Wikipedy:FAQ - Wikipedy
Springe nei ynhâld
Ut Wikipedy
Oersjoch behearsiden
Siden oangeande Wikipedy-rjochtlinen
Brân mar los
Meidwaan mei de Fryske Wikipedy
Wat is Wikipedia NET
Dochs wat regels
Stikken skriuwe yn Wikipedia-styl
Betsjuttings ûnttiizje
Ienfâldich begjinne
Koart oersjoch
Tips foar begjinnende redakteuren
Objektivens
Gjin orizjineel ûndersyk
Ferifiearberens
Noaten
Biografyen fan libbene persoanen
De opbou fan in Wikipedybiografy
Taalhelp
It beneamen fan in side
Transliteraasje - en transkripsjegids
Alfabetisearjen
Ferfryskjen
Boarnemelding
Keppelings om utens
wetjouwing:
Auteursrjocht tekst
Auteursrjocht ôfbylden
Triemmen oanbiede
Privacybelied
Wikikette
Antwurd op in protte fragen
Oer de taal
boarne bewurkje
Yn hokfoar taal wurdt dizze wikipedy skreaun?
boarne bewurkje
Dizze wikipedy wurdt skreaun yn it
Westerlauwersk Frysk
. It soe net praktysk wêze en skriuw hjir ek siden yn it
Sealterfrysk
en it
Noardfrysk
. De measte minsken kinne net (maklik) alle Fryske talen lêze. Dus is der keazen om foar de
Fryske talen
aparte wikipedyen op te setten. Dat wol net sizze dat der gjin ûnderlinge kontakten bestean kinne soene tusken de trije Fryske wikipedyen..
Yn hokfoar dialekt wurdt dizze wikipedy skreaun?
boarne bewurkje
Wâldfrysk
Klaaifrysk
Noardhoeksk
Súdwesthoeksk
, of noch oare dialekten. As it mar Frysk is kin it hjir skreaun wurde.
Eltsenien is wolris te hastich mei feroarings, dat it kin barre dat eat wat goed is, feroare wurdt. Om't de Wikipedy gjin ûnderskied makket tusken dialekten, kin men gauris eat tsjinkomme yn in foarm sa't it yn it eigen dialekt net sein wurdt, dat it kin foarkomme dat it ien of oar dat geef Frysk is, dochs "ferbettere" wurdt. Oant no ta is wenst en set sa'n feroaring werom. As de oare wier mient dat it net goed is, dan kin dy dat oanjaan op de oerlisside fan it artikel. Besjoch al eltse feroaring apart. It kin wêze dat tagelyk mei it feroarjen fan jo Frysk ek saken oanpast binne dy't wol in ferbettering binne.
Oer Wikipedy en Wikipedia
boarne bewurkje
Wat is in Wiki?
boarne bewurkje
Sjoch
Wat is in wiki
Wat is Wikipedia?
boarne bewurkje
Sjoch
Wat is Wikipedia
Wannear is de Wikipedia begûn?
boarne bewurkje
Op 15 jannewaris 2001. In eardere ferzje fan de Wiki hat hiel koart bestien op Nupedia.com (fan 10 jannewaris ôf). It idee fan in troch Nupedia stipe wiki kaam út in petear wei tusken Larry Sanger en Ben Kovitz op de jûn fan 2 jannewaris. (Mear oer de
skiednis fan Wikipedia
.)
Wa is de eigner fan Wikipedia?
boarne bewurkje
De eigner fan de tsjinner, de domynnamme en fan alle oar Wikipediamateriaal is
Bomis
, Inc. Mar de ynhâld fan de siden is frijjûn ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje, dat alle siden binne publyk eigendom. Dat, te sizzen dat Bomis eigner is fan de Wikipedia is wat misliedsum. (Bomis-directeur Jimbo Wales soe it jo o sa presiis útlizze kinne.)
Hoe meitsje ik de Wikipedy bekender?
boarne bewurkje
It soe al wat wêze as jo in keppeling nei de Wikipedy ta op jo thússide sette, en faaks ek oaren dêr ta oantrune wolle. Of skriuw der eat oer yn in blêdsje fan in universiteit of hegeskoalle. Freegje websteebehearders in keppeling te meitsjen, freegje kunden harren witten op de Wikipedy te spuien, rop hoe geweldich oft it is mei te dwaan oan de Wikipedy, set in lytse advertinsje yn de krante, ensfh. Alles wat Wikipedy yn it omtinken bringt kin as stipe tsjinje.
