Meksiko - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Feriene Meksikaanske Steaten
Estados Unidos Mexicanos
Spaansk
Biedwurd
La Patria es Primero
"(
It Heitelân komt earst
)"
Folksliet
Himno Nacional Mexicano
Haadstêd
Meksiko-Stêd
Offisjele taal
Spaansk
68 lânseigen talen
Steatsfoarm
Federale republyk
presidint
Claudia Sheinbaum
Unôfhinklikheid
16 septimber
1810
(ferklearre)
27 septimber
1821
(erkend)
Oerflak
1.972.550 km²
- lân
1.952.110 km²
- wetter
20.440 km²
Ynwennertal
129.875.529
(rûzing 2023)
Befolkingstichtens
66,3 ynw./km²
Muntienheid
Peso
(MXN)
Tiidsône
UTC
-6 oant -8 (
UTC
-6 oant -8)
simmertiid
Yn 'e measte steaten ôfskaft
Nasjonale feestdei
16 septimber
(Grito de Dolores)
5 febrewaris
(Dei fan 'e Grûnwet)
20 novimber
(Dei fan 'e Revolúsje)
Ynternetdomein
.mx
Telefoan
+52
ISO 3166
MX, MEX, 484
1. Der is op federaal nivo gjin offisjele taal fêstlein, mar it Spaansk en de 68 lânseigen talen wurde erkend as nasjonale talen.
2. De presidint is sawol steatshaad as regearlieder.
Meksiko
, offisjeel de
Feriene Meksikaanske Steaten
Spaansk
Estados Unidos Mexicanos
) is in lân yn
Noard-Amearika
Geografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Meksiko wurdt begrinze troch de
Feriene Steaten
Belize
Gûatemala
, de
Grutte Oseaan
en de
Golf fan Meksiko
Lânskip
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De
Pico de Orizaba
, de heechste berch fan Meksiko.
Meksiko leit yn it suden fan
Noard-Amearika
, it súdlike part wurdt bytiden ta
Sintraal-Amearika
rekkene. It lân rint mear as trijetûzen kilometer fan it noardwesten oant it súdeasten út. Yn it noarden is Meksiko twatûzen kilometer breed, mar op syn smelst (
Lâningte fan Tehuantepek
) is dat likernôch 220 kilometer. Meksiko leit tusken de
Grutte Oseaan
oan 'e iene kant en de
Golf fan Meksiko
en de
Karibyske See
oan 'e oare kant. Meksiko hat twa opfallende
skiereilannen
Yucatán
en
Neder-Kalifornje
Utsein Yucatán is Meksiko in bercheftich lân, mei as wichtichste massyf it út trije parten besteande
Sierra Madre
, dat as in part fan 'e
Rocky Mountains
beskôge wurde kin. Yn it midden fan Meksiko leit in oantal
fulkanen
, dêr't de
Popokatépetl
de bekendste fan is. It heechste punt is de
Pico de Orizaba
(5650 m), wat ek in fulkaan is. De grutste rivieren binne de
Río Bravo
(yn 'e Feriene Steaten bekend as Rio Grande), de
Lerma
, de
Balsas
, de
Pánuco
, de
Usumasinta
en de
Yaqui
Eilannen fan Meksiko
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Meksiko hat in grut ferskaat oan eilannen yn sawol de Karibyske See as de Stille Oseaan. De wichtichste binne:
de Karibyske kust:
Cozumel
(ferneamd om koraalriffen),
Isla Mujeres
en
Isla Holbox
de Golf fan Kalifornje:
Isla Tiburón
(it grutste eilân fan it lân) en it natuerreservaat
Isla Espíritu Santo
, dat op 'e
UNESCO
-list stiet.
de Stille Oseaan: de isolearre
Revillagigedo-arsjipel
en
Isla Guadalupe
, bekend om de grutte wite haai. Ek de eardere finzenis-eilannen, de
Islas Marías
, binne no in natuerpark.
Histoarysk: Yn it hert fan it lân lizze de
Chinampas fan Xochimilco
, de ferneamde driuwende tunen fan 'e
Azteken
Klimaat
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It
klimaat
fan Meksiko rint útien fan
woastynklimaat
yn it noarden oant
tropysk reinwâldklimaat
yn it suden en berchklimaat yn 'e midden.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Meksiko is in federale republyk dy't bestiet út 32 federale entiteiten: 31 frije en sûvere steaten en Meksiko-Stêd, de haadstêd fan it lân.
