nei in dialektstatus. Mar hoe dan ek, om't der hjoed de dei noch altyd bern binne dy't it Frysk as memmetaal hawwe, al wurde it geandewei minder, sil it Frysk perfoarst de
twaentweintichste iuw
helje. Oft dan in minderheid Frysktalich wêze sil, en wat de kwaliteit fan 'e taal dan is, bliuwt no fansels noch ûnwis.
ISO 639-Taalkoades
De
ISO 639
-taalkoades foar it Frysk binne "fy" en "fry". Om't it
Wikipedia-projekt
, sa't op it
ynternet
wisânsje is, de twaletterige koades brûkt, wurdt de
Fryske Wikipedy
oantsjut mei de koade "fy:".
Sjoch ek
Frysk alfabet
Fryske dialekten
Fryske literatuer
Nijfryske literatuer
Fryske stavering
Frysk yn it bestjoerlik ferkear
Frysk yn it rjochtsferkear
Frysk op kompjûters
Grut Frysk Diktee
Kneppelfreed
list fan Fryske taalferienings
list fan sterke tiidwurden yn it Frysk
meartalichheidskoördinator
Praat mar Frysk
Swadesh-list Frysk
Tekstwinkel
Keppelings om utens
Oerheid
Provinsje Fryslân
Wetterskip Fryslân
Algemien
Artikel oer it Frysk op
Omniglot
Hallo Fryslân
It Frysk, de Nederlânske streektalen en it Nederlânsk
Kultuer
Kultuerkaart fan Fryslân
Fryske Mp3
Media
Omrop Fryslân Telefyzje en Radio
Ljouwerter Krante
Frysk Deiblêd
It Nijs
Ynternet
Staveringshifker Frysk fan OpenOffice
Firefox yn it Frysk
Fryske staveringshifker foar Firefox
Thunderbird 3.0 yn it Frysk
Boarnen, noaten en referinsjes
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
referinsjes
Boers, Erwin,
Oudste Fries op perkament
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 23 juny 2015.
Brouwer, J.H. et al. (red.)
Culturele problemen
, yn:
Encyclopedie van Friesland
Bûsboekje 2015
, s. 147.
Spahr van der Hoek, J.J.
, en Vries, K. de, red.
Friesland 1945-1970
, Ljouwert, 1970 (Miedema Pers), sûnder ISBN, s. 98.
Boelens, Krine
De Taal van het Schoolkind in Friesland
, 1956.
Gorter, Jelsma, Van der Plank en De Vos
Taal yn Fryslân
, Ljouwert, 1984 (Fryske Akademy).
Gorter, Durk, en Jonkman, Reitze
Taal yn Fryslân op 'e Nij Besjoen
, s. 8.
De ‘echte’ Fries spreekt nog steeds Fries!
, Flycatcher Interner Research (sjoen op 11 desimber 2010).
Bosma, Willem
Taalmacht Fries boert langzaam achteruit
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 5 septimber 2018, s. 29.
Walthaus, Asing
Mear Prate as Skriuwe
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 12 novimber 2021, s. 4-5.
Veltman, Melle
Friezen spreken thuis vaker Fries
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 18 july 2024, side 1.
Boelens, K., et al.
Twataligens
, s. 29.
Veltman, Melle
Naturalisatie-eed mag in het Fries
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 20 jannewaris 2023, s. 2.
De Fryske taal
op 'e webside fan de
Ried fan de Fryske Beweging
De Bosatlas van Fryslân
, s. 178.
Boers, Erwin, en Grosso, Maria del
‘Naam Ljouwert is onvermijdelijk’
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 25 jannewaris 2014.
Boelens, K.,
et. al.,
Twataligens
, Ljouwert, 1981 (Afûk),
ISBN 9 06 27 30 086
, s. 167.
Veldstra, Geert
Vlaming brengt het Fries terug op de universiteit van Utrecht
, yn: it
Frysk Deiblêd
, 3 maart 2020.
——,
Hans Van de Velde benoemd tot hoogleraar "Sociolinguïstiek, met bijzondere aandacht voor de taalsituatie in Fryslân"
, op
UU.nl
, 13 maaie 2019.
——,
Bijzondere leerstoelen
, op
Fryske-Akademy.nl
Veltman, Melle
Opleiding minderheidstalen geschrapt
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 8 febrewaris 2024, s. 2.
——,
Hoogleraar Goffe Jensma met pensioen, ongerust over toekomst studie Fries
, op
NOS.nl
, 7 oktober 2022.