Is it "Wikipedy" of "Wikipedia"?
boarne bewurkje
We skriuwe it trochelkoar. Mar om't der wikipedyen yn mear as ien taal binne liket it dat "wikipedy" de soartnamme wurdt, "De Wikipedy" de Fryske wikipedy oantsjut, en "Wikipedia" it folsleine Wikipedia projekt. As oer de ferskate wikipedyen sprutsen wurdt dan wurde dy gau oanjûn as Wikipedia En, Wikipedia Fy, Wikipedia Nl, ensfh., of koart as En:, Fy:, Nl:, om't keppelings fan de iene wikipedy nei de oare sa skreaun wurde.
Meidwaan mei de Wikipedy
boarne bewurkje
'Wat betsjutte
?- of reade keppelings?
boarne bewurkje
De
- of reade keppeling jout oan dat de side mei dy namme noch leech is. Jo kinne rêstich op sa'n keppeling klikke en begjinne oan in side oer dat mêd. Allinnich soene jo earst efkes sjen kinne of der net in side is mei itselde mêd, mar in justjes oare namme. Jo kinne dat better yn ’t foar kontrolearje as efterôf konstatearje dat jo foar in part dûbeld wurk dien hawwe. De sykfunksje kin hjir ek fan pas komme.
Sis ris wêrom ik meidwaan soe.
boarne bewurkje
Sjoch
rom soe ik meidwaan?
Binne der in soad regels?
boarne bewurkje
Wikipedia wurket mei sa min mooglik regels. Foar it funksjonearjen binne der al wat saken omskreaun dy't men wat yn it each hâlde moat. Dy fine jo op:
It beneamen fan in side
Keppelings om útens
Objektivens
en
Dochs wat regels
. Mar Uteinlik jildt::
Fiel jo frij en brân mar los
Hoe begjin ik mei in nije side?
boarne bewurkje
Sjoch
In nije side meitsje
Hoe kin ik in side oanpasse?
boarne bewurkje
Sjoch
Ienfâldich begjinne
Immen hat myn feroaring tebekset. Wat no?
boarne bewurkje
It kin barre dat minsken it net iens binne oer in stik tekst. Fansels moat dan besocht wurde om foar te kommen dat hieltyd deselde feroarings trochfierd wurde. Besjoch earst oft it mooglik is en feroarje de side op in oare manier. As it in misbegryp liket, dan kin de tekst faaks feroare wurde sa't dy dúdliker wurdt; as it om ferskillende fysjes giet, dan soenen dy beide opnaam wurde moatte. Is dat gjin oplossing, meitsje dan gebrûk fan de oerlissiden. Foar oerlis oer it begryp fan de side kin de oerlisside dy't dêr by heart brûkt wurde; oerlis oer taal kin men op de oerlisside fan de oare meidogger skriuwe.
Ik haw net safolle ynspiraasje. Wat kin ik dwaan?
boarne bewurkje
Sjoch foar mooglike mêden:
Ynspiraasje
Winske artikels
en faaks
Meiwurkje oan de Fryske Wikipedy
Mar hoe wit ik of ik de ynhâld fan dat boarnemateriaal samar oernimme kin foar de Wikipedy? Der stiet sa'n strange warskôging: "IT IS FERBEAN EN BRUK BESKERME MATERIAAL SUNDER TASTIMMING FAN DE RJOCHTMJITTIGE EIGNERS!", en ik wit net oft dat ek foar ús jildt.
boarne bewurkje
De ynhâld fan Wikipedia falt ûnder de
GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje
. Koartsein: Utsein as it materiaal (1) frij fan eigendomsrjochten en auteursrjochten is as (2) lykas Wikipedia falt ûnder de GNU Lisinsje, kin besteand materiaal
net
brûkt wurde. As jo net wis binne, nim dan oan fan net.