Elke steat hat syn eigen grûnwet, in eigen parlemint (de
Congreso del Estado
) en in gûverneur dy't troch direkte ferkiezings keazen wurdt. De steaten binne foar in grut part selsstannich oer ynterne saken lykas ûnderwiis, plysje en lokale belestingen. Op it heechste nivo wurde se lykwols ferienige troch de federale oerheid, dy't oer de nasjonale feiligens, bûtenlânske polityk en de algemiene ekonomyske koers giet.
De steaten binne op harren beurt wer ûnderferdiend yn gemeenten (
municipios
). Op it stuit binne der yn totaal 2.471 gemeenten yn it lân. Dizze gemeenten foarmje de tredde bestjoerslaach en binne ferantwurdlik foar basisfoarsjennings lykas drinkwetter, strjitferljochting en ôffalferwurking.
Meksiko-Stêd (CDMX) hie foar in hiel skoft in aparte status as it "Federaal Distrikt" (
Distrito Federal
). Sûnt in grûnwetlike herfoarming yn 2016 hat de stêd lykwols hast deselde rjochten en autonomy krigen as de oare 31 steaten, ynklusyf in eigen grûnwet en lokale boargemaster.
Steaten fan Meksiko
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Sjoch:
Steaten fan Meksiko
foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.
1.
Aguascalientes
2.
Baja California
3.
Baja California Sur
4.
Campeche
5.
Chiapas
6.
Chihuahua
7.
Coahuila
8.
Colima
9.
Durango
10.
Guanajuato
11.
Guerrero
12.
Hidalgo
13.
Jalisco
14.
Meksiko
15.
Michoacán
16.
Morelos
17.
Nayarit
18.
Nuevo León
19.
Oaxaca
20.
Puebla
21.
Querétaro
22.
Quintana Roo
23.
San Luis Potosí
24.
Sinaloa
25.
Sonora
26.
Tabasco
27.
Tamaulipas
28.
Tlaxcala
29.
Veracruz
30.
Yucatán
31.
Zacatecas
32.
Meksiko-Stêd
Skiednis
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It gebiet fan it tsjintwurdige Meksiko hat bloeiende beskavingen kind (
Tolteken
Maya's
, Azteken). Yn
1519
fersloech de
Spaanske
konkwistator
Cortés
de Azteken en oermastere harren ryk. De Spanjerts stiften yn 'e
Nije Wrâld
de
koloanje
Nij-Spanje
, dy't Meksiko, Sintraal-Amearika,
West-Ynje
en de
Filipinen
(en dielen fan de hjoeddeiske
FS
) omfieme. Allinnich mei it memmelân Spanje mocht hannel dreaun wurde.
Eksekúsje fan Maksimilaan.
Begjin
19e iuw
kamen de
kreoalen
ûnder lieding van 'e prysters
Hidalgo
en
Morelos
yn opstân. Yn
1821
(ynstee fan 1819) rôpen de blanke kolonisten de ûnôfhinklikheid fan Meksiko út. Spanje stjoerde generaal
Iturbide
nei it noarden om de opstân del te slaan. By oankomst ferklearre dy him lykwols tsjin Spanje en liet himsels ta keizer kroane. Generaal
Antonio López de Santa Anna
brocht him yn
1823
ta fal, wêrnei't in tiidrek fan politike gaos folge dat oant 1857 duorre. Yn dy tiid waarden op syn minst 250 steatsgrepen plege. Doe't
Teksas
, dat him yn
1836
fan Meksiko ôfskaat hie, him oanslette by de
Feriene Steaten
, bruts in oarloch tusken Meksiko en de Feriene Steaten út, dy't troch Meksiko ferlern waard. It lân rekke
Nij-Meksiko
Arizona
Utah
en
Kalifornje
kwyt.
Yn
1863
stjoerde de
Frânske
keizer
Napoleon III
in grut leger nei Meksiko dat de haadstêd binnenluts. De konservativen beaën dêrop de keizerskroan oan aartshartoch
Maksimilaan fan Eastenryk
oan. Nei syn fal yn
1867
waard
Juárez
, dy't earder ek al oan 'e macht west hie, wer presidint. Yn
1876
kaam
Díaz
oan 'e macht. Hy regearre, mei in ûnderbrekking fan 1880 oant 1884, as konservatyf diktator.