——,
Advysbrief oan RUG: "Soargen oer learstoel Frysk yn Grins"
, op
DINGtiid.nl
, 3 novimber 2022.
——,
RUG stelt interim-hoogleraar Friese taal en cultuur aan
, op 'e webside fan 'e Ryksuniversiteit Grins, 8 febrewaris 2023.
Veltman, Melle
"Status-aparte" voor het Fries?
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 12 jannewaris 2024, s. 1.
Veltman, Melle
Minister Dijkgraaf maakt geld vrij voor een nieuwe opleiding Fries
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 31 jannewaris 2024, s. 2.
Veltman, Melle
Fries weer helemaal terug aan de Rijksuniversiteit Groningen
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 10 jannewaris 2025, s. 2.
Ytsma, Jehannes
De taal fan famyljeberjochten
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 19 maaie 2000.
Riemersma, Gerrie
Internationale verbazing over Fries in kranten
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 5 juny 1999.
Riemersma, Gerrie
Internationale verbazing over Fries in kranten
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 5 juny 1999.
Riemersma, Gerrie
Internationale verbazing over Fries in kranten
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 5 juny 1999.
It Nijs
op it bloch fan Cornelis van der Wal.
Opmerkings riedslid Johan Meester oer
It Nijs
Vries, Daam de
Sensuer by de djipfriezen
Ytsma, Jehannes
De taal fan famyljeberjochten
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 19 maaie 2000.
Bosker, Fokko
Microsoft met Fries in politiek mijnenveld
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 9 febrewaris 2000.
E-mailprogramma in het Fries
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 3 desimber 2009 (sjoen op 4 desimber 2009).
Grosso, Maria del
Laatste spurt naar 'folslein' Frysk Facebook
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 29 novimber 2014.
Meer, Anne Roel van der
Onderzoekster Jongbloed: het Fries heeft baat by sociale media
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 3 septimber 2021, s. 25.
Veltman, Melle
Verbod op Fries praten met klanten: mag dat eigenlijk?
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 10 febrewaris 2024, s. 30.
Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van
Taal van de Wadden
, De Haach, 2004, s. 38.
Breuker, Pieter
Fries, het Broertje van
, yn: Nicoline van der Sijs,
Taaltrots: Purisme in een Veertigtal Talen
, s. 81.
Riemersma, Trinus
Frysk Frysk
, yn:
Frysk en Frij
, desimber 1996.
Keulen, Binne
Het Fries overleeft ook de 21ste eeuw
, yn: de
Ljouwerter Krante
, 31 desimber 1998.
boarnen
Blom, Gosse
Hylper Wurdboek
, Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy),
ISBN 9 06 17 16 055
Boelens, K., et al.
Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens
, Ljouwert, 1981, 3e printinge (Fryske Akademy),
ISBN 9 06 27 30 086
Boomsma, Peter R.
Kneppelfreed: Gevecht om de Taal met Wapenstok en Waterkanon
, Frjentsjer, 1998,
ISBN 9 05 19 41 838
——,
Bosatlas van Fryslân
, Grins, 2009 (Noordhoff Atlas Productions),
ISBN 978-9 00 17 79 047
Breuker, Pieter
Fries, Het Broertje van
, yn: Sijs, Nicoline van der, (red.),
Taaltrots: Purisme in een Veertigtal Talen
, Amsterdam/Antwerpen, 1999 (Het Taalfonds),
ISBN 9 02 54 96 245
, s. 80-87.
Breuker, Pieter
Noarmaspekten fan it Hjoeddeiske Frysk
, Grins, 1993 (St. FFYRUG),
ISBN 9 08 01 32 519
Brouwer, J.H.
et al. (red.)
Encyclopedie van Friesland
, Amsterdam, 1958 (Elsevier), sûnder ISBN.
Crystal, David
The Penguin Dictionary of Language (Second Edition)
, Londen, 1999 (Penguin),
ISBN 0 14 05 14 163
Dykstra, Klaes
, en
Oldenhof, Bouke
Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer
, Ljouwert, 1997 (Afûk),
ISBN 9 07 00 10 526
Dijk, Siebren
Noun Incorporation in Frisian
, Ljouwert, 1997 (Fryske Akademy),
ISBN 9 06 17 18 481
Dijkstra, F.B.
Stavering
, Ljouwert, 1991 (Afûk),
ISBN 9 06 27 34 537
Dooper, Minke, et al.