Of oerlis mei oaren op de Wikipedy. Jo soenen ek noch freegje kinne op
Intlwiki-L
. Fansels kinne jo wol de feiten oernimme, mar dy moatte jo dan op eigen wize formulearje.
Is der in adres foar oerlis bûten de siden fan de Wikipedy om?
boarne bewurkje
Ja. Sjoch
Diskusjelisten
WikiNL-l
(Nederlânsktalige wikipedy)
Intlwiki-L
(ynternasjonale wikipedyen)
Hoe kin/moat ik..?
boarne bewurkje
Hoe kin ik in keppeling nei in oare side yn 'e tekst oanbringe?
boarne bewurkje
Keppelings nei oare siden meitsje jo troch in dûbel fjouwerkant heakje om in wurd of groep wurden hinne te setten, bgl. Read is in
[[kleur]]
. (Dat smyt op: Read is in
kleur
.)
Hoe kin ik in wurd kursyf (skean) meitsje?
boarne bewurkje
In diel fan 'e tekst kursyf (skean) meitsje wurdt dien troch twa apostrofs oan it begjin en de ein te setten, bgl.
''Read''
is in kleur. (Dat smyt op:
Read
is in kleur.)
Hoe kin ik in wurd fet meitsje?
boarne bewurkje
In diel fan 'e tekst fet meitsje wurdt dien troch trije apostrofs oan it begjin en de ein te setten, bgl.
'''Read'''
is in kleur. (Dat smyt op:
Read
is in kleur.)
Hoe kin ik de titel fan in side kursyf (skean) meitsje? En wêrom soe ik dat wolle?
boarne bewurkje
In styl dy't in protte oanholden wurdt, is om titels fan dingen kursyf (
skean
) te skriuwen. Dat ferfangt de
klammerkes
(oanhellingstekens: "...") dy't by hânskriuwen brûkt wurde om oan te jaan wêr't in titel begjint en wêr't er einiget. Net alles is lykwols in titel. Boeken, films, telefyzje- en radioprogramma's, koarte ferhalen, gedichten, essays ensfh. hawwe titels. Prizen, bygelyks, ek as dy yn in bûtenlânske taal oantsjut wurde, hawwe gjin titel mar in namme. Itselde jildt foar bygelyks bedriuwen dy't nammen yn in oare taal hawwe. Dus:
De Koperen Tún
Cien años de soledad
en
The Unbearable Lightness of Being
, mar Academy Award, Spiel des Jahres en de Pixar Animation Studios. In útsûndering wurdt foarme troch de nammen fan skippen, dy't ornaris wer wol kursyf skreaun wurde (mar de byhearrende ôfkoarting net, dus bgl. de RMS
Titanic
of de USS
Nevada
). Ek foar de wittenskiplike (Latynske) nammen fan planten en bisten is it wizânsje om se kursyf te skriuwen, dus: de wolf (
Canis lupus
), of: de Amerikaanske hazze (
Lepus americanus
).
De titel fan in side kin kursyf (skean) makke wurde troch earne op 'e side
{{DISPLAYTITLE:''{{PAGENAME}}''}}
te setten. It gaadlikst is om dat ûnderoan te dwaan, krekt foar de kategory-yndieling, want oars jout it ekstra wytregel. As jo inkeld in diel fan 'e titel kursyf meitsje wolle, moatte jo spesifiker te wurk gean. As jo bgl. by de side
De Koperen Tún (roman)
allinnich de titel kursyf hawwe wolle en net de tafoeging "(roman)", dan kinne jo dat sa dwaan:
{{DISPLAYTITLE:''De Koperen Tún'' (roman)}}
. Dit systeem wurket ek om fan 'e earste letter fan 'e titel fan in side (dy't standert in haadletter is) in lytse letter te meitsjen, bgl.
{{DISPLAYTITLE:iPhone}}
Hoe kin ik in side wiskje? (Bygelyks ien dy't ik sels skreaun haw.)
boarne bewurkje
In fersyk fan in soad minsken: Wês sekuer mei siden dêr't jo net sels mei begûn binne, of dêr't oaren in wichtich part oan bydroegen hawwe. En almeast hoecht in side net iens wiske te wurden, mar allinnich op 'e bij beneamd. (Sjoch by de folgjende fraach.) Mar op himsels is der neat dat jo keare kin as jo alle tekst fan de side wiskje wolle. En troch op de titel op de side te klikken kinne jo sa de keppelings fine, en dy ek fuorthelje. Mar nochris, wês der wis fan dat jo dy tekst sûnder problemen wiskje kinne, en jou altyd oan wat jo dien hawwe, en wêrom.
En hoe kin de titel fan in side feroarje wurde?
boarne bewurkje
Meastentiids as jo in side hawwe dy fuort moat, kin dy side nei in better plak ferhuze wurde. Nim oan, immen skriuwt in fraai stik oer "Us Abe". In stee fan dy side te wiskjen kinne jo better de titel feroarje yn "Abe Lenstra". Sjoch
Titels feroarje
. As jo leauwe dat beide titels troch lêzers brûkt wurde sille, dan is it baas en meitsje in
Trochferwizing
fan de titel dy't net brûkt wurdt nei de oare.
Hoe kin ik it sykfjild brûke?
boarne bewurkje
Sjoch
Sykje
Wêr kin ik trochjaan dat der eat mis is op de Wikipedia?
boarne bewurkje
Skriuw it del op de
Brekmelding
-side, meld it oan in
behearder
, of skriuw in e-berjocht oan Jason Richey op jasonr AT bomis.com.
Hoe kin ik in begryp oanjaan dêr't ik graach in nije side oer hawwe wol op de Wikipedy?
boarne bewurkje
Skriuw de titel op
Winske artikels
Hoe wit ik oft ik alles goed stavere haw?
boarne bewurkje
Der binne in pear staveringprogramma beskikber. As jo sels in tekstbewurker mei in staveringhifker hawwe, dan kinne jo de tekst dêrhinne plakke en dêr de stavering neigean. As der feroarings binne, dan kinne jo dy ferzje werom kopiearje nei de bewurkingsside. Sjoch it al noch ris nei, foar it gefal dat jo it bygelyks op it ferkearde plak weromset hawwe. Sjoch ek
Helpmiddels
en
Wikipedy:Taalhelp
. Mar as der al ris flaters yn in tekst steane, dan binne der altiten oaren dy't dy ferbetterje kinne.
Hoe set ik foto's en yllustraasjes op myn siden?
boarne bewurkje
Wês der om te begjinnen wis fan dat jo it rjocht hawwe en brûk dat materiaal, want it wurdt direkt publyk eigendom as it op Wikipedia komt; sjoch
GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje
. Jo kinne in foto of yllustraasje oanbiede oan de tsjinner. Begjin mei it
oanbieden
fan in yllustraasje en folgje de ynstruksjes op. Of sjoch ek
Oersjoch wiki ynformaasje en behear
en
Keppelings om útens
. Kinne jo der net útkomme, freegje dan assistinsje op de
kommentaarside
of op de
Nederlânsktalige wikipedy
Wêr kin ik tekst feroarje dy't ik net yn in bewurkingsfjild krije kin?
boarne bewurkje
Der binne in tal
bysûndere siden
, lykas "
koartlyn feroare
", en de
oanmeldside
. Dat binne gjin gewoane siden fan de Wikipedy, mar dy wurde troch it programma oanmakke. En fierder makket it programma ek it rychje navigaasjekeppelings dat op alle siden stiet. Om't dat net echt op in Wikipedyside stiet, kin it ek net fan de Wikipedy út feroare wurde. As eat slim ferkeard is yn dy tekst, dan soenen jo in
behearder
frege kinne oft it programma faaks oanpast wurde kin, mar it kin net altyd direkt dien wurde.
Mar hoe kin ik dan in side feroarje dêr't "side skoattele" op stiet?
boarne bewurkje
De
behearders
hawwe de mooglikheid en beskoattelje in side, sadat net eltse meidogger dy samar feroarje kin. It soe moai wêze as dêr nea ferlet fan wêze soe, mar bart it alris, dan stiet der "side skoattele" dêr't oars "side bewurkje" stiet. De behearders hawwe wol tagong ta dy side, dat as it wichtich genôch is, kinne sy der wat op feroarje. Jo kinne dat op de oerlisside fan it artikel oanjaan.
Wêrom ...
boarne bewurkje
Wêrom soe ik in meidoggernamme ynstelle?
boarne bewurkje
As jo oanmeld binne as meidogger kinne jo jo
ynstellings
feroarje. En ynstee fan jo ynternetadres komt dan jo meidoggernamme efter jo bydragen te stean. Dat is ideaal at jo jo ynternetadres net sjen litte wolle, en it is ek wat minder ûnpersoanlik.
Wêrom brûkt de Fryske Wikipedy gjin berjochten mei oersjochslisten?
boarne bewurkje
Oersjochslisten binne better te plak op in oersjochside as op in side yn de list. Hja behannelje net wier it begryp fan sa'n side, en minske gean net faak fan de iene side út de list nei in oare út de list. Is der al in direkt ferbân, dan is der ek in oare keppeling. Dêrom hâlde wy ús by
Kategoryen
en listen op oersjochsiden.
Wêrom stiet der efter plaknammen yn Nederlân allinnich de Nederlânske namme?
boarne bewurkje
As in ierdrykskundige namme offisjeel Frysk, dan stiet der
(offisjeel Frysk)
efter it kaaiwurd. Dat is net om't dat as in wichtich part fan de ynhâld beskôgje, mar om foar te kommen dat lju tinke dat wy ferjitte de Nederlânske namme derby te setten.
As in ierdrykskundige namme offisjeel Nederlânsk is, dan stiet der allinnich de Nederlânske namme efter it kaaiwurd, om't de Fryske Wikipedy oars oeral "Nederlânsk" boppeoan de side hat.
At in ierdrykskundige namme offisjeel yn in oare taal is, dan stiet efter it kaaiwurd dy taal neamd, en dan dy ofsjele namme.
De earste rigel is net it stee foar in oersjoch fan alle talen dêr't it kaaiwurd yn oerset wurde kin. At dat wichtich is kin dat yn de tekst opnaam wurde, en oars yn it Wikiwurdboek.
Oare fragen
boarne bewurkje
Wêr kin ik wat freegje oer de struktuer of ynhâld fan in side?
boarne bewurkje
It de oerlisside! Eltse gewoane side hat altyd in keppeling "oerlis". Dat is in spesjale side dêr’t diskusje fierd wurde kin oer wat der stiet op de gewoane side.
Eltsenien kin hjir siden bewurkje. Hoe betrouber kin de ynhâld dan wêze?
boarne bewurkje
Wikipedia is in eksperiminteel mienskipsprojekt en is oars as alle oare ensyklopedyen op it web. We binne dêrtroch noch net wis fan it resultaat. It projekt waakst alle dagen, en eltsenien skaaft wat by. Us Wikipedy stiet noch yn de berneskuon, dus der is noch gjin beoardieling mooglik. De
Ingelsktalige wikipedy
is útgroeid ta ien fan de meast riedplachte digitale neislachwurken.
Kin de ien of oare malloat alles op Wikipedia wiskje?
boarne bewurkje
Nee, net samar. Allinne
behearder
kinne in side foargoed wiskje (dus ek de histoarje fan de side). It is wol sa dat eltsenien de tekst fan in side wiskje kin, mar dy kin ek daalk út it argyf weromhelle wurde. Siden bliuwe altyd fjirtjin dagen of langer yn it argyf en eltsenien kin dêr siden út werom sette. Boppedat wurde der regelmjittich ôfskriften makke fan de hiele tsjinner.
Minsken dy't mei opsetsin siden besykje te wiskjen ("fandalen"), kinne eins gjin skea tabringe dy’t net daalks werom draaid wurde kin. Mar se kinne wol fan de wiki ward wurde, sadat se fierder gjin oerlêst feroarsaakje.
Wat as twa minsken tagelyk mei ien side dwaande binne?
boarne bewurkje
As jo de earste binne dy't fêstleit dan fernimme jo der neat fan. Mar as jo de twadde binne, dan krije jo as jo in tekst oerlêze of fêstlizze wolle, de warskôging 'bewurkingskonflikt!' ('editing conflict!') op de side. Dan komt oan de boppekant fan de side de nije ferzje, dêr't jo jo ferzje dan yn ynfoegje kinne, en wer neisjen, en fêstlizze. (Binne der mear as twa minsken op ien side dwaande, dan wurdt de warskôging krekt wat oars.)
Ik haw spesjaal tastimming om in foto of in tekst op de Wikipedy te setten. Kin ik dat dan ek dwaan?
boarne bewurkje
De ynhâld fan Wikipedia falt ûnder de
GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje
. Allinne as dat materiaal ek ûnder sa'n oerienkomst falt, of dúdlik frij fan rjochten is, mei it brûkt wurde. Jo kinne fansels jo eigen foto's, grafiken en wat al net brûke, mar dat betsjut al dat jo oaren dêrmei tastimming jouwe it ûnder GNU/FDL te fersprieden.
Kin ik keppelings nei oare siden meitsje sûnder de ynhâld yn de Wikipedy oer te nimmen?
boarne bewurkje
Sjoch
Keppelings om utens
Hoe kin ik op in side bûten Wikipedia in keppeling nei de Wikipedy meitsje.?
boarne bewurkje
Jo soene in gewoane keppeling nei de haadside fan de Wikipedy (
) meitsje kinne, of nei de (Ingelsktalige) haadside fan it projekt
. Of jo soenen nei de Nederlânsktalige (
) of de Ingelsktalige (
ferzje keppele kinne. Dêr kinne nijkommers better sjen hokfoar side oft it is, en faaks fine se dat dan sa moai dat se daalks meidwaan wolle. As it beslist in keppeling nei de ien of oare side wêze moat, dan is der fansels nimmen dy't jo keare sil. Mar dan soe it al aardich wêze en foegje ek in keppeling ta nei de haadside, mei in koarte omskriuwing derby. Kinst ek in Wiki-kopbyld meitsje, of dy fan de Wikibehearder brûke. Sjoch ek:
'Publiciteit' op Wikipedia NL
Kin ik grutte stikken fan de Wikipedy spegelje op myn side, en faaks wat oanpasse?
boarne bewurkje
Jo kinne spegelje wat jo wolle. Wiki-ynhâld is publyk eigendom. (sjoch de GNU/FDL-Lisinsje).
Kin ik letter gewaar wurde wat der bard is mei siden dêr't ik ea oan wurke ha?
boarne bewurkje
Jo kinne op
Koartlyn feroare
en Sideskiednis sjen hokfoar siden feroarje, en hoe't se feroare binne. En jo kinne jo siden folgje, troch se op jo folchlist te setten.
En kin ik myn feroarings ek op in rychje krije?
boarne bewurkje
Ja, dat kin troch yn de list fan
koartlyn feroare
siden op jo meidoggernamme te klikken, of oars yn de meidoggerlist. Dan krije jo in list mei allinnich de oanpassings dy't jo dien hawwe. (Datselde kin ek foar oare Wikipedianen.) Op de side fan eltse meidogger stiet ek in keppeling nei de bydragen.
Is der ek in
CPAN
-module foar sykjen yn Wikipedia?
boarne bewurkje
Ed Summers hat
WWW::Wikipedia
skreaun.
Mar as jo gewoan in side opfreegje wolle, dan kin dat ek mei dit stikje
Perl
skript. (Hjir is it foar
Haadside
, mar de
$side
fariabele kin feroare wurde foar oare siden. As jo ienkear de side koade hawwe dan binne Perl "regular expressions" jo freonen om wiki-keppelings te finen.
#!/usr/bin/perl
use LWP;

&side= 'Haadside';
&taal= 'fy';

$browser = LWP::UserAgent->new();
$url = "http://" .$taal .".wikipedia.org/wiki/" .$side;
$webdoc=$browser->request(HTTP::Request->new(GET => $url));
if ($webdoc->is_success) #...dan is de side ophelle
print $webdoc->title, "\n\n"; # side titel
print $webdoc->content, "\n\n"; # side tekst
Alle (Fryske) Wikipedia siden binne fansels berikber mei "
", en dan it mêd (in spaasje wurdt in ûnderstreek, bysûndere tekens wurde skreaun lykas dat altyd bart in URL-s).
Opfrege fan "
Kategory
Wikipedy
Wikipedy
FAQ
Nij mêd