Yn
1910
(begjin fan de revolúsje) sette in nasjonale revolúsje útein dy't in ein meitsje woe oan 'e macht fan bûtenlânske bedriuwen, de tsjerke en grutgrûnbesitters. De jierren dy't dêrop folgen (1910-1920) wienen tige rûzich. Yn dy tiid kamen de Feriene Steaten twa kear militêr tuskenbeide. Troch lettere opienfolgjende presidinten waard de nasjonale revolúsje trochset. Under
Calles
bruts yn
1926
in skerp konflikt út mei de
Roomsk-Katolike Tsjerke
en presidint
Cárdenas
besleat yn
1938
ta nasjonalisaasje fan alle Amerikaanske en Britske oaljemaatskippijen.
Meksiko ferklearre yn
1942
de oarloch oan
Dútslân
en
Japan
. Nei de Twadde Wrâldoarloch kaam der foar it earst wer in sivile presidint oan 'e macht. Sûnt dy tiid beskikt it lân feitlik oer in stjoerde demokrasy en is de tradysje groeid dat de ferskate streamingen binnen de regearingspartij
PRI
inoar yn it presidintskip ôfwikselje.
Demografy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Befolking
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It grutste part fan 'e befolking bestiet tsjintwurdich út
Mestizen
; ôfstammelingen fan blanke Spaanske kolonisten en de oarspronklike
Yndianen
. Lytsere mar dochs grutte groepen foarmje de blanken en de minsken fan Yndiaansk komôf. De blanken hawwe in grutter oerwicht yn wolfeart en politike ynfloed. Fierders binne der
Afro-Meksikanen
Arabyske Meksikanen
en Aziaten.
Etnyske gearstalling fan Meksiko (2020)
Groep
Persintaazje
Opmerking
Mestizen
70% – 85%
Mingd lânseigen en Europeesk
Lânseigen (Indígena)
21% – 25%
Basearre op selsidentifikaasje
Blanken
10% – 15%
Foaral fan Spaanske ôfkomst
Afro-Meksikanen
2,0%
Earste offisjele telling yn 2020
Oaren
< 1,0%
Aziaten en Arabyske Meksikanen
Boarne: INEGI (Censo 2020) en ferskate sosjologyske stúdzjes.
Taal
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Om-ende-by 94% fan 'e befolking hat it
Spaansk
as memmetaal en it wurdt troch mear as 98% fan 'e Meksikanen ferstien; dêrtroch is it lân it grutste Spaansktalige lân fan 'e wrâld. Hoewol't it Spaansk de offisjele lânstaal is, ferskilt it wat útspraak en wurdskat oanbelanget fan it Spaansk dat yn Spanje praat wurdt. Ek binne der lokale ferskillen; it Spaansk fan de kuststreken wurdt bygelyks ta it
Karibysk Spaansk
rekkene.
In minderheid fan likernôch 6,1% fan 'e befolking (sa'n 7,3 miljoen minsken) hat in lânseigen taal as memmetaal. Troch de Meksikaanske oerheid wurde 68 (ynstee fan 62) lânseigen talen as 'nasjonale talen' erkend, dy't yn it gebiet dêr't se sprutsen wurde deselde status hawwe as it Spaansk. Fan dizze talen binne it
Nahuatl
(1,65 miljoen sprekkers), it
Yucateeksk Maya
(774.000), it
Tseltal
(561.000), it
Tsotsil
(550.000) en it
Mixteeksk
(526.000) de grutste.
Wylst it
Nahuatl
Yucateeks Maya
en
Tseltal
noch in soad praat wurde, hawwe oare talen lykas it
Awakateko
of it
Kiliwa
noch mar in hantsjefol sprekkers. It persintaazje fan 'e befolking dat in lânseigen taal praat rint tebek. Fan 'e 68 erkende talen drige der 20 oant 30 yn 'e kommende jierren te ferdwinen.
Religy
bewurkje seksje
boarne bewurkje
It meastepart fan 'e Meksikaanske befolking beskôget himsels as kristen. De
Roomsk-Katolike Tsjerke
is mei 77,7% fan 'e totale befolking de grutste leauwe-mienskip (in tebekgong ferlike mei eardere desennia). In groeiende groep fan 11,2% is
protestantsk
of evangelysk. Dêrnjonken is der in tanimmende groep fan 8,1% dy't gjin religy hat. Hoewol't it roomsk-katolisisme djip yn 'e kultuer woartele is, giet mar in part fan 'e leauwenden geregeldwei nei tsjerke.
Befolkingsspreiding
bewurkje seksje
boarne bewurkje
De tichtbefolke gebieten fan Meksiko binne it sintrale heechlân, dêr't de measte stêden lizze, it noardeasten en de stedske gebieten oan 'e Amerikaanske grins. De súdlike reinwâlden, de noardlike woastyngebieten en it skiereilân
Neder-Kalifornje
binne it tinst befolke.
Meksiko-Stêd
is mei ôfstân de grutste stêd fan it lân, mei 9,2 miljoen ynwenners yn 'e stêd sels (it eardere
Federaal Distrikt
), en sa'n 22 miljoen yn 'e
agglomeraasje
. Hoewol't it ien fan 'e grutste stedske gebieten fan 'e wrâld is, is it op de wrâldranglist yntusken foarby stribbe troch stêden lykas
Tokio
Delhi
en
Sjanghai
. Oare agglomeraasjes mei mear as in miljoen ynwenners yn Meksiko binne
Guadalajara
Monterrey
Puebla
Toluca
Tijuana
León
Ciudad Juárez
La Laguna
en
San Luis Potosí
. Yn totaal wennet 81% fan 'e befolking yn stêden of stedske gebieten.
Toerisme
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Chichén Itzá
Toerisme is ien fan 'e wichtichste boarnen fan bûtenlânske faluta foar Meksiko. It draacht foar likernôch 8,5% oant 9% by oan it Bruto Binnenlânsk Produkt (BBP). De sektor is in enoarme wurkjouwer en miljoenen Meksikanen wurkje yn 'e hoareka, it transport of as gids. It lân wurdt alle jierren troch mear as 40 miljoen ynternasjonale toeristen besocht, wêrmei't it steefêst yn 'e top 10 fan 'e wrâldranglist fan 'e UN Tourism (earder UNWTO) stiet.
Benammen besikers út de Feriene Steaten en
Kanada
foarmje in grutte groep, mar it lân kriget ek grutte oantallen toeristen út Jeropa en
Súd-Amearika
Toeristyske Sintra
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Meksiko kin ferdield wurde yn ferskate toeristyske regio's mei elk har eigen karakter:
De "Riviêra Maya" en
Cancún
oan 'e Karibyske kust, de populêrste regio foar sinne- en seetoeristen stiet bekend om de wite strannen, lúkse resorts en de
cenotes
(natuerlike wetterputten).
De Stille Oseaan mei stêden lykas Puerto Vallarta, Mazatlán en Acapulco. De súdlike kust fan Oaxaca is populêr by surfers en ekotoeristen.
Yn
Neder-Kalifornje
(Baja California) is benammen
Los Cabos
is in populêre bestimming foar Amerikaanske toeristen, bekend om de rûge rotsen en it spotten fan walfisken.
De kulturele stêden yn it binnenlân lykas Oaxaca-Stêd, San Miguel de Allende, Guanajuato, Morelia en fansels Meksiko-Stêd mei koloniale arsjitektuer, de Meksikaanske koken en musea.
De archeologyske fynplakken mei ruïnes fan 'e Maya's (lykas Chichén Itzá en Palenque) en de Azteken (lykas Teotihuacán).
UNESCO-Wrâlderfgoed yn Meksiko
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Meksiko hat ien fan 'e heechste oantallen UNESCO-wrâlderfgoedlokaasjes fan 'e wrâld. De meast bekend binne:
Seleksje fan UNESCO-wrâlderfgoed yn Meksiko
Namme
Type
Regio
Beskriuwing
Chichén Itzá
Kultuer
Yucatán
Ien fan 'e sân nije wrâldwûnders; in wichtige Maya-stêd.
Teotihuacán
Kultuer
Steat Meksiko
De stêd fan 'e goaden, bekend om de Piramide fan 'e Sinne.
Histoarysk sintrum fan
Meksiko-Stêd
en
Xochimilco
Kultuer
Meksiko-Stêd
Koloniaal hert fan 'e haadstêd en de ferneamde driuwende tunen.
Palenque
Kultuer
Chiapas
In yndrukwekkende Maya-stêd midden yn it oerwâld.
Sian Ka'an
Natuer
Quintana Roo
In grut biosfearreservaat oan 'e Karibyske kust.
Biosfearreservaat fan de
Monarchflinter
Natuer
Michoacán
It plak dêr't miljoenen flinters oerwinterje.
El Pinacate en Gran Desierto de Altar
Natuer
Sonora
In spektakulêr woastynlânskip mei fulkaankraters.
Agavelânskip en âlde yndustryfoarsjennings fan
Tequila
Kultuer
Jalisko
It hert fan 'e produksje fan 'e nasjonale drank.
De lêste jierren ynvestearret de oerheid yn 'e saneamde Tren Maya (Mayatrein), in spoartrajekt dy't de wichtichste archeologyske plakken op it skiereilân Yucatán meiïnoar ferbine moat. Hoewol't dit it toerisme oantrunet, is der ek in soad krityk fan miljeu-organisaasjes fanwegen de ynfloed op it ekosysteem fan 'e oerwâlden.
Offisjele Frije Dagen (Días Feriados)
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Datum (2026)
Namme (Frysk)
Namme (Spaansk)
Taljochting
1 jannewaris
Nijjiersdei
Año Nuevo
Earste dei fan it jier.
2 febrewaris
Dei fan 'e Grûnwet
Día de la Constitución
De offisjele dei is 5 febrewaris, mar it wurdt op 'e earste moandei fan febrewaris fierd.
16 maart
Bertedei fan Benito Juárez
Natalicio de Benito Juárez
De offisjele dei is 21 maart, mar it wurdt op de tredde moandei fan maart fierd.
1 maaie
Dei fan 'e Arbeid
Día del Trabajo
Nasjonale dei foar de rjochten fan 'e arbeider.
16 septimber
Unôfhinklikheidsdei
Día de la Independencia
De wichtichste nasjonale feestdei fan Meksiko.
16 novimber
Dei fan 'e Revolúsje
Día de la Revolución
De offisjele dei is 20 novimber, mar it wurdt op 'e tredde moandei fan novimber fierd.
25 desimber
Krystdei
Navidad
Fiering fan 'e berte fan Jezus.
Oare wichtige (net-offisjele) dagen:
Njonken de wetlike frije dagen binne der dagen dy't sa wichtich binne dat in soad skoallen of bedriuwen ticht binne of spesjale fieringen hawwe:
2 april (2026): Jueves Santo (
Wite Tongersdei
) - Begjin fan it
Peaske
-wykein.
3 april (2026): Viernes Santo (
Goed Freed
) - In tige wichtige religieuze dei.
5 maaie: Batalla de Puebla (Cinco de Mayo) - Foaral in frije dei foar skoallen.
10 maaie: Día de las Madres (Memmedei) - Yn Meksiko ien fan 'e drokste dagen fan it jier foar restaurants.
1 & 2 novimber: Día de los Muertos (Dei fan 'e Deaden) - Skoallen binne faak ticht.
12 desimber: Día de la Virgen de Guadalupe - De grutste religieuze beafeart fan it lân.
Steaten
fan
Meksiko
Aguascalientes
Baja California
Baja California Sur
Campeche
Chiapas
Chihuahua
Coahuila de Zaragoza
Colima
Durango
Guanajuato
Guerrero
Hidalgo
Jalisco
Meksiko
Michoacán de Ocampo
Morelos
Nayarit
Nuevo León
Oaxaca
Puebla
Querétaro de Arteaga
Quintana Roo
San Luis Potosí
Sinaloa
Sonora
Tabasco
Tamaulipas
Tlaxcala
Veracruz
Yucatán
Zacatecas
Federaal distrikt:
Meksiko-Stêd
Boarnen, noaten en referinsjes
bewurkje seksje
boarne bewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Información Demográfica y Social 2020.
INEGI,
Censo de Población y Vivienda 2020
UN Tourism.
Commons
Wikimedia Commons
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory
Meksiko
fan
Wikimedia Commons
Steaten
fan
Meksiko
Aguascalientes
Baja California
Baja California Sur
Campeche
Chiapas
Chihuahua
Coahuila de Zaragoza
Colima
Durango
Guanajuato
Guerrero
Hidalgo
Jalisco
Meksiko
Michoacán de Ocampo
Morelos
Nayarit
Nuevo León
Oaxaca
Puebla
Querétaro de Arteaga
Quintana Roo
San Luis Potosí
Sinaloa
Sonora
Tabasco
Tamaulipas
Tlaxcala
Veracruz
Yucatán
Zacatecas
Federaal distrikt:
Meksiko-Stêd
Opfrege fan "
Kategoryen
Meksiko
Lân yn Noard-Amearika
Lân yn Midden-Amearika
Histoaryske Spaanske koloanje
Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1821
Republyk
Meksiko
Nij mêd