Bûsboekje 2015
, Ljouwert, 2014 (Ried fan de Fryske Beweging),
ISBN 978-9 08 15 60 443
Duijff, Pieter
Fries en Stadsfries
, De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers),
ISBN 9 01 20 90 156
Frieswijk, Johan
; Huizinga, Jo; Jansma, Lammert; en
Kuiper, Yme
, (red.)
Geschiedenis van Friesland 1750-1995
, Ljouwert/Amsterdam, 1998 (Fryske Akademy/Utjouwerij Boom),
ISBN 9 05 35 23 685
Gorter, Durk, en
Jonkman, Reitze
Taal yn Fryslân op 'e Nij Besjoen
, Ljouwert, 1995 (Fryske Akademy),
ISBN 9 06 17 18 074
Haan, G.J. de
Frisian Grammar
, Grins, (sûnder jier).
Heidinga, H.A.
Frisia in the First Millennium: An Outline
, Utert, 1997 (Utjouwerij Matrijs),
ISBN 9 05 34 51 161
Hofstra, T.
Oudnoors I
, Grins, 1996.
Jansen, Mathilde
, en Oostendorp, Marc van
Taal van de Wadden
, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers),
ISBN 978-9 01 20 97 130
Jansma, Klaas
Friesland en Zijn 44 Gemeenten
, Ljouwert, 1981 (
Frysk Deiblêd
),
ISBN 9 06 48 00 154
Jonkman, Reitze J.
en
Versloot, Arjen P.
Fryslân Land van Talen: Een Geschiedenis
, Ljouwert, 2018 (op 'e nij besjoene werútjefte), oarspr. printinge 2013 (Afûk),
ISBN 978-9 06 27 39 264
Mulder, Bertus, en Mulder, Marja
De Miskende Taaiheid fan it Frysk
, Ljouwert, 2008 (Fryske Pers Boekerij),
ISBN 978-9 03 30 06 111
Nieuwenhuijsen, P.M.
Het Verschijnsel Taal
, Bussum, 1995 (Coutinho),
ISBN 9 06 28 39 894
Perdok, Els
Woordenboek Nederlands-Schiermonnikoogs
, Skiermûntseach, 2001 (Kultuerhistoaryske Feriening " 't Heer en Feer").
Renkema, W.J.; Ytsma, Jeh.; en Willemsma, A.
Frisian: The Frisian Language in Education in The Netherlands
, Ljouwert, 1996 (Fryske Akademy).
Roggen, Cornelis
Woordenboek van het Oosterschellings – Wêdenboek fon et Aasters
, Ljouwert, 1976 (Fryske Akademy),
ISBN 9 06 17 14 907
Steensen, Thomas; Hemminga, Piet; en Lengen, Hajo van
De Fryslannen
, Ljouwert, 2008 (Fryske Rie/Afûk),
ISBN 978-9 06 27 37 734
Visser, Willem, en Dyk, Siebren
Eilander Wezzenbúek
, Ljouwert, 2002 (Fryske Akademy),
ISBN 9 06 17 19 348
Wichen-Schol, Martha van
Woddenboek fan et Westers
, Ljouwert, 1986 (Fryske Akademy), sûnder ISBN.
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Frisian language
fan
Wikimedia Commons
Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk
Aastersk
Hylpersk
Klaaifrysk
Bjirmsk
Molkwardersk
Noardhoeksk
Eastnoardhoeksk
Westnoardhoeksk
Skiermûntseagersk
Skylgersk
Súdwesthoeksk
Lemsterlânsk
Wâldfrysk
Westereindersk
Hollânsk
Hollânsk-Frysk
Amelânsk
Eastamelânsk
Westamelânsk
Biltsk
Eastbiltsk
Westbiltsk
Midslânsk
Stedsk
Boalsertersk
Dokkumersk
Feanstersk
Frjentsjertersk
Harnzersk
Kollumersk
Ljouwertersk
Snitsersk
Starumersk
Westfrysk
Flylânsk
Nedersaksysk
Kleastersk
Pompstersk
Stellingwerfsk
Eaststellingwerfsk
Gitersk
Haadstellingwerfsk
Kúndersk
Westhoeksk
Westerkertiersk
Kollumerlânsk
Opfrege fan "
Kategoryen
Nijsgjirrige siden
Frysk
Fryslân
Taal yn Fryslân
Taal yn Nederlân
Fryske talen
Westgermaanske talen
Westerlauwerske Friezen
Ferburgen kategory:
Pages using ISBN magic links
Frysk
Nij mêd